In isoglosse, fan it Aldgrykske ἴσος ísos "gelyk" en γλῶσσα glōssa "taal, dialekt, spake", of in wurdgrins is in grins yn in taalgebiet fan in bepaalde taalkundige eigenskip, sa as bygelyks de útspraak fan in fokaal, de betsjuttenis of in foarm fan in wurd. Dialekten wurde gauris yndield op grûn fan in "isoglossebondel", sa as de Benrather Liny dy't de Heechdútske dialekten fan de oare Westgermaanske dialekten skiedt, en de La Spezia-Rimini-Liny dy't de Italjaanske dialekten fan de Westromaanske dialekten skiedt. Te ferlykjen mei in isoglosse is in isograaf dat in ûnderskiedende eigenskip is yn in alfabet. Beide begripen wurde brûkt yn de histoaryske taalkunde.

Isoglossen op de Fêreu-eilannen

De Benrather Liny is part fan in isoglossebondel dy't de skieding foarmet tusken de Heechdútsk dialekten, dy't de Heechdútske lûdferskowing ûndergien hawwe, fan de oare Westgermaanske dialekten dy't dat net ûndergien hawwe. Hy is de grins tusken machen en maken. De Uerdinger Liny markearret de grins tusken ich/ech en ik/ek. De Spierske Liny of Mainliny foarmet de grins tusken Apfel en Appel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Literature op dizze side.

  NODES