Josjafat fan Juda
Josjafat (Hebriuwsk: יְהוֹשָׁפָט; "De Hear hat rjochtsprutsen"), wie de soan fan kening Asa en folge syn heit yn de âldens fan fiifentrichtich jier op as kening fan it Juda. Syn regear wurdt yn de jierren 873 oant 849 foar Kristus datearre.
Neffens it Alde Testamint brûkte Josjafat de earste jierren fan syn regear om de stêden fan syn keninkryk te fersterkjen. Krekt as syn heit die Josjafat in soad muoite om de ôfgoaderij yn it lân te bestriden. Yn it tredde jier fan syn bewâld stjoerde hy prysters en Leviten it lân yn om it folk te ûnderwizen yn de wetten en geboaden fan God. Under Josjafat makke it lân in grutte bloei troch. De oangrinzgjende lannen lieten Juda mei rêst en foelen it lân net oan, om't hja neffens de Skrift de God fan Israel frezen.[1]
Troch in houlik ferbûn Josjafat syn lân mei it Noardryk Israel fan kening Achab. Dit stjitte op beswieren fan de oanhingers fan de God fan Israel en de grutte nederlaach dy't it mienskiplike leger fan Josjafat en Achab tidens in fjildtocht tsjin Ramot yn Gileäd litte, waard dan ek as in straf fan God útlein. Mar oars as kening Achab brocht Josjafat it der libben ôf en de kening kaam sûnder ferwûnings fan de striid werom.[2] Thús krige de kening lykwols it leksum fan de profeet Jehû, dy't Josjafat ferwiet de ôffallige Achab holpen te hawwen.[3]
Tenei bleau Josjafat yn Juda's haadstêd Jeruzalim. Hy wijde him wer oan it bestriden fan de ôfgoaderij. Ek reorganisearre kening Josjafat it rjochtsysteem fan it lân en hiet er de rjochters soarch te dragen foar in ûnôfhinklike en ûnpartijdige rjochtspraak.[4]
Josjafat boude in float om hannel te driuwen mei it legendaryske goudlân Ofir, mar de skippen sloegen ûnderweis nei Ofir brek. Kening Achazja, de opfolger fan Achab, stelde út om tegearre mei Josjafat in nije float te bouwen, mar Josjafat wiisde dat útstel ôf.[5]
Ek by in skeel fan kening Joaram fan Israel mei de Moäbytyske kening Meza oer it beteljen fan it tribút joech Josjafat militêre bystân oan Israel. Rillegau dêrnei sochten de Moabiten stipe fan harren buorlju en begûnen mei har de striid tsjin Josjafat. De kening fan Juda kundige in hiele dei fêsten ôf, folge de oanwizings fan de profeet Sekarja tige sekuer op en doe't syn leger foar de ûnbidich grutte oermacht van de Moäbityske kening stie en de wurden Loovje de Heare, want syn trou duorret ivich skandearre, krigen de Moäbiten en de Ammoniten as in wûnder meiïnoar deilis en moarden hja inoar folslein út.[6]
Nei dizze oerwinning ferstoar Josjafat yn de âldens fan sechtich jier. Josjafat hie it lân fiifentwintich jier regearre en waard opfolge troch syn soan Joaram.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|