De interface makket in kompjûterprogramma sichtber en bestjoerber. Hy set de fuortgong fan it kompjûterjen om yn tekst en/of byld. Sa wurke de interface fan de earste bestjoeringsprogramma's, bygelyks DOS, noch folslein mei tekst. Mar al rillegau kaam yn 1985 it bestjoeringsprogramma Windows mei it gebrûk fan finsters en byldkaikes.

De interface is in keppelstik of -programma, dat de funksje hat eat oer of om te setten. Sa'n keppelstik docht soks meganysk en dat kompjûterprogramma troch bygelyks it iene koadeformaat yn it oare oer te setten.

Kompjûterspultsjes

bewurkje seksje

Ek by kompjûterspultsjes is de interface fan it grutste belang. Hoe fierder de ûntwikkeling fan dy spultsjes giet, nammerste moaier wurdt de útfiering fan de interfaces. By dy spultsjes giet it benammen om de ynteraktive skyl fan it kompjûterprogramma.

  NODES