Kill Bill: Volume 1

film út 2003 fan Quentin Tarantino

Kill Bill: Volume 1 is in Amerikaanske splatterfilmeftige neo-noir-aksjefilm út 2003 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino. De haadrol waard spile troch Uma Thurman, dy't ûnderstipe waard troch Lucy Liu, Sonny Chiba, Vivica A. Fox en Chiaki Kuriyama yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Deadzje Bill: Diel 1". It ferhaal, dat op non-lineêre wize ferteld wurdt, giet oer in breid dy't wraak swart op in team hiermoardners en harren lieder Bill, nei't dyselden alle oanwêzigen op har trouwerij útmoardzje en har en har ûnberne poppe deadwaan wolle. It spoar liedt nei Japan, dêr't se it yn Tokio opnimme moat tsjin 'e yakuza, de Japanske maffia.

Kill Bill: Volume 1
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Lawrence Bender
senario Quentin Tarantino
kamerarezjy Robert Richardson
muzyk RZA
filmstudio A Band Apart
Production I.G. (animesegmint)
distribúsje Miramax Films
spilers
haadrollen Uma Thurman
voice-over ferskaat
byrollen Lucy Liu
Sonny Chiba
Vivica A. Fox
Chiaki Kuriyama
David Carradine
Daryl Hannah
Julie Dreyfus
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 10 oktober 2003
foarm langspylfilm
sjenre neo-noir-aksjefilm
taal Ingelsk en Japansk
(ek in bytsje Frânsk)
spyltiid 111 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $180,9 miljoen
prizen Saturn Award
Empire Award
filmsearje
filmsearje Kill Bill
● folgjend diel Kill Bill: Volume 2

Tarantino makke Kill Bill as in hommaazje oan fjochtsportsinema, samoeraifilms, blaxploitation en spagettywesterns. De film befettet in animesegmint en inkele swart-wytsegminten, en de dialooch is foar in oansjenlik part yn it Japansk. Kill Bill: Volume 1 wie it earste part fan in duology. De beide films waarden oarspronklik pland as ien produksje, mar om't de resultearjende film dan in spyldoer fan mear as fjouwer oeren hawwe soe, waard er opspjalte yn twa dielen. It ôfslutende diel, Kill Bill: Volume 2, ferskynde yn 2004. Kill Bill: Volume 1 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen en wûn twa Saturn Awards en twa Empire Awards.

In frou dy't op alle dagen rint en klaaid is yn in breidsjurk, leit swierferwûne op 'e flier fan in kapel yn El Paso (Teksas), nei't se oanfallen en lange tiid slim mishannele is troch in team fan hiermoardners. Har namme wurdt yn 'e dialooch fuortpipe, sadat se inkeld bekend wurdt as 'de Breid'. Se seit tsjin 'e lieder fan it team, Bill, dat de poppe sines is, krekt foar't er har yn 'e holle sjit.

Fjouwer en in heal jier letter is de Breid, dy't de oanfal blykber oerlibbe hat, út op wraak. Hja hat ien fan 'e moardners, Vernita Green, byneamd "Koperkop", opspoard yn in bûtenwyk fan Los Angeles, dêr't se ûnderwilens mei in dokter troud is en in gesin stifte hat. It docht bliken dat de froulju inoar goed kenne, mei't se allebeide lid wiene fan 'e Deadlike Njirren, in hiermoardnersteam dat no opheft is. De froulju begjinne in messegefjocht yn 'e wenkeamer, dy't al rillegau hielendal yn pún leit, mar se wurde ûnderbrutsen as Vernita har fjouwerjierrige dochterke Nikki thús komt fan skoalle. De Breid giet akkoart mei it fersyk fan Vernita om dit net foar de eagen fan har dochter te dwaan, en de froulju prate ôf om harren skeel dy jûns nei tsjuster te besljochtsjen. Mar as Vernita in pistoal foar 't ljocht hellet dat se yn in doaze cornflakes ferburgen hie en op ferriedlike wize besiket de Breid dea te sjitten, smyt de Breid har mês, dat Vernita yn it boarst treft, dat se it bestjert. Nikki is tsjûge fan 'e dea fan har mem. De Breid biedt it jonge famke har ûntskuldigings oan en seit dat it Nikki frij stiet om, as se skielk grut is, har (de Breid) op te sykjen om te besykjen en nim wraak.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Fjouwer en in heal jier earder ûndersykje Texas Ranger Earl McGraw en syn soan Edgar, dy't ek Texas Ranger is, in massamoard yn in troukapel yn El Paso. Dêr binne njoggen minsken deasketten, ûnder wa de brêgeman, de predikant en de oargelist. De breid, dy't swier is, hawwe de moardners foar har dea lange tiid mishannele. Wylst McGraw har stoflik omskot ûndersiket, merkt er dat se noch sykhellet. Se wurdt halje-trawalje oerbrocht nei it sikehûs, dêr't fêststeld wurdt dat se yndie noch libbet, mar yn koma rekke is.

Net folle letter wurdt de komateuze Breid yn it sikehûs opsocht troch Elle Driver, byneamd "Kalifornyske Keningsslange", in lid fan 'e Deadlike Njirren. Dyselde risselwearret om har te fergiftigjen fia har ynfús. Op it alderlêste stuit wurdt se lykwols opskille troch Bill, dy't har oarderet om 'e misje ôf te brekken. Hy wol de Breid dea hawwe, en as se ea wekker wurdt út har koma sil er dêrta stappen ûndernimme, mar it fergiftigjen fan in komateuze pasjint beskôget er as earleas. Mei tsjinnichheid leit Elle, dy't de Breid hatet, har by it befel fan Bill del.

Fjouwer jier letter wurdt de Breid op in nacht hommels út har koma wekker. Se hat gjin aan fan hoefolle tiid oft der ferstrutsen is, en merkt sadwaande mei ôfgriis dat se net mear swier is. Se hat net lang tiid foar har fertriet, mei't ien fan 'e manlike ferpleechkundigen yn 'e soarchynstelling dêr't se leit, in Buck, de lichems fan froulike komapasjinten blykt te ferkeapjen foar seks. Hy komt mei in nije klant de keamer fan 'e Breid binnen, dy't beart dat se noch yn koma leit. Letter, as Buck de klant mei har allinnich litten hat, fermoardet se de klant. As Buck in skoft letter weromkomt, makket se him ek dea. Mei't har skonken har net drage wolle, ûntkomt se yn in rolstoel nei de parkearkelder, dêr't se Buck syn auto stelt en harsels troch poere wilskrêft it begjin fan rinnen wer bybringt.

De Breid nimt har foar om Bill en de oare Deadlike Njirren te deazjen. As har earste doelwyt kiest se O-Ren Ishii út, byneamd "Wettermokkasin", dy't harsels mei stipe fan Bill ûnderwilens omheech klaud hat ta lieder fan 'e yakuza (de Japanske maffia) yn Tokio. Yn 'e foarm fan in anime wurdt it eftergrûnferhaal fan O-Ren ferteld. Hja is de dochter fan in Amerikaanske soldaat fan etnysk Sineesk komôf dy't legere wie op in legerbasis yn Japan, en in Japanske frou. Har âlden waarden foar har eagen fermoarde troch de yakuza doe't se in jier as seis wie. Tsjin 'e tiid dat se alve jier wie, naam se wraak op 'e yakuzabaas dy't ferantwurdlik wie foar de dea fan har âlden troch him mei in katana (in Japansk swurd) fan kant te meitsjen. Inkele jierren letter wie se de bêst oanskreaune hiermoardner fan Japan.

De Breid reizget nei Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen fan súdlik Japan, dêr't se fan 'e legindaryske wapensmid Hattori Hanzō in katana hawwe wol. Hanzō is lykwols al in fearnsiuw lyn opholden mei syn wurk en hat in eed dien dat er nea wer in swurd meitsje sil. As er foar it ferstân kriget dat har doelwyt syn eardere learling Bill is, brekt er syn eed en lûkt er in moanne út om syn bêste swurd ea foar har te meitsjen. De Breid brûkt dy tiid troch harsels sûnder ophâlden yn it gebrûk fan in katana te oefenjen.

Nei't se har katana ûntfongen hat, reizget de Breid fan Okinawa nei Tokio, dêr't se O-Ren Ishii mei har entoeraazje folget nei in restaurant, it Hûs fan 'e Blauwe Blêden. Se kundiget har oanwêzigens oan troch Sophie Fatale, de Frânsk-Japanske abbekate en freondinne fan O-Ren, in earm ôf te houwen. Dêrnei ferslacht se de Crazy 88, O-Ren har legerke fan swurdfjochters, by in lang gefjocht yn it restaurant, en teffens har psychopatyske, yn in skoalfamkesunifoarm klaaide, 17-jierrige liifwacht Gogo Yubari. Uteinlik is inkeld O-Ren sels noch oer, mei wa't de Breid in duël útfjochtet yn 'e nachtlike, mei snie oerdutsen Japanske tún fan it restaurant. Op langelêst wurdt se O-Ren oermânsk, en slacht se har mei har katana it boppeste stik fan 'e holle ôf.

Nei't se Sophie Fatale martele hat foar ynformaasje oer Bill en de oare Deadlike Njirren, lit se har yn libben by wize fan drigemint. Bill fynt Sophie yn it sikehûs, en freget har oft de Breid wol wit dat har bern noch libbet.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Uma Thurman.
 
Lucy Liu.
 
Vivica A. Fox.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise 
de Breid (koadenamme: Swarte Mamba) Uma Thurman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
O-Ren Ishii (koadenamme: Wettermokkasin) Lucy Liu
Hattori Hanzō Sonny Chiba
Vernita Green (koadenamme: Koperkop) Vivica A. Fox
Gogo Yubari, O-Ren har yn in skoalunifoarm klaaide liifwacht Chiaki Kuriyama
Bill (koadenamme: Slangebeswarder) David Carradine
Elle Driver (koadenamme: Kalifornyske Keningsslange) Daryl Hannah
Sophie Fatale, O-Ren har abbekate Julie Dreyfus
Shiro, wurknimmer fan Hattori Hanzō Kenji Ohba
Buck Michael Bowen
baas Tanaka Jun Kunimura
Nikki Bell, dochterke fan Vernita Ambrosia Kelley
Johnny Mo, lieder Crazy 88 Gordon Liu
klant fan Buck Jonathan Loughran
"Charlie Brown", útbater fan it Hûs fan 'e Blauwe Blêden Sakichi Sato
Texas Ranger Earl McGraw Michael Parks
Texas Ranger Edgar McGraw James Parks
Budd (koadenamme: Hoarnrattelslange) Michael Madsen (cameo)
harrensels, band yn Hûs fan 'e Blauwe Blêden The 5.6.7.8's

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Kill Bill: Volume 1 waard regissearre troch Quentin Tarantino nei in senario fan himsels op basis fan in idee dat neffens de ôftiteling fan 'e film fan "Q & U" kaam. Dat is in ôfkoarting foar "Quentin" (Tarantino) en "Uma" (Thurman). Tarantino betocht nammentlik it personaazje fan 'e Breid doe't er yn 1994 de film Pulp Fiction makke, mei Uma Thurman yn ien fan 'e haadrollen. Yn 2000 en 2001, doe't er yn New York wenne, bestege er oardel jier oan it skriuwen fan it senario foar Kill Bill, wylst er tagelyk in protte tiid trochbrocht mei Thurman en har nijberne dochterke Maya.

Tarantino makke Kill Bill as in splatterfilmeftige hommaazje oan fjochtsportsinema, samoeraifilms, blaxploitation en spagettywesterns. Oarspronklik wie it de bedoeling dat it ien film wurde moast, mar om't de resultearjende film dan in spyldoer fan mear as fjouwer oeren hawwe soe, waard er opspjalten yn in duology. As produsint wie Lawrence Bender by it projekt belutsen foar de filmstudio A Band Apart. De film befettet in animesegmint fan 71/2 minút oer it eftergrûnferhaal fan O-Ren Ishii, mei as titel Chapter 3: The Origin of O-Ren, dat makke waard troch tekenfilmstudio Production I.G., mei Kazuto Nakazawa as regisseur. Teffens omfettet de film inkele swart-wytsegminten. Foar Kill Bill: Volume 1 wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Richardson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch RZA.

De opnamen foar Kill Bill: Volume 1 en Kill Bill: Volume 2 fûnen efterinoaroan plak yn in perioade fan 155 dagen. Volume 1 waard opnommen yn Los Angeles (Kalifornje), Austin (Teksas), Peking (Sina) en Tokio (Japan). Hoewol't de sênes yn 'e film op non-lineêre wize presintearre wurde (dus net op gronologyske folchoarder), waarden se wól op folchoarder filme. De opnamen foar de klimaktyske gefjochtssêne yn it Hûs fan 'e Blauwe Blêden duorren acht wiken, hoewol't der mar twa wiken foar pland wiene.

 
In reproduksje fan 'e katana dy't de Breid yn Kill Bill brûkt.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Kill Bill: Volume 1 waard fersoarge troch Miramax Films. De film gie op 10 oktober 2003 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 23 septimber 2003 by platemaatskippijen Maverik Records en Warner Bros. Records. Kill Bill: Volume 1 waard op 13 april 2004 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd en kaam op 9 septimber 2008 út op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Kill Bill: Volume 1 oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau: "De film giet hielendal nearne oer, behalven oer de feardichheid en humor dêr't er mei makke is. Dat is eins mear as in bytsje briljant." Yn The New York Times fûn A.O. Scott Kill Bill: Volume 1 "fassinearjend, sels, frjemd genôch, skattich". Hy skreau fierders: "Tarantino is in ûnbedimbere útslover, dy't op domdryste wize syn formele feardichheden as goreograaf fan heechûntwikkele geweld toant, mar hy is ek in ûnbeskamme sinefyl, en de oprjochtens fan syn entûsjasme jout dit rommelige, ûngelikense spektakel in nuvere, koartseftige yntegriteit." Manohla Dargis neamde Kill Bill: Volume 1 yn 'e Los Angeles Times "in bloedtrochweakke falentynskaart oan films".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Kill Bill: Volume 1 in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 237 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tajûn, [de film] is net folle mear as in kreas makke wraakskriller, mar dan wol ien dy't profitearret fan in alderraarst ynvintyf oerskot oan styl." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Kill Bill: Volume 1 in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 43 resinsjes.

Kill Bill: Volume 1 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $70,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $110,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op 180,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $150,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Foar har rol as de Breid yn Kill Bill: Volume 1 waard aktrise Uma Thurman yn 2004 by de Golden Globes nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste aktrise. By de Oscars waard de film straal negearre, mar by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Kill Bill: Volume 1 nominearre yn 5 kategoryen: bêste aktrise (Uma Thurman), bêste filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste lûd en bêste fisuele effekten.

By de Saturn Awards waard Kill Bill: Volume 1 nominearre foar 7 prizen, wêrûnder bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Sonny Chiba), bêste byrol fan in aktrise (Lucy Liu), bêste senario en bêste "sjenregesicht fan 'e takomst" (Chiaki Kuriyama). De film wûn 2 Saturn Awards, foar bêste aksje/aventoerefilm en foar bêste aktrise (Uma Thurman). By de Satellite Awards wûn de film gjin prizen, mar waard er wol nominearre yn 4 kategoryen: bêste orizjinele senario, bêste lûd, bêste artdirection/produksje-ûntwerp en bêste fisuele effekten.

By de Britske Empire Awards waard Kill Bill: Volume 1 nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste film en Sony Ericsson Sêne fan it Jier. De film wûn 2 Empire Awards, foar bêste regisseur en bêste aktrise (Uma Thurman). Kill Bill: Volume 1 wûn fierders ek trije MTV Movie Awards, foar bêste froulike aktearprestaasje (Uma Thurman), bêste smjunt (Lucy Liu) en bêste gefjocht (de Breid tsjin Gogo Yubari).

Om't Kill Bill te lang wie om as ien film útbrocht te wurden, makke regisseur Quentin Tarantino der in duology fan, wêrfan't de beide dielen jier oan jier ferskynden. Kill Bill: Volume 1 waard sadwaande yn 2004 folge troch Kill Bill: Volume 2, wêryn't it ferhaal fierder giet op it punt dêr't it oan 'e ein fan Kill Bill: Volume 1 ophâldt. De beide films waarden as ien produksje makke, dus mei deselde cast en crew.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Intern 1
iOS 3
os 13
web 2