It Jiddysk (ייִדיש jidisj of אידיש idisj, "Joadsk[-Dútsk]") is in Germaanske taal, mei Hebriuwske of Slavyske ynfloeden, dy't mei it Hebriuwske skrift skreaun wurdt.

Jiddysk
algemien
oare namme(n) יידיש
eigen namme Jiddysk
lânseigen yn Argentynje, Belgje, Brazylje, Dútslân, Feriene Steaten, Frankryk, Grut-Brittanje, Israel, Itaalje, Litouwen, Moldaavje, Oekraïne, Poalen, Wyt-Ruslân, Ruslân en ferskate oare lannen
tal sprekkers 3.000.000
skrift Hebrew script based alphabet[*], Hebrew alphabet[*]
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - West-Germaansk - Heechdútsk - Jiddysk
taalkoades
ISO 639-1 yi
ISO 639-2 yid
ISO 639-3 ydd (East-Jiddysk; Israel)
yih (West-Jiddysk; Dútslân, Eastenryk)

It Jiddysk wurdt troch likernôch trije miljoen joaden oer de hiele wrâld praat. De namme is ôflaat fan it Middelheechdútsk Jüd, Jiddysk (Joadendútsk) yid (Joad). Der binne ferskate dialekten fan it Jiddysk. It Jiddysk is te ferlykjen mei it Sefardysk, in Joadske taal dy't nau besibbe is oan it Spaansk. Foar de holocaust wienen der sa'n 10 miljoen sprekkers fan it Jiddysk, nei de Twadde Wrâldkriich wienen der likernôch 3 miljoen fan oer.

De flagge dy't yn gebrûk is foar de Jiddyske taal.
  NODES
os 2