Jacques Cartier (Frânske útspr.: [ʒak kaʁˈce], likernôch: "zjak kach-tjee"; Bretonsk: Jakez Karter; Saint-Malo, 31 desimber 1491 – dêre, 1 septimber 1557) wie in Frânsk seeman en ûntdekkingsreizger fan etnysk Bretonsk komôf. Tusken 1532 en 1542 makke er trije reizen nei it noardeastlike kustgebiet fan Noard-Amearika, dêr't er as earste de Saint Lawrencebaai yn kaart brocht en de rivier de St. Lawrence folge oant yn it binnenlân. Dat gebiet neamde er it "Lân fan 'e Kanada's", nei de beide grutte Irokeeske delsettings dy't er seach op 'e plakken dêr't no de stêden Kebek en Montreal lizze. Dêrmei is Cartier de nammejouwer fan Kanada. Hy naam it streamgebiet fan 'e St. Lawrence yn besit foar de Frânske Kroan en lei dêrmei de grûnslach foar de lettere Frânske koloanje Nij-Frankryk, dêr't de hjoeddeistige Frânsktalige Kanadeeske provinsje Kebek út fuortkomt.

Jacques Cartier
In foarstelling fan Jacques Cartier op in skilderij fan Théophile Hamel fan omtrint 1844. Der besteane gjin kontemporêne portretten fan Cartier.
In foarstelling fan Jacques Cartier op in skilderij fan Théophile Hamel fan omtrint 1844. Der besteane gjin kontemporêne portretten fan Cartier.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacques Cartier
oare namme Jakez Karter (Bretonsk)
nasjonaliteit Bretonsk (oant 1532)
Frânsk (fan 1532 ôf)
berne 31 desimber 1491
berteplak Saint-Malo (Bretanje)
stoarn 1 septimber 1557
stjerplak Saint-Malo (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
berop/amt seeman
aktyf as Untdekkingsreizger
jierren aktyf 15321542
reden
  bekendheid
earste Jeropeaan dy't it binnen-
lân fan Noard-Amearika oandie

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Iere jierren

bewurkje seksje

Cartier waard yn 1491 berne yn 'e havenstêd Saint-Malo, oan 'e kust fan it It Kanaal, yn it noardeasten fan wat doe it ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje wie. Hy groeide dêr op en folge in wurkpaad as seeman. Hy klom al op jonge leeftyd op ta kaptein, dêr't er respekt en oansjen mei wûn. Syn maatskiplike status bettere noch fierder op troch syn houlik, yn 1520, mei Marie Catherine des Granches, in telch út in tige foaroansteand laach yn Saint-Malo.

Oer it libben fan Cartier foarôfgeande oan syn earste ûntdekkingsreis yn 1534 is net folle bekend, mar hy wie yn elts gefal in betûft seeman. Yn dy hoedanichheid hied al op 'e fiskgrûnen fan 'e Nijfûnlânske Undjipten west, dêr't kabbeljau fongen waard, en ek yn Brazylje. Dat er yn Saint-Malo op in tige goede namme lei, blykt út hoe faak oft er as peetheit of tsjûge behelle wie doopseremoanjes (lykas fêstlein yn 'e doopregisters fan 'e pleatslike tsjerken).

 
De earste reis fan Jacques Cartier.

Earste reis (1534)

bewurkje seksje

Begjin 1534, twa jier nei't it Hartochdom Bretanje formeel anneksearre wie troch it Keninkryk Frankryk, waard kening Frâns I mei Cartier yn 'e kunde brocht troch Jean Le Veneur, de biskop fan Saint-Malo en abt fan Mont-Saint-Michel. De kening hie earder yn 1524 de Florentynske ûntdekkingsreizger Giovanni da Verrazzano útnûge (hoewol net formeel yn 'e tsjinst nommen) om foar Frankryk de eastkust fan Noard-Amearika te ferkennen (wêrfan't men doedestiden noch altyd miende dat it om in diel fan Aazje gie). Le Veneur helle yn it petear mei Frâns I de reizen fan Cartier nei Nijfûnlân en Brazylje oan om syn geskiktheid oan te tsjutten foar it liedingjaan oan inkele skippen dy't op in ûntdekkingsreis nei Noard-Amearika útstjoerd wurde soene. De kening liet him oertsjûgje, en Cartier krige opdracht ta sa'n reis.

Op 20 april 1534 sette Cartier ôf út Frankryk oer de Atlantyske Oseaan, mei as opdracht om te besykjen in Noardwestlike Trochfeart te finen nei de rike hannelsmerken fan East-Aazje. De reis oer de oseaan naam tweintich dagen yn beslach. Op 10 maaie arrivearre er by it eilân Nijfûnlân, en sette er útein mei syn ferkennings. Cartier sylde yn noardwestlike rjochting by de eastkust fan Nijfûnlân lâns, ûntdiek de Strjitte fan Belle Isle tusken it eilân en it fêstelân fan Labrador, gie dy troch en kaam sa út yn 'e Saint Lawrencebaai. Hy folge de westkust fan Nijfûnlân nei it suden en stiek doe yn westlike rjochting troch de baai nei de Magdalena-eilannen. By in tuskenstop dêre op in pear eilantsjen dy't er Îles aux Oiseaux (de "Fûgeleilannen") neamde (no it Kanadeeske federale fûgelreservaat Roches-aux-Oiseaux), slachten hy en syn bemanning sa'n 1.000 seefûgels ôf, foar it meastepart flechtleaze grutte alken (dy't no útstoarn binne).

Fan 'e Magdalena-eilannen fear Cartier súdwestlik nei de westpunt fan Prins Edwerteilân, dêr't er wei oerstiek nei it fêstelân fan wat no Nij-Breunswyk is. Dêre, oan 'e noardkant fan 'e Chaleurbaai, hied er syn earste beide moetings mei de lânseigen befolking fan Noard-Amearika. It gie dêrby nei alle gedachten om etnyske Mikmak. De moetings duorren mar koart, mar der waard wat ruilhannel by bedreaun. Neitiid folge Cartier de kust fan it Gaspéskiereilân nei it noarden, wêrby't er oan 'e igge fan 'e Gaspébaai in trêde moeting mei Yndianen hie.

 
De skippen fan Jacques Cartier op in Kanadeeske postsegel út 1908.

Diskear gie it om in groep Saint Lawrence-Irokezen (in etnyske groep dy't letter alhiel útstoarn rekke is). Op 24 july plante Cartier op it plak fan dy moeting in tsien meter heech krús, dêr't de wurden "Lang Leve de Kening fan Frankryk" ynkurven wiene, ta teken dat er it gebiet foar de Frânske Kroan yn besit naam. Dat wie it oanbegjin fan 'e Frânske koloanje Nij-Frankryk. Dat neitiid de stimming mank de Yndianen omsloech, wie in dúdlik teken dat se begriepen wat er mei syn dwaan bedoelde. Cartier naam twa soannen fan 'e lieder fan 'e groep Yndianen yn gizeling, dy't him letter nei syn eigen sizzen ferteld hawwe soene dat it Gaspéskiereilân yn harren taal Honguedo neamd waard. Nei ûnderhannelings stimde de Yndiaanske foaroanman dermei yn dat Cartier syn soannen meinaam, op betingst dat se mei Jeropeeske hannelswaar weromkeare soene.

Fan Gaspé stiek Cartier yn noardlike rjochting oer nei de súdkust fan it grutte eilân Anticosti, dat er trijefearns rûnfear. Hy folge de súdkust fan wat no de Kanadeeske provinsje Kebek is yn eastlike rjochting werom nei de Strjitte fan Belle Isle en fear dêrwei wer nei Jeropa. Hy kearde yn septimber 1534 werom yn Frankryk yn 'e folle oertsjûging dat er it iene of oare Aziatyske lân besocht hie.

 
De twadde reis fan Jacques Cartier.

Twadde Reis (1535–1536)

bewurkje seksje

It folgjende jier, 1535, sette Cartier mei trije skippen, 110 bemanningsleden en syn beide Yndiaanske gizelders út Frankryk ôf foar in twadde reis nei wat eins Noard-Amearika wie. Dêr oankommen fear er wer fia de Strjitte fan Belle Isle de Saint Lawrencebaai binnen, folge de súdkust fan Kebek by Anticosti lâns en ûntdiek de mûning fan 'e rivier de St. Lawrence, dy't er in jier earder straal foarbyfearn wie. Doe't er de rivier opfear, berikte er Stadacona (no de stêd Kebek), in delsetting fan 'e Saint Lawrence-Irokezen dêr't it opperhaad Donnacona hearske. Dêr liet Cartier syn beide gruttere skippen efter om mei it lytste fierder streamop te farren oant er op 2 oktober 1535 yn 'e mânske Saint Lawrence-Irokeeske delsetting Hochelaga (no Montreal) arrivearre.

Hochelaga wie in folle grutter plak as it doarpke Stadacona, en der klofte in mannichte fan mear as tûzen lju oan 'e riviersigge gear om 'e Frânsen te ferwolkomjen. It krekte plak fan 'e oankomst fan Cartier-en-dy is mei wissichheid fêststeld as it begjin fan 'e Sainte-Marie Sault, dêr't de nei him ferneamde brêge no leit. Mei't de St. Lawrence boppe Hochelaga blokkearre wie troch streamfersnellings, koe de ekspedysje mei it skip net fierder it binnenlân yn. Dat wie foar Cartier in bittere teloarstelling, want hy wie der hillich fan oertsjûge dat de St. Lawrence de sochte Noardwestlike Trochfeart wie, en dat de streamfersnellings alles wiene dat him it paad nei Sina (Frânsk: la Chine) tichtsette. Dêrfandinne dat dy streamfersnellings neitiid de Lachine Rapids kamen te hjitten en de delsetting by de streamfersnellings Lachine.

 
De plakette op it fuotstik fan it stânbyld fan Jacques Cartier yn 'e stêd Kebek.

Nei't se twa dagen yn Hochelaga trochbrocht hie, kearden Cartier-en-dy werom nei de rest fan 'e ekspedysje yn Stadacona, dêr't se op 11 oktober oankamen. Mei't it tsjin dy tiid te let yn it jier wie om 'e oerstek fan 'e Atlantyske Oseaan werom nei Jeropa te weagjen, bouden Cartier en syn mannen by Stadacona in fort om yn te oerwinterjen. Fan mids novimber oant april 1536 leine de Frânske skippen ûnder de Rots fan Kebek ynferzen oan 'e mûning fan 'e rivier de Saint-Charles. De iislaach wie dêr dat jier 1.80 m tsjûk, en der foel 1.20 m snie. Om 'e ellinde mank de winterkjeld noch minder te meitsjen, briek der skuorbot út, earst ûnder de Yndianen en letter ek ûnder de Frânsen. Neffens de rûzing fan Cartier kamen dêr sa'n 50 Saint Lawrence-Irokezen oan om.

Fan 'e Yndianen learde Cartier dat in brousel mei de namme annedda (wierskynlik spjirrebier), makke fan 'e skoars fan 'e Westerske libbensbeam (Thuja occidentalis), tsjin 'e sykte holp. Nei alle gedachten wie dat de rêding fan 'e ekspedysje. Hy en syn mannen brûkten yn in wike tiid in hiele beam op en it effekt dat soks hie op 'e pasjinten (tsjin dy tiid frijwol alle ekspedysjeleden) wie dramatysk. Cartier neamde de opbettering yn syn lochboek in wûnder fan God.

 
It stânbyld fan Jacques Cartier yn syn berteplak Saint-Malo.

Yn maaie 1536 wiene de Frânsen ree om 'e weromreis nei hûs te meitsjen. Cartier besleat it opperhaad Donnacona mei te nimmen nei Frankryk, sadat dy dêr persoanlik it ferhaal fertelle koe oer in lân dat benoarden sines lei, it "Keninkryk Saguenay". Dat soe nammentlik smoarfol goud, ealstiennen en oare skatten lizze. Nei in drege reis de St. Lawrence del en in trije wiken duorjende oerstek fan 'e Atlantyske Oseaan fear de ekspedysje fan Cartier nei fjirtjin moannen op 15 july 1536 de haven fan Saint-Malo wer binnen. Dizze twadde reis wie foar Cartier fierwei de lukratyfste. Yn syn beskriuwing fan syn ûntdekkings tsjutte er de krite fan 'e St. Lawrence oan as it "Lân fan 'e Kanada's". Dy namme ûntliende er oan it Irokeeske wurd kanata, dat "doarp" betsjutte, mar dat oan him foutyf oerset wie as in term foar nij ûntdutsen gebiet.

Trêde reis (1541–1542)

bewurkje seksje

Op 17 oktober 1540 krige Cartier fan kening Frâns I opdracht om foar de trêde kear werom te gean nei Noard-Amearika, om as kaptein-generaal lieding te jaan oan 'e kolonisaasje fan Nij-Frankryk. Op 15 jannewaris 1541 waard de post fan kaptein-generaal lykwols ynstee ferjûn oan Jean-François de La Rocque de Roberval, in Hugenoatske hôveling en in freon fan 'e kening. Dyselde krige dêrmei de lieding oer de ekspedysje, wylst Cartier syn ûnderbefelhawwer waard. La Rocque de Roberval moast wachtsje op 'e levering fan kanonnen en foarrieden, mar stjoerde Cartier mei fiif skippen alfêst dy kant út.

Cartier sette op 23 maaie 1541 út Saint-Malo ôf. Tsjin dy tiid wie yn Jeropa frij algemien it besef trochkrongen dat Amearika net itselde gebiet wie as Aazje. De trêde ekspedysje fan Cartier socht sadwaande net mear nei de Noardwestlike Trochfeart; ynstee wie no it doel om it "Keninkryk Saguenay" mei syn goud en skatten te finen, en om in permaninte basis oan 'e rivier de St. Lawrence te fêstigjen.

 
In Frânske lânkaart út omtrint 1543, mei dêrop werjûn de ûntdekkings fan Cartier.

Doe't Cartier-en-dy Stadacona berikten en fannijs de Saint Lawrence-Irokezen metten, achte Cartier harren "freugdefol ûnthel" en harren oanwoeksen oantallen ûntrêstgjend. Hy besleat dêrom en fêstigje de Frânske delsetting net te Stadacona, sa't earst de bedoeling west hie, mar op in plak in pear kilometer fierder streamop, dat er by syn twadde reis sjoen hie, op 'e lokaasje fan it hjoeddeistige Cap-Rouge. Dêr waarden de kolonisten oan lân set, dy't foar in part bestiene út frije minsken dy't de reis frijwillich makke hiene, en út feroardiele misdiedigers, dy't deportearre wiene. Ek it fee dat de reis oerlibbe hie, waard oan lân brocht. Der waard in fortifisearre delsetting boud en in kokentún oanplante mei sied foar koal, koalraap en slaad. De delsetting krige de namme Charlesbourg-Royal.

Deunby de nije delsetting waarden foarmen fan metaal en stiente oantroffen, dy't de kolonisten foar goud en diamanten holden. Dêr waarden de rommen fan twa skippen mei fol laden, en dy waarden op 2 septimber weromstjoerd nei Frankryk. Dêr oankommen die lykwols bliken dat de lading weardeleas wie en út izerpiryt en kwartskristallen bestie. De Frânske taal omfieme yn lettere jierren op basis fan dat fersin fan Cartier-en-dy it sprekwurd faux comme les diamants du Canada ("sa falsk as Kanadeeske diamanten").

 
Jacques Cartier op in Kanadeeske postsegel út 1934.

Op 7 septimber, nei't er yn Charlesbourg-Royal eltsenien oan it wurk set hie, gie Cartier mei in pear sloepen op ferkenning yn 'e hoop it mei rykdommen oerrinnende "Keninkryk Saguenay" te finen. Hy berikte op 'e nij Hochelaga, mar de streamfersnellings dêre koene ek mei sloepen net betwongen wurde, en min waar twong him om werom te kearen nei Charlesbourg-Royal. Dêr wie de sitewaasje ûnderwilens misbeteard, mei't de spannings mei de Saint Lawrence-Irokezen heech oprûn wiene. De Yndianen diene de delsetting net mear oan foar freonskiplike besite, en likemin om hannel te driuwen. Ynstee strúnden se op driigjende wize de omkriten ôf.

Oer wat der yn 'e winter fan 1541 op 1542 te Charlesbourg-Royal barde, binne gjin skreaune boarnen oerlevere, en alle ynformaasje dy't dêroer bekend is, komt út lettere tsjûgeferslaggen fan yn Frankryk weromkearde seelju dy't by de ekspedysje belutsen wiene. It skynt dat de Yndianen de delsetting op in stuit oanfoelen en likernôch 35 kolonisten wisten te deadzjen ear't de Frânsen beskûl sykje koene efter harren fêstingwurken. Der briek wer skuorbot út, en hoewol't dy no genêzen waard troch it tatsjinjen fan annedda, bliuwt der út 'e ferhalen dochs sterk de yndruk efter fan algehiele ellinde. It liket der sterk op dat Cartier almar mear besefte dat er te min mankrêft hie om Charlesbourg-Royal te ferdigenjen, lit stean om dêrnjonken ek noch op 'e sneup te gean nei "Saguenay".

Begjin juny 1542 sette Cartier wer ôf nei Frankryk, wêrby't er La Rocque de Roberval en dy syn skippen oan 'e kust fan Nijfûnlân tsjinkaam wylst se yn 'e tsjinstelde rjochting fearen. La Rocque de Roberval woe hawwe dat Cartier omkeare soe om mei him wer nei Charlesbourg-Royal ta, mar Cartier pykte mei syn skippen yn it tsjuster út en sylde fierder nei Frankryk, dêr't er yn oktober arrivearre mei in nije lading fan weardeleaze "diamanten" en "goudklompkes".

 
Croix Jacques Cartier ("Krús fan Jacques Cartier") op it eilân Saint-Quentin.

Underwilens naam La Rocque de Roberval it befel yn Charlesbourg-Royal oer. Ek hy kaam lykwols meitiid ta de konklúzje dat it op dizze wize mei in kolonisaasje neat wurde koe. Wurch striden troch sykte, min waar en fijannige ynboarlingen joech er it yn 1543 oer, naam de kolonisten wer oan board en kearde werom nei hûs. Pas yn 1605, doe't Samuel Champlain Port-Royal stifte, soe der in permaninte Frânske koloanje yn Noard-Amearika fêstige wurde. De krekte lokaasje fan Cartier syn Charlesbourg-Royal wie lang in riedsel, oant premier Jean Charest fan Kebek op 18 augustus 2006 bekend makke dat argeologen de koloanje weromfûn hiene.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Cartier brocht de rest fan syn libben troch yn Saint-Malo sels en op syn lângoed fuort bûten dy stêd, dêr't gauris ferlet wie fan syn tsjinsten as tolk fan it Frânsk nei it Portegeesk en oarsom. Hy ferstoar yn 'e âlderdom fan 65 jier op 1 septimber 1557 oan in doe hearskjende epidemy. Hoewol't in protte boarnen ornearje dat it ûnbekend is oan hokker sykte Cartier beswiek, tinke guon oan plaktyfus. Hy waard begroeven yn 'e Sint-Finsintiuskatedraal yn Saint-Malo.

Nei Jacques Cartier binne ferneamd: de Jacques-Cartier, in sydrivier fan 'e St. Lawrence; it Jacques Cartierpark yn Gatineau; de Jacques Cartierbrêge en it plein Place Jacques-Cartier yn Montreal, it Provinsjaal Park Jacques Cartier, in natoergebiet yn 'e Kanadeeske provinsje Prins Edwerteilân; en it Steatspark Jacques Cartier yn 'e Amerikaanske steat New York.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Project 1