Jean Racine
Jean Racine (La Ferté-Milon, 21 desimber 1639 - Parys, 21 april 1699) wie in Frânsk toanielskriuwer, ien fan de "grutte trije" fan de 17e iuw yn Frankryk (de oaren binne J.-B.P. de Molière en Corneille). Racine skreau meast trageedzjes, mar ek ien komedy (Les Plaideurs).
Libben en wurk
bewurkje seksjeRacine, dy't betiid wees waard, waard ynearzten opbrocht troch syn beppe Marie Desmoulins en dêrnei troch in muoike dy't him trochstjoerde nei it sistersjenzer frouljuskleaster Port Royal, de widze fan it Jansenisme. Mei it stik Andromaque briek de gefoelige en ambitieuze 28-jierrige auteur yn 1667 definityf troch as trageedzjeskriuwer. Op dat stuit koe inkeld it teater him erkenning en wurdearring jaan. Charles Perrault sei dêroer: Cette tragédie fit le même bruit à peu près que le Cid de Pierre Corneille lorsqu'il fut présenté pour la première fois.
Yn 1672 waard er lid fan de Académie française. Nei de publikaasje fan Phèdre yn 1677, krige er bot mei syn gewisse te dwaan (crise de conscience). Hy helle de bân mei syn eardere learmasters, de Jansenisten fan de Port-Royal, fannijs oan, boaske en oanfurdige tegearre mei Boileau, de opdracht om de Histoire du règne de Louis XIV (dy't ferlern gien is) te skriuwen. Yn 1698 frege er om te hôf brocht te wurden yn de Port-Royal. Jean Racine stoar 1699 en is beïerdige op it St. Etienne-du-Mont-tsjerkhôf yn Parys.
Bibliografy
bewurkje seksje- Ode sur la convalescene du roi, 1663
- La renommée aux muses, 1663
- La thebaïde, ou les frères ennemis, 1664
- Alexandre le grand, 1665
- Andromaque, 1667
- Les plaideurs, 1668 - De Pleiters
- Britannicus, 1669
- Bérénice, 1670
- Bajazet, 1672
- Mithridate, 1673
- Iphigénie, 1674
- Phèdre, 1677
- Œuvres, 1679
- Esther, 1689
- Athalie, 1691
Literatuer
bewurkje seksje- Roland Barthes - Sur Racine
- Georges Forestier - Jean Racine (Gallimard, 2006) (ISBN 2070755290)
- Lewis, W.H. The Splendid Century: Life in the France of Louix XIV'.' William Sloane Associates, 1953.
- Jean Rohou - Jean Racine : entre sa carrière, son œuvre et son dieu (Fayard, 1992)
- Butler, Philip - Racine: A Study Londen: Heinemann Educational Books Ltd, 1974.
- Racine, Jean, Encyclopædia Britannica. 2007. Encyclopædia Britannica Online. 30 nov. 2007 <http://www.britannica.com/eb/article-9062376>.
- Vuillemin, Jean-Claude Jean Racine',' yn L. Foisneau, ed., Dictionary of Seventeenth-Century French Philosophers 2 dielen Londen en New York: Thoemmes Continuum, 2008. II. Pp. 1041-46.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jean Racine fan Wikimedia Commons. |