It Geheim fan Lord Jim

It Geheim fan Lord Jim, yn it oarspronklike Ingelsk: Lord Jim, is in roman fan 'e hân fan 'e Poalsk-Britske skriuwer Joseph Conrad (1857-1924). It ferhellet oer de seeman Jim, dy't yn syn jonkheid mei de rest fan 'e bemanning in passazjiersskip yn need oan syn lot oerlitten hat. It boek folget syn lettere besykjen om mei himsels en syn ferline yn it reine te kommen. Lord Jim waard foar it earst publisearre yn 1900, doe't de roman fan oktober oant novimber as fúljeton yn it tydskrift Blackwood's Magazine ferskynde. De Fryske oersetting, fan Geart fan der Mear, waard publisearre yn 2017.

It Geheim fan Lord Jim
algemiene gegevens
oarspr. titel Lord Jim
auteur Joseph Conrad
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre psychologyske roman
1e publikaasje 1900
oarspr. útjwr. Blackwood's Magazine
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Geheim fan Lord Jim
publikaasje 2017, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Geart fan der Mear
ISBN oers. 978-9 08 95 49 792

Jim is in jonge Ingelske dûmnyssoan dy't in bestean as seeman begûn is en dreamt fan heldhaftige dieden. As er oan it opbetterjen is fan in ferwûning, meunsteret er as earste stjoerman oan op 'e Patna, in steamskip dat as ferfier tsjinnet foar 800 islamityske pylgers ûnderweis nei in haven oan 'e Reade See. Nei in stikmannich dagen dat alles goed giet, rekket it skip by nacht it ien of oar, slacht lek en begjin fol te rinnen mei wetter. De kaptein, Gustav, is derfan oertsjûge dat it skip sinke sil, en Jim is dat mei him iens. Jim wol lykwols besykje de passazjiers te helpen, wylst de kaptein en de oare ofsieren der inkeld oan tinke om sels it faaie libben derôf te rêden. Foar de kar steld om oan board fan it sinkende skip te bliuwen of mei de kaptein en de oare ofsieren stilwei út te piken yn in rêdingssloep, nimt Jim de ferkearde beslissing en springt yn 'e sloep.

In pear dagen letter wurde se oppikt troch in oar skip, mar as se de haven berikke, docht bliken dat de Patna en de passazjiers feilich oan lân kommen binne nei't it skansearre skip troch in Frânsk marineskip op sleeptou nommen is. It hâlden en dragen fan kaptein en ofsieren is folslein tsjin 'e koade fan 'e see yn, dat Gustav, Jim en de oare ofsieren wurde yn 'e publike opiny ôfmakke. Gustav-en-dy pike op 'e nij út, diskear foar't se berjochte wurde kinne. Jim is it iennichste bemanningslid dat efterbliuwt en tsjûget. Alle ofsieren fan 'e Patna ferlieze harren sertifikaten om as seeman te wurkjen.

De rjochtsaak wurdt bywenne troch kaptein Charles Marlow (de ferteller fan it ferhaal), dy't sadwaande mei Jim yn 'e kunde komt. Hy feroardielet Jim syn leffe die, mar is tagelyk yntrigearre troch de jongeman. Tramtearre troch skuldgefoelens bekent Jim syn skamte en selswalging oan Marlow, dy't him helpt troch in plak foar him te finen om te wenjen yn it hûs fan in freon. Jim wurdt dêr akseptearre, mar hy jout him hommels ôf as in oar âld-bemanningslid fan 'e Patna dêr komt te wurkjen. Neitiid fynt er wurk as klerk foar skipsleveransiers yn havens yn 'e Yndyske Arsjipel, dêr't er ferskate kearen in súksesfol bestean opbout, mar dan alles wat er opboud hat fan it iene momint op it oare efterlit as de Patna neamd wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Jim yn Bangkok slaanderij kriget, beseft Marlow dat er ferlet hat fan in nij om-en-by, eat dat him út moderne havens weihelje sil en dwaande hâlde sil, sadat er einlings syn skuldgefoelens ferjitte kin. Marlow befreget syn freon Stein oer de mooglikheden. Dyselde sjocht yn Jim in romantikus en biedt him oan om syn hannelsfertsjintwurdiger te wurden yn Patusan, in doarp op in ôfhandich eilân dêr't net folle Westerlingen komme. Dat liket Jim skoan ta.

Oankommen yn Patusan, dat bewenne wurde troch etnyske Maleiers en Bûginezen, wit Jim it respekt fan 'e pleatslike befolking te winnen troch dy te beskermjen tsjin 'e praktiken fan 'e bandyt Sherif Ali en de korrupte Maleiske haadman Rajah Tunku Allang. Hy bout in freonskip op mei Doramim, de Bûgineeske haadman en goekunde fan Stein, en teffens mei dy syn soan Dain Waris. De minsken yn Patusan begjinne him "tuan Jim" ("hear Jim") te neamen. Hy wit ek de leafde te winnen fan Jewel, in jonge healbloed-frou, en fielt himsels "tefreden… hast." Marlow docht in kear Patusan oan nei't Jim dêr twa jier taholden hat, en is tsjûge fan syn súkses.

Jewel leaut lykwols net dat Jim foargoed bliuwe sil, mei't har blanke heit ek har ynlânske mem ferlitten hat, en se mient dat meitiid Marlow of in oarenien delkomme sil om him mei te nimmen by har wei. Har mem wie foar har ferstjerren troud mei in Cornelius, dy't foàr Jim de hannelsfertsjintwurdiger fan Stein yn Patusan wie. Cornelius is in loaie, jaloerske, wrede man, dy't syn styfdochter min behannele en hannelsguod fan Stein stiel om sels te ferkeapjen. Dat Stein him oan 'e kant set hat yn it foardiel fan Jim, makket dat er in djippe wrok tsjin Jim koesteret.

Op in dei, as Jim net yn it doarp oanwêzich is, arrivearret kaptein Brown yn Patusan, in seerôver dy't berucht is om syn boasaardigens. De ferdigeners fan Patusan, ûnder lieding fan Dain Waris, witte de plondering fan harren wenplak foar te kommen en hâlde Brown en syn úthongere bemanning besingele. As Jim weromkeart, wit Brown lykwols mei bedragerij syn genede te winnen. Hy soarget derfoar dat Brown en syn mannen har frij yn Patusan bewege kinne, mar hy bringt Brown yn 't sin dat de lange wei rivierôf nei de see bewekke wurde sil troch bewapene manlju, sadat er Patusan net ferlitte kin.

Cornelius sjocht yn 'e oankomst fan Brown lykwols syn kâns skoan om wraak te nimmen op Jim. Hy fertelt Brown oer it bestean fan in sydkanaal fan 'e rivier dat him by it meastepart fan 'e ferdigeners lâns liede sil. Brown brûkt it sydkanaal om fuort te kommen en hâldt ûnderweis nei see ho om 'e ferdigeners yn 'e rêch oan te fallen. Dêrby komme ferskate lju út Patusan te sneuveljen, ûnder wa Dain Waris. Brown sylt fuort, mar lit Cornelius yn Patusan efter. Neitiid beseft Jim syn trouwe feint Tamb' Itam de rol dy't Cornelius spile hat en fermoardet him.

Jim rekket op 'e nij tramtearre troch skuldgefoelens as er fan 'e dea fan syn freon Dain Waris heart, en beslút Patusan te ferlitten. Jewel, dy't Jim oanfitere hie om fuortendaliks mei Brown en syn mannen ôf te weven, is yn alle steaten. Jim bringt in besyk oan Doramim om 'e ferantwurdlikheid foar de dea fan 'e ienlingssoan fan 'e âlde haadman op him te nimmen, mar Doramim ferjout him net en sjit him ynstee dea mei de pistoalen dy't er fan Stein krigen hie. Marlow arrivearret in pear dagen letter by Stein, dêr't er Jewel en Tamb' Itam oantreft en wiis besiket te wurden út harren ferhalen. Jewel bliuwt neitiid yn it hûs fan Stein.

Histoaryske basis

bewurkje seksje

De foarfallen yn it begjin fan it boek lykje sa sterk op beskate wiere foarfallen, dat it hast net oars kin of Conrad moat se der op basearre hawwe. Op 17 july 1880 fear de SS Jeddah út Singapoer fia Penang nei Djedda, yn wat no Saûdy-Araabje is, mei oan board 778 manlju, 147 froulju en 67 bern dy't op 'e hadj (islamityske beafeart) nei Mekka wiene. It skip sylde ûnder Britske flagge en hie in bemanning dy't ûnder lieding stie fan Britske ofsieren. De passazjiers wiene etnyske Maleiers.

Yn it westlike part fan 'e Yndyske Oseaan rekke de SS Jeddah yn rûch waar lek, en doe't it folrinnende skip oer de side begûn te hingjen, pykten de kaptein en de oare ofsieren yn in rêdingssloep út. De passazjiers lieten se oer oan harren lot, dat in wisse dea troch ferdrinking liek te wêzen. Se waarden oppikt troch in oar skip, dat harren nei Aden brocht, no yn Jemen, mar doe in Britske koloanje. Dêr fertelden se in ferhaal fan gewelddiedige passazjiers en in sinkend skip.

Op 8 augustus 1880 fear der lykwols in Frânsk steamskip de haven fan Aden yn, dat de skansearre mar noch altyd driuwende SS Jeddah op sleeptou nommen hie. Alle pylgers oerlibben harren hachlike aventoer. De Britske autoriteiten yn Aden namen de saak heech op en der waard in offisjeel ûndersyk nei de kaptein en de ofsieren fan it skip ynsteld. It personaazje fan Jim liket op 'e earste stjoerman fan 'e SS Jeddah basearre te wêzen, in Augustine Podmore Williams, ropnamme Austin, waans grêf yn 1992 troch Gavin Young opspoard waard op it Bidadari Begraafplak yn Singapoer foar syn boek In Search of Conrad. Krekt as Jim yn 'e roman skoep Williams in nij libben foar himsels troch werom te kearen nei Singapoer en in súksesfol skipsleveransier te wurden.

Lord Jim waard twa kear ferfilme:

Fierders wie de Hindytalige Yndiaaske film Kaala Patthar, út 1979, foar in diel op it ferhaal fan Lord Jim basearre.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Lord Jim waard yn 2017 ûnder de titel It Geheim fan Lord Jim yn it Frysk oerset troch Geart fan der Mear. Dy fertaling waard útbrocht by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, en kaam ta stân mei finansjele stipe fan 'e Stichting Kristlik Frysk Folksboek, de Douwe Kalmastifting en de Provinsje Fryslân. Fan der Mear sette ek inkele oare boeken fan Conrad oer yn it Frysk, te witten: Sulver en Minsken en De Oerwinning.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Conrad, Joseph, It Geheim fan Lord Jim (oers. Geart fan der Mear), Ljouwert, 2017 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 49 792.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES