Langsturtfazanten

De langsturtfazanten (wittenskiplike namme: Syrmaticus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e echte fazantfûgels (Phasianini). Ta dit skaai hearre fiif soarten fazanten, dy't foarkomme yn Aazje. De hoannen hawwe koarte spoaren en ornaris reade lellen, mar ferskille fierders omraak fan uterlik. De hinnen hawwe in saaie, mar effisjinte brune skutkleur en binne dreech útinoar te hâlden.

langsturtfazanten
In mikadofazant (Syrmaticus mikado).
In mikadofazant (Syrmaticus mikado).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
boppefamylje: fazantfûgels (Phasianoidea)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
ûnderfamylje: echte fazanten (Phasianinae)
tûke: echte fazantfûgels (Phasianini)
skaai: langsturtfazanten (Syrmaticus)
Wagler, 1832

It skaai fan 'e langsturtfazanten waard yn 1832 troch de Dútske herpetolooch en ornitolooch Johann Georg Wagler yntrodusearre. De fiif soarten langsturtfazanten wurde soms yn it skaai fan 'e fazanten (Phasianus) pleatst op basis fan DNA-ûndersyk, mar dat liket by neier ynsjen gjin jildige yndieling. De genetyske evolúsje fan 'e langsturtfazanten hat ûngewoan west en kin ûndersyk nei molekulêre fylogenetika maklik misliede.

Nij ûndersyk hat útwiisd dat de trije súdeastlike soarten nau besibbe binne en in byinoar hearrende klade foarmje. De oare beide soarten lykje minder nau besibbe te wêzen. Soms wurdt dêrom inkeld de keningsfazant (S. reevesi) ta it skaai Syrmaticus rekkene, dat dan de gebrûksnamme 'keningsfazanten' kriget. De koperfazant (S. soemmerringii) kriget dan in apart skaai, Graphephasianus fan 'e koperfazanten, wylst de oare trije soarten yn in nij skaai fan 'e langsturtfazanten pleatst wurde, mei de wittenskiplike namme Calophasis. Hoewol't dy yndieling úteinlik mooglik de korrekte blike kin te wêzen, bestiet der anno 2024 noch te min bewiis foar en dêrom is der ek noch lang gjin konsensus oer ûnder saakkundigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Idea 2
idea 2