James Hetfield
James Hetfield (Downey, 3 augustus 1963) is in Amerikaansk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de sjonger fan Metallica. Hetfield en syn mei-bandleden waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.
James Hetfield | ||
sjonger en/of muzikant | ||
James Hetfield yn 2017 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | James Alan Hetfield | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 augustus 1963 | |
berteplak | Downey | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar | |
grutste hit(s) | Master of Puppets, One, Enter Sandman, Nothing Else Matters | |
jierren aktyf | 1978 - No |
Karriêre
bewurkje seksjeJames Hetfield begûn as jong jonkje mei piano spyljen en te drummen, as jonge puber gie er oer op gitaar. Hetfield rjochte 1981 mei drummer Lars Ulrich de band Metallica op, nei't Ulrich yn 1980 in advertinsje pleatst hie yn in pleatslike krante, dêr't Hetfield op reagearre hie. Foar Metallica spile en song hy yn tal lokale bandsjes. Yn augustus 1992 rekke James Hetfield ferwûne by in optreden fan Metallica. Troch in flater mei de pyrotechnyk rûn hy twadde- en treddegraads brânwûnen op. Metallica kearde 17 dagen letter werom nei it poadium mei Metal Church gitarist John Marshall as ynfaller foar Hetfield, James wie sels al yn steat om te sjongen. Mei Metallica had Hetfield tsien studio-albums opnaam. En in tal wrâldwide hits op syn namme stean, Master of Puppets, One, Enter Sandman, en Nothing Else Matters.
Priveelibben
bewurkje seksjeJames waard berne yn Downey, Kalifornje, Amearika, hy hat twa hear-bruorren en ien suske. Syn âlden gien yn 1976 byinoar wei doe 't Hetfield 13 wie. Yn 1997 boaske Hetfield mei Francesca Tomasi sy ha trije bêrn. Yn 2001 liet Hetfield him opnimme yn in ôfkicksintra om syn jierrenlange drankswietens ûnder kontrole te krijen.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeAs gastmuzikant
bewurkje seksjeSingle(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
Man or Ash | Wiseblood | 1996 | Corrosion of Conformity |
Twist of Cain, Possession |
Danzig | 1988 | Danzig |
Eclectic Electric | Antipop | 1999 | Primus |
Drivin' Rain | The Deep End, Volume 2 | 2002 | Gov't Mule |
Beautiful Broken | Beautiful Broken | 2016 | Heart |