De keningsearn (Aquila chrysaetos) is in 85 sintimeter grutte brune rôffûgel út de ûnderfamylje fan de earnen en de famylje fan de haukfûgels. Hy komt yn in grut part fan Jeropa foar. Yn East-Europa, Noard-Europa, Skotlân en Súd-Europa, meastentiids yn bergeftich gebiet. Mei in spanwiidte fan sa'n 2 meter sirkelt er faaks op grutte hichte boppe de berchhellingen.

keningsearn
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôffûgels (Accipitriformes)
famylje haukfûgels (Accipitridae)
skaai echte earnen (Aquila)
soarte
Aquila chrysaetos
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Fourtplanting

bewurkje seksje

In span keningsearnen bliuwt foar har libben tegearre en bliuwe ek yn harren territoarium. Hjir hawwe sy meardere nêsten, meastentiids op rotswanden. Dizze nêsten wurde ôfwikseljend brûkt en eltse kear grutter makke. De âldere nêsten dy it meast brûkt binne kinne wol 2 meter yn trochsnee en 1 meter heech wurde. It wyfke sit 6 wike op de 2-3 aaien te brieden. Faak is der mar ien jong dat folwoeksen wurdt. Mei sa'n 8 wike hat it jong al syn fearren en it jong fleant út as er 80 dagen âld is. Dernei wurdt er noch in skoft troch de âlden fuorre. As it jong him sels rêde kin fleant er út.

It iten fan de earn bestiit benammen út marmotten, hazzen en mûzen. Mar hy kin ek wol ris in jonge geit as in lamke pakke.

 
Aaien fan de keningsearn
  NODES