In lâningte is in smel stik lân dat twa gruttere stikken lân mei elkoar ferbynt. Bygelyks de Lâningte fan Panama ferbynt Noard- mei Súd-Amearika en de Lâningte fan Suez yn Egypte ferbynt Afrika mei Aazje (of Jeraazje). In lâningte is dan eins it omkearde fan in seestrjitte.

De Lâningte fan Panama.

Troch in lâningte wurdt faak in kanaal oanlein om in koartere wei foar de skipfeart te meitsjen. It Panamakanaal giet troch de Lâningte fan Panama, en ferbynt sa de Atlantyske Oseaan mei de Stille Oseaan, it Suez-kanaal ferbynt de Middellânske See mei de Reade See (en dêrmei de Atlantyske Oseaan mei de Yndyske Oseaan).

It komt it meast foar dat in lâningte in skiereilân mei it fêstelân ferbynt, of twa parten fan in eilân mei elkoar.

Yn in soad definysjes wurdt sein dat in lâningte oan beide kanten omheind wurde moat troch see, mar de Karelyske Lâningte, dy’t de Finske Golf skied fan de Ladogamar, bewiist dat in mar ek foar in lâningte soargje kin.

List fan lâningten

bewurkje seksje

Hjirûnder stiet in net folsleine list fan lâningten op de wrâld.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES