Kung fu is in Sineeske stjitsport. De namme betsjut yn it Sineesk eat as feardigens berikke troch folhâlden. De namme is yn de sechtiger jierren opkaam yn it Westen, wylst yn it Easten oant dy tiid fan wu shu praat waard. Hjoeddedei wurdt binnen de sport sels wu shu mear brûkt foar it sportelemint, wylst kung fu mear brûkt wurdt foar de fjochtkeunst, wêrby mear klam leit op de behearsking fan lichem en geast beide.

Alde foarstelling fan kriichshaftige muontsen dy't de keunst fan sels-ferdigening toane

Kung fu is ien fan de âldste foarmen fan fjochtkeunst, basearre op it fjochtsysteem dat de Earste Keizer yn Sina fêststelde yn de tredde iuw foar Kristus. It hat dêrmei de basis west foar in protte lettere fjochtsporten, as karate, taekwondo en aikido.

Kung fu is in net ien strikte styl, mar is in ramt dêr't in lytse twahûndert stilen yn brûkt wurde. It grutste ûnderskie dat dêrby makke wurdt is tusken de noardlike en súdlike stilen. Noardlik wurdt gebrûk makke fan de romte; der wurdt heech en fier fan it lichem fjochten, mei lange earms, hege trappen en sprongtrappen. Súdlik wurdt ticht op 'e tsjinstanner fjochten, mei balansposysjes ticht by de grûn dêr't flugge stjitten út makke wurde. As ferklearing fan dit ûnderskie wurdt wol oandroegen dat de Sinesen noardlik fan de Giele Rivier grutter binne en yn de iepen romte fan de flakten libben, wylst besuden de rivier de minsken lytser binne en yn sletten lânskippen en op harren fiskersboaten libben.

  NODES
os 1