Kleaster fan Valaam
It Kleaster fan Valaam (Russysk: Валаамский монастырь, Finsk: Valamon luostari; ek Valamo-kleaster) is in otterdoks kleaster yn Kareelje yn it noardwestlik diel fan Ruslân. It kleaster leit op it eilân Valaam yn 'e Ladogamar, de grutste mar fan Jeropa, likernôch 80 km. noardlik fan Sint-Petersburch.
Kleaster fan Valaam Валаамский монастырь | ||
De Trasnfiguraasjekatedraal. | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
republyk | Kareelje | |
koördinaten | 61° 23' N 30° 56' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1407, 1715 | |
opheffing | 1611, 1940 | |
weriepening | 1989 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 19e-20e iuw | |
monumintale status | Regionaal monumint | |
monumintnûmer | 101620695160005 | |
Webside | ||
valaam.ru | ||
Kaart | ||
Stifting
bewurkje seksjeNeffens in leginde soe de apostel Andreas it kleaster yn 'e 1e iuw stifte ha. Op 'e rotsen liet er in stiennen krús delsette. De leginde seit dat it krús de earste stien fan it fûnemint fan it kleaster waard.
Wannear't it kleaster krekte stifte waard is net bekend. Foar de 16e iuw stiet der neat beskreaun. De tradysje wol ha dat it kleaster yn 'e 10e iuw troch de twa Grykske muontsen Sergius en Herman stifte waard. Oer it algemien wurdt lykwols oannommen dat it kleaster earne yn 'e 14e iuw oprjochte waard.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Valaamkleaster wie in noardlike bûtenpost tsjin de heidenen en letter in westlike bûtenpost tsjin de katolike tsjerke. Yn 'e 16e iuw ferskode de Sweedske grins ten koste fan Ruslân nei it easten. It Valaamkleaster waard yn 1578 troch de Sweden oanfallen en de muontsen ombrocht. Nije oanfallen lieten neat oer fan 'e gebouwen en it kleaster bleau tusken 1611 en 1715 ferlitten. De grins tusken Ruslân en Sweden rûn no dwers troch de Ladogamar.
Yn 'e 18e iuw folge de werbou fan it kleaster en yn 1812 kaam it gebiet yn it Russyske Grutfoarstedom Finlân te lizzen. Yn 1917 waard Finlân ûnôfhinklik en it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel erkende de otterdokse tsjerke fan Finlân as selsstannige tsjerke. It kleaster wie no it wichtichste kleaster fan 'e Finsk-Otterdokse Tsjerke. It Tsjerkeslavysk waard ferfongen troch it Finsk en de Gregoriaanske kalinder waard ynfierd. Jierrenlang joegen de feroarings oanlieding ta strideraasjes yn 'e mienskip fan Valaam.
Yn 'e Winterkriich fan 1940 waard it kleaster evakuëarre. De 150 muontsen flechten nei it westen en fûnen plak yn it Finske Heinävesi, dêr't hja it oan hjoeddedei besteande kleaster Uusi Valamo (Nij Valamo) stiften. Nei de evakuaasje fan de kleasters Konevsky en Petsjenga is Nij Valamo it iennige manljuskleaster fan 'e Otterdokske Tsjerke fan Finlân. Yn 'e jierren 1941-1944, yn 'e oarloch, waarden der prikken yn it wurk steld om it kleaster te renovearjen, mar dat mislearre om't it eilân brûkt waard as militêre basis en it kleaster as hûs foar ynvaliden en as kasino. De kleastertún waard troch it Reade Leger as sjitterrein brûkt en de ikoanen tsjinnen as sjitskiif.
Yn 1989 waard it kleaster op 'e nij iepene. It kleaster hie de persoanlike beskerming fan patriarch Alexius II, dy't it kleaster as bern besocht hie. De gebouwen waarden wer restaurearre en it kleaster krige it lân werom dat earder ûnder de Sovjet-tiid ûnteigene wie, itjinge noch lange tiid foar konflikten soarge mei de lokale bewenners, dy't hjir yn de Sovjet-tiid kamen te wenjen.
Skiten
bewurkje seksjeBy it Valaamkleaster fan Valaam heart in grut tal saneamde skiten, lytse kleastermienskippen yn 'e archipel, dy't mear isolearre mar wol ûnder it haadkleaster falle.
-
Aleksander Vladimirtsjerke.
-
Alderheljenskit (1846-1849).
-
Himelfearttsjerke fan de Getsémanéskit (1911).
-
Elíastsjerke.
-
Nikolaastsjerke (1853).
-
Tsjerke fan Us Leaffrou fan Smolensk (Smolensk-skit, 1915-1917).
-
Opstanningsskite (1902-1906).
-
Opstanningstsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster_Walaam
|