Jan Olde Riekerink
Jan Olde Riekerink (Hengelo, 22 febrewaris 1963) is in Nederlânsk fuotbaltrainer en eardere fuotballer. Sûnt 1 fan 2018 oant 2019 wie hy haadtrainer fan SC It Hearrenfean.
Jan Olde Riekerink | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Jan Olde Riekerink | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 22 febrewaris 1963 | |
berteplak | Hengelo | |
jeugdteams | ||
-1983 1983-1986 |
VV Zwijndrecht Sparta Rotterdam | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
1986-1990 1990-1991 1991-1993 |
Sparta Rotterdam Dordrecht '90 Telstar |
70(5) 23(1) 34(0) |
trainer by | ||
1995-2000 2000-2002 2002-2003 2003-2005 2005-2006 2006-2007 2007-2011 2011-2014 2014-2015 2015-2016 2016-2017 2018-2019 2019-2021 2023- |
Ajax (Jeugd) Jong Ajax AA Gent FC Emmen FC Porto (assistint trener) Metallurg Donetsk (assistint trener) Ajax (Jeugd) Sina -20 Sina -16 Galatasaray (jeugd) Galatasaray SC It Hearrenfean Cape Town City Dewa United |
Karriêre
bewurkje seksjeAs fuotballer
bewurkje seksjeOlde Riekerink spile yn 'e jeugd by VV Zwijndrecht en Sparta Rotterdam, wylst hy studearre oan de Haachske Akademy foar Lichaamlike Opfieding. Doe't er 23 jier wie, like it derop dat er net by Sparta bliuwe mocht. Mar nei't earst syn broer Edwin Olde Riekerink nei FC Grins gie en dêrnei Danny Blind ferkocht waard oan AFC Ajax, bea de klup him dochs in kontrakt oan. Yn datselde jier makke hy syn debút, ûnder coach Barry Hughes, yn in wedstriid tsjin PSV.[1]
Nei't er fiif jier ûnder kontrakt stien hie by de Rotterdamske klup, ferhuze er nei FC Dordrecht yn de earste difyzje. Telstar folge in jier letter. Yn 1993 sleat er syn karriêre as fuotballer ôf.
As trainer
bewurkje seksjeBy de Ajax-jeugd
bewurkje seksjeJan Olde Riekerink bleau aktyf yn 't fuotbal en yn 1995 waard er jeugdtrainer by AFC Ajax. Hy trainde ferskate jeugdploegen fan de Amsterdammers, foar't er haadtrainer waard fan Jong Ajax. Mei dy ploech waard Olde Riekerink beloftekampioen fan Nederlân. In seizoen letter, 2001/2002, pakte de ploech wer de titel. Boppedat soargen Olde Riekerink en Jong Ajax dat jier foar in stunt, troch as belofteploech de heale finale fan de KNVB-beker te heljen. Dêryn wie FC Utert lykwols te sterk nei strafskoppen. Nei ôfrin fan it seizoen waard Olde Riekerink coach fan AA Gent út Belgje.
De wrâld oer
bewurkje seksjeNei in oantal jierren by AA Gent, FC Emmen, FC Porto en Metallurg Donetsk, gie Olde Riekerink werom nei Amsterdam yn 2007 as haad fan de jeugdoplieding fan Ajax. Hy folge John van den Brom op. Olde Riekerink bleau dêr wurkjen oant 2011, wêrnei't er opfolge waard troch Wim Jonk. Dat wie it gefolch fan de 'fluwielen revolúsje' ûnder lieding fan Johan Cruijff .
Dêrnei krige Olde Riekerink yn Sina de lieding oer it jeugdfuotbal. Dêrnjonken waard er yn it lân coach fan de olympyske ploech.
Earste priis
bewurkje seksjeOlde Riekerink waard op 17 febrewaris 2016 beneamd as haad jeugdoplieding fan Galatasaray SK. Nei't de klup trainer Mustafa Denizli op 16 maart 2016 fuortstjoerde, naam Olde Riekerink syn posysje foar it rest fan it seizoen oer op ynterim-basis. Hy einige mei Galatasaray mar op it sechsde plak yn de Süper Lig, mar op 26 maaie 2016 wûn er wol de Turkske nasjonale beker, troch yn de finale mei 1-0 te winnen fan Fenerbahçe SK. Dat wie de earste priis foar Olde Riekerink as haadtrainer op it heechste nivo. Galatasaray beneamde him úteinlik yn juny 2016 as haadtrainer. Dat bleau er oant er yn febrewaris 2017 dien krige. Galatasaray stie op dat stuit tredde yn de Süper Lig. Olde Riekerink waard opfolge troch de Kroaat Igor Tudor.
SC It Hearrenfean
bewurkje seksjeMei yngong fan it seizoen 2018/2019 is Olde Riekerink trainer fan SC It Hearrenfean. Hy hat dêr in kontrakt foar twa jier tekene. Olde Riekerink wûn by syn offisjele debút foar It Fean mei 2-3 fan PEC Zwolle. Hy waard lykwols al op 10 april 2019 by SC It Hearrenfean op non-aktyf set.
Earelist as trainer
bewurkje seksje- Beloften Earedifyzje: 2000/01, 2001/02
- Turkske beker: 2015/16
- Turkske supercup: 2016
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |