Ivoarkust

lân yn Afrika
République de Côte d'Ivoire
Flagge fan Ivoarkust Wapen fan Ivoarkust
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ivoarkust
Offisjele taal Frânsk
Haadstêd Yamoussoukro
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
322.460 km²
1,4­%
Ynwenners 26,3 miljoen
Munt CFA-frank (XOF)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 7 augustus
Lânkoade CIV
Ynternet .ci
Tillefoan 255

Ivoarkust is in lân yn Afrika. De haadstêd is Yamoussoukro.

Savanne op de heechflakte fan Ivoarkust.

It lân wurdt begrinze troch:

De kuststripe wurdt yn it easten omjaan troch in goardel fan langunes. Fan de kust ôf rint it lân stadich omheech nei in hichte fan likernôch 300-400 meter. Dizze heechflakte beslagget om-ende-by de helte fan it lân út en is bedekt mei fochtige savannen.

De kuststripe wurdt yntinsyf brûkt foar lânbou. De natoerreservaten en de strannen binne de wichtichste reisdoelen foar toeristen.

Ivoarkust hat in tropysk klimaat.

Al yn de 15e iuw waard Ivoarkust kolonisearre troch Portegezen. De Frânsken stiften yn de 18e iuw delsettings bylâns de kuststripe en fêstigen harren yn grutte tallen yn de neikommende iuw. Yn 1893 waard Ivoarkust skieden fan Senegal dat ek in Frânske koloanje wie en yn 1906 makke it diel út fan Frânsk West-Afrika.

Yn de Twadde Wrâldkriich keas it koloniale bestjoer de side fan de Frije Frânsken en tsjin it Vichy-rezjym fan maarskalk Petain. Nei de kriich waard Frânsk West-Afrika in oerseesk territoarium fan de Frânske republyk. Yn 1958 waard Ivoarkust in selsstannige republyk binnen de Frânske Federaasje en sûnt 1960 alhiel ûnôfhinklik fan Frankryk.

Felix Houphouët-Boigny wie de earste presidint fan de republyk. Hy makke fan Ivoarkust in ienpartijsteat dêr't allinnich de PDCI/RDA tastien wie. Syn bewâld wie net echt demokratysk. Hy bleau oant 1993 yn it seal.

 
Côte d'Ivoire

Ekonomysk sjoen line Ivoarkust sterk op Frankryk en it Ynternasjonaal Monetêr Fûns. Doe't oan it begjin fan de tachtiger jierren de opposysje him begûn te roeren moast Houphouët-Boigny stadichoan mear frijheden tastean. Yn 1990 waard it mearpartijestelsel ynfierd. Houphouët-Boigny ferstoar yn 1993 en waard opfolge troch partijmaat Henri Conan Bédié. Yn 1996 berjochte Amnesty International dat yn de 3 jier dat troch Bédié regeard waard der mear minsken finzen nomd wiene as ûnder de 33 jier fan Houphouët-Boigny. Bédié waard troch in militêre kûp yn 1999 oan de kant skood en op 26 oktober 2000 waard Laurent Gbagbo presidint.

Yn 2001 wie der op 'e nij in kûp dy't lykwols mislearre en yn 2002 makke it leger oproer. As gefolch hjirfan ûntstie in boargerkriich tusken de regeringstroepen út it kristlike suden en ferskate rebelske-groepen út it islamytske noarden. Yn 2003 kaam nei fredesûnderhannelingen in regearing fan nasjonale ienheid. Troepen fan de Feriene Naasjes hâlden dêrby tafersjoch. Lykwols is de situaasje dêrnei al wer ferskate kearen út de hân rûn. Op 6 septimber 2006 gong de regearing tydlik ôf, mar kearde koarte tiid letter al tebek yn sawat ûnferoare gearstalling.

Goed 76% fan de befolking wurdt as Ivoariaansk beskôge. Sy hearre ta ferskate taalgroepen, û.o. de Kwa, Kru, Mande, en Gur. De offisjele taal is it Frânsk. Allinnich yn de ekonomysk wichtige havenstêd Abidjan praat de mearderheid fan de minsken it Frânsk as memmetaal.

Neffens oare lannen yn West-Afrika is Ivoarkust ekonomysk fierder ûntwikkele as de omlizzende lannen en as gefolch dêrfan is sawat 20% fan de befolking út arbeiders ôfkomstich út Libearje, Burkina Faso en Guinee. Yn de ôfrûne perioade kamen hjirtroch mear spanningen yn it lân, omdat it meastepart fan dizze arbeiders moslims binne wylst it ekonomysk sterkere suden benammen kristlik (katolyk) en animist is. Goed 4% fan de befolking is net fan Afrikaanske komôf, it giet benammen om Frânske, Ingelske, en Spaanske boargers. Yn novimber 2004 hawwe om-ende-by 10 000 Frânske en oare bûtenlanners as gefolch fan de tanimmende ûnfeiligens Ivoarkust ferlitten.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

Ivoarkust is ûnderferdield yn 19 regio's, dy't mei-inoar út 58 departeminten besteane:

# Regio Haadstêd Kaart
1 Agnéby Agboville  
2 Bafing Touba
3 Bas-Sassandra San-Pédro
4 Denguélé Odienné
5 Dix-Huit Montagnes Man
6 Fromager Gagnoa
7 Haut-Sassandra Daloa
8 Lacs Yamoussoukro
9 Lagunes Abidjan
10 Marahoué Bouaflé
11 Moyen-Cavally Guiglo
12 Moyen-Comoé Abengourou
13 N'zi-Comoé Dimbokro
14 Savanes Korhogo
15 Sud-Bandama Divo
16 Sud-Comoé Aboisso
17 Vallée du Bandama Bouaké
18 Worodougou Séguéla
19 Zanzan Bondoukou

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES
INTERN 1