Konstantin Paustovsky

Konstantin Georgiejevitsj Paustovsky (Russysk: Константин Георгиевич Паустовский; Konstantin Georgiejevitsj Paoestovski) (Moskou, 31 maaie 1892 - dêre, 14 july 1968) wie in Russysk auteur.

Konstantin Paustovsky om 1915 hinne
Grêf fan Paustovsky yn Tarusa

Paustovskys heit wie statistkus by it spoar, syn mem kaam út in Poalske famylje fan yntellektuelen. Doe't er op it gymnasium yn Kiev siet, ferliet syn heit de hûshâlding. Nettsjinsteande de finansjele swierrichheden dy't dat joech koe Paustovski dochs studearje. Yn 't earstoan die er wis- en natuerkunde yn Kiev en letter filosofy yn Moskou. Fanwege de Earste Wrâldoarloch moast er syn stúdzje ôfbrekke.

Yn de Earste Wrâldkriich tsjinne Paustovsky as sikefersoarger oan it Prusysk front en makke er it tebeklûken fan it Russysk leger troch Poalen en Wyt-Ruslân mei. Neidat er boadskip fan it sneuveljen fan twa fan syn bruorren krige hie gie Paustovsky werom nei syn mem yn Moskou. Hy gie fannijs út Moskou wei om ienfâldich wurk te dwaan, lykas tramkondukteur en fisker, ûnder mear yn Jekaterinoslav en Taganroch.

Paustovsky makke de Russyske Revolúsje yn 1917 mei yn Moskou. Nei de oerwinning fan de Bolsjewiken waard er sjoernalist en hâlde sa ta yn Odessa en Tiflis. Yn 1930 gie er werom nei Moskou en wurke dêr ûnder oaren foar de krante Pravda en ferskate oare foaroansteande tydskriften.

Under de Twadde Wrâldkriich wie Paustovski oarlochskorrespondint oan it Sudlik front. Fan 1948 oant 1955 joech er literatuer oan it Maxim-Gorki-Ynstitút yn Moskou.

Yn 1965 waard Paustovsky nominearre foar de Nobelpriis foar de Literatuer, dy't lykwols (sa wurdt yn it generaal tocht) ûnder druk fan de Sovjet-Uny oan Michail Sjolochov takend waard, dy't mear loyaal oan it Sovjetrezjym wie.

Bibliografy yn it Nederlânsk

bewurkje seksje

De memoires fan Paustovsky (Geschiedenis van een leven) hawwe seis dielen:

  • Verre jaren
  • Onrustige jeugd
  • Begin van een onbekend tijdperk
  • De tijd van grote verwachtingen
  • De sprong naar het Zuiden
  • Boek der omzwervingen

Oar wurk:

  • Afscheid van de zomer (ferhalen)
  • De romantici (roman)
  • De baai van Kara-Bogaz (roman)
  • De Zwarte Zee (roman)
  • De gouden roos (literêre oantins)
  • E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utert
  • A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum
  • F. Westerman: Ingenieurs van de ziel, 2002, Amsterdam

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES