Karel fan de Provâns

Karel fan de Provâns, bynamme de Jonge (845 - kleaster St-Pierre-les Nonnains (tsjintwurdich yn Lyon) 24 jannewaris 863) wie de jongste soan fan keizer Lotarius I en Ermengarde fan Tours.

Syn heit ferdielde syn keninkryk Midden-Frânsje yn 855 by it Ferdrach fan Prüm tusken syn trije soannen. De âldste soan Loadewyk II krige it Keninkryk Itaalje en de keizerstitel; Lotarius II krige Loataringen en Opperboergonje; en Karel, de jongste, krige de Provâns en Nederboergonje.

Doe't syn heit ferstoar, wie Karel noch mar 10 jier âld. Syn oantroude omke, greve Gerard fan Vienne, naam it regintskip oan. Gerard ferdigene it keninkryk tsjin de ynfallende Wytsingen, dy't de Rône opfearen. Yn 860 fersloech er harren by de mûning fan de Rône.

Karel syn omke, kening Karel de Keale fan West-Frânsje besocht de Provâns te feroverjen yn 861 op oantrunen fan de greve fan Arles, mar dat slagge him net.
Karel fan de Provâns hat winliken sels nea regearre, allinne yn namme. Gerard fan Vienne wie winliken de bestjoerder. Yn 858 hie er regele dat as Karel sûnder opfolgers ferstjerre soe, de Provâns nei Lotarius II gean soe. Doe't Karel yn 863 ferstoar, woe syn âldste broer Loadewyk II de Provâns ek hawwe, dus waard it keninkryk ferparte tusken de twa bruorren: Lotarius krige de bisdommen Lyon, Vienne en Grenoble, dy't bestjoerd wurde soene troch Gerard; Loadewyk krige Arles, Aix en Embrun

  NODES