Klimplanten binne planten dy't stipe nedich hawwe om nei boppen te groeien omdat de stâlen net stevich genôch binne om de plant selsstannich te dragen. As der gjin stipe is sille klimplanten krûpe oant se dy stipe fûn hawwe.

klimplant

Der binne ferskate metoaden om klimplanten omheech te lieden. Soks kin troch nei boppen te krûpen lykas by de marmaladestrûk en Solanum crispum. Der binne ek klimplanten dy't troch heakfoarmige stikels omheech geane lykas by Bougainvillea en de klimmende foarmen fan roazen. klimmerblêd, klimhortinsje en trompetklimmer klimme troch hechtwoartels. Ampelopsis, Vitis mei as bekendste soarte de drúf en de measte soarten pasjeblommen hechtsje har mei help fan stengelranken. reidklimmer, Lathyrus en Mutisia klimme mei blêdranken. De klimmende soarten út it skaai Klematis, Rhodochiton en Tropaeolum klimme troch winende blêdstâlen. Wylde wyngerd (wynrank) en Tetrastigma klimme mei hechtfuotsjes.

Planten dy't klimme troch har om de stipe, bygelyks balken of beammen, hinne te winen wurde slingerplanten neamd.

  NODES
os 1