Lêste mienskiplike foarâlder

De lêste mienspilike foarâlder is in begryp út de kladistyk. It beskriuwt de lêste, dat wol sizze de resintste, foarâlderfan alle soarten dy´t in klade mienskiplik hat. Nei it ûnstean fan dizze foarâlder, binne de soarten útelkoar gongen. Dêrmei foarmje de foarâlder en alle neiteam bylkoar in monofyl klade.

Aldste of jongste

bewurkje seksje

Ditselde begryp wurdt ek omskreaun as de âldste mienskiplike foarâlder, of krekt as de jongste mienskiplike foarâlder. Yn al dy omskriuwings giet it oer de oergong yn in klade fan ien soarte - de foarâlder - op mear soarten - de neiteam. Dat it de lêste is, jout oan dat noch lettere soarten net mear mienskiplik binne mei gâns dat klade. Dat it de jongste wêze soe, jout oan dat er gjin lettere neiteam mear wie dy't mienskiplik binne mei gâns dat klade. Dat it de âldste wêze soe, jout oan dizze soarte noch mienskiplik is mei gâns it klade, mar dat lettere soarten dat net mear binne. Yn alle gefallen giet it om de mienskiplike foarâlder op de grins.

Yn de sibbekunde wurdt it begryp mienskiplike foarâlder ek brûkt, mar dan giet it oer de foarteam fan alle neiteam fan in sibbe. Lykwols is der gjin absolút begjin fan de sibbe, dat der wurdt ornaris net sein dat in spesyfike foarâlder de lêste/âldste/jongste is.

  NODES
Done 1