Kofi Annan
Kofi Atta Annan (Kumasy, 8 april 1938 - Bern, 18 augustus 2018) wie in diplomaat út Gana, en wie fan 1997 oant en mei 2006 de sânde sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Hy jildt as in súksesfol herfoarmer, stimulator en brêgebouwer.
Annan begûn syn wurkpaad by de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO), in agintskip fan de Feriene Naasjes, yn 1962. Op 1 jannewaris 1997 waard hy ynstallearre as nije sekretaris-generaal Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes. Hy folge Boutros Boutros-Ghali op, in Egyptner, en waard de earste swarte sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes.
Koarte libbensrin
bewurkje seksje- Berne: 8 april 1938 yn Kumasi, Gana.
- Troud de Sweedske Nane, nicht fan Raoul Wallenberg. Sy krigen trije bern.
- Oplieding yn Gana, Genêve, Saint Paul (Minnesota) en Massachusetts (F.S.). Annan helle master titels yn ekonomy en management.
- Fan 1962-1992 hie er by de FN yn ferskate liedende funksjes (Egypte, Etioopje, Switserlân en New York).
- 1993: ûnder-sekretaris-generaal foar fredesoperaasjes, ferantwurdlik foar de festiging fan de FN-fredesmacht yn Bosnje.
- 1996 Keazen as sekretaris-generaal fan de FN, opfolger fan Boutros Boutros-Ghali.
- 1 jannewaris 1997 sette er útein as sekretaris-generaal.
- 2001 wurdt er op 'en nij keazen.
- 2012 waard er spesjaal ôffurdige foar de Feriene Naasjes en de Arabyske Liga foar de opstân yn Syrje tsjin presidint Bashar al-Assad.
Elder statesman
bewurkje seksjeNei't er by de FN wei wie krige Kofi Annan de status fan âlde wrâldlieder. Yn july 2007 waard er opnaam yn it selskip The Elders, dat foarme wie om âld-presidint Nelson Mandela fan Súd-Afrika hinne. Annan spile ek in grutte rol by de foarming fan de reagering fan nasjonale ienheid yn Kenia, dêr't begjin 2008 in boargeroarloch driigde te ûntstean. Hy hat fierder ferskate kearen besocht om in ein te meitsjen oan de oarloch om Darfur.
Underskiedingen
bewurkje seksjeOp 13 july 2001 ûntfonger in earedoktoraat fan de Frije Universiteit Berlyn en yn oktober fan dat jier waard him de Nobelpriis foar de Frede útrikt.
Yn 2003 krige er de Sacharovpriis foar Frijheid fan Tinken fan it Europeesk Parlemint en itselde jier ûntfong er in earedoktoraat fan de Universiteit Gint.
2004: Four Freedoms Award Freedom medal
Yn 2006 waard er beneamd ta Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en ûntfong er de Olof Palme-priis.
Literatuer
bewurkje seksje- Friederike Bauer: Kofi Annan. Ein Leben. S. Fischer Verlag, Frankfurt am Main 2005, ISBN 3-10-009647-9.
- Stanley Meisler: Kofi Annan - A man of Peace in a World of War. John Wiley & Sons, New York 2007, ISBN 0-471-78744-2.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kofi Annan fan Wikimedia Commons. |