Lofts of links is yn 'e polityk in term om 'e ideology fan politike partijen en fan yndividuële politisy en oare persoanen yn it polityk spektrum oan te tsjutten. De loftse polityk stiet foar maatskiplike gelikensens en egalitarisme, en kantet him faak oan tsjin maatskiplike hierargyen, lykas adel, geastlikheid en monargy. Dizze foarm fan 'e polityk wurdt yn 'e regel karakterisearre troch soarch foar de ûnderdrukten, earmen en oaren dy't op 'e iene of oare manear in neidielige of ûnbefoarrjochte posysje hawwe, en de oertsjûging dat der maatskiplike ûngelikensens bestiet dy't net te rjochtfeardigjen is en dy't dêrom opheft of yn elts gefal safolle mooglik beheind wurde moat.

De termen 'lofts' en 'rjochts' yn 'e kontekst fan 'e polityk ûntstiene yn 'e jierren fuort nei de Frânske Revolúsje fan 1789, en ferwize nei de doetiidske yndieling fan sitplakken yn it Frânske parlemint, de Steaten-Generaal. It wie doe nammentlik sa dat de foarstanners fan 'e revolúsje en fan sekularisaasje en de ynstelling fan in republyk, lofts fan 'e foarsitter sieten, wylst de oanhingers fan monargy en it saneamde Ancien Régime rjochts fan 'e foarsitter sieten. Nei't yn 1815 mei de Restauraasje fan it Hûs Boerbon it keninkryk wer ynsteld waard, bleau dy sitewaasje hanthavene en rekken termen lofts en rjochts yn algemien gebrûk. Sa waarden se meitiid ferspraat oer de rest fan Jeropa.

Tsjintwurdich wurdt 'lofts' yn politike sin brûkt foar in stikmannich politike streamings, wêrûnder it sosjalisme of de sosjaal-demokrasy, it kommunisme, it syndikalisme (de fakbûnen), it anargisme en ek de grienen. Ek republikeinske bewegings yn lannen mei in monargale steatsfoarm binne oer it algemien lofts, mar net altyd (de republikeinske nasjonalistyske partij NVA yn Flaanderen hat bygelyks dúdlik in rjochts karakter). Ek nasjonalisme kin lofts wêze as it opkommen foar de belangen fan in minderheid fermongen wurdt mei tradisjoneel sosjalistyske stânpunten; de FNP yn Fryslân en de SNP yn Skotlân binne bgl. partijen dy't dúdlik lofts-nasjonalistysk binne. Soms wurdt der in ûnderskie makke tusken lofts en ekstreem-lofts. Ekstreem-lofts binne it kommunisme en syn farianten, lykas it marxisme-leninisme, it maoïsme en it trotskisme.

Moderne loftse partijen karakterisearje har oer it algemien troch it opkommen foar in breed ferskaat oan beliedspunten, wêrûnder net inkeld maatskiplike gelikensens (de saneamde 'klassestriid'), mar ek dingen as emansipaasje, feminisme en frouljusrjochten, homorjochten, miljeubeskerming en duorsumens, pasifisme en anty-oarlochsstânpunten. Se kantsje har oan tsjin te fier trochsketten frijemerkwurking, diskriminaasje, rasisme en faksisme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

  NODES
Done 1
lenin 1