De Ieren (Iersk: Éireannaigh, Gaeil, Ulster-Skotsk: Erse fowk) foarmje in befolkingsgroep dy 't (oarspronklik) foarkomt op it noardwestlike Europeeske eilân Ierlân.

Fersprieding fan Ieren oer de wrâld

Keltysk of net

bewurkje seksje

De ienige reden wêrom't Ierlân as Keltysk sjoen wurdt, is fanwege it feit dat it in Keltysk sprekkend lân is. It Iersk-Gaelysk is wol in Keltyske taal, mar dat is gjin bewiis genôch om beweare te kinnen dat Ierlân oerfallen is troch Kelten. Der binne in soad oare manieren wêrop in taal in lân berikt, en de taal soe yn Ierlân oankomd wêze kinne mei de hannel. Boppedat, beweare guon, soe de Ierske taal Ierlân berikt hawwe kinne doe't de earste minsken oankamen yn 10.000 f.Kr. De Ierske taal, of de Keltyske talen soene dan dus folle âlder wêze kinnen as hjoed-de-dei tocht wurdt.

Ierske diaspora

bewurkje seksje

Ierske emigranten hawwe har oer in grut part fan de wrâld ferspraat. Benammen op plakken dy't ûnderdiel foarmje of foarmen fan it Britsk Mienebest. It resultaat is dat de Ieren dy't yn Ierlân berne binne mar in lyts ûnderdiel foarmje (5 miljoen) fan it totaal tal minsken fan Iersk komôf (85 miljoen), wêrfan't de measten yn de Feriene Steaten wenje.

In list fan lannen en gebieten mei in grutte populaasje fan (diels) Iersk komôf:

  NODES