It Iersk of Iersk-Gealik is in Keltyske taal dy't yn Ierlân praat wurdt. Der binne 70.000 minsken dy't it Iersk as memmetaal ha. Likernôch 1,8 miljoen minsken oer de hiele wrâld prate it Iersk as twadde taal.

Hjoeddeiske Gaeltacht
Tink om 'e bern.

Neffens de grûnwet fan 1937 is Iersk de nasjonale en earste taal fan Ierlân. Sûnt 1 jannewaris 2007 is Iersk ien fan de offisjele talen fan de Europeeske Uny. Yn Noard-Ierlân is it Iersk by ferskillende ferdraggen erkend.

Net lang nei de ûnôfhinklikens fan Ierlân waard de Gaeltacht yn 1926 ynsteld. Yn de Gaeltacht kriten jildt it Iersk as haadtaal. De grinzen fan de Gaeltacht fan 1926 wienen fierstente rom, yn grutte dielen fan it gebiet wenne in Ingelsktalige mearderheid. Dêrom kaam der yn 1956 in nije Gaeltacht.

It âldste Iersk dat bekend is binne wat Ogam skriften út de fjirde iuw. Sûnt de ynfallen fan de Wytsingen yn de achtste iuw wie it Iersk net langer de iennichste taal fan it Ierske eilân. Lykwols bleau de ynfloed fan de Wytsingen navenant lyts omt hja yn isolearre mienskippen wennen tichtby de see. Fan it Ald-Ierske tiidrek dêr't tusken 600 en 900 sprake fan wie, binne aardich wat skriften oerlevere. It Ald-Iersk is in slimme standerttaal.

It Midiersk (tusken 900-1200) is wat de grammatika oanbelanget in stik ienfâldiger as it Aldiersk. Om 1200 hinne kaam der in nije groep Wytsingen op it eilân, mar dy hienen noch net folle ynfloed op it gebrûk fan it Iersk. Doe't de Ingelsken mear ynfloed krigen op it eilân kaam de taal stadichoan ûnder gruttere bûtenlânske drok te stean. Yn de 14e iuw waard it Frânsk as bestjoerstaal brûkt, en wie it Ingelsk allinnich yn de kriten fan Dublin (The Pale) te hearren. Troch de Ingelske oerhearskers waard de Ierske taal yn 1366 ferbean. Dochs prate healwei de 16e iuw suver elkenien op it eilân Iersk. Nei politike strideraasjes moast de Ierske adel yn 1607 fuort. Dêrnei wurdt de posysje fan it Ingelsk hieltyd wichtiger op it eilân en rint it brûken fan de taal stadichoan tebek.

De grutste tebekset foar it Iersk wie de grutte hongersneed (1845–49). Yn 1841 wennen der 8,1 miljoen minsken op it eilân, wêrfan de helte Iersk prate koe. Yn 1851 prate noch mar in fearnspart fan de befolking Iersk. Yn 1901 wennen der noch mar 3,5 miljoen minsken op it eilân. De hongersneed sloech it hurdste ta op it lân, dêr't de Ierske taal it machtichst wie. Neffens in folkstelling fan 2006 kinne 1,66 miljoen minsken (40,8 % fan de befolking) Iersk prate. Der binne net mear as 70.000 minsken dy't it Iersk as memmetaal ha, mar dy't it net alle dagen brûke. By de folkstelling fan 2006 seinen 53.471 minsken dat sy alle dagen Iersk praten.

Frysk wêr njoggen fjouwer blom nuddel tiid read lju fiif
Iersk fír naoi ceathair bláth snáthaid aimsir dearg - cúig

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Ierske taal – foto, fideo en harktriemmen
  NODES
Done 1
see 2