Ménage à trois (útspr.: [me:'na:ʒ a tʀwa]; likernôch: "meenaazj a trwa") is in Frânske term dy't letterlik "hûshâlding fan trije" betsjut. Oarspronklik waard dêrmei ferwiisd nei in oerienkomst wêrby't trije minsken ien húshâlding foarmje en ek seksuële omgong mei-inoar hawwe as ûnderdiel fan in duorjende relaasje. Tsjintwurdich wurdt it begryp breder brûkt, en kin mei ménage à trois ek in oerienkomst bedoeld wurde wêrby't trije minsken yn ien hûs gearlibje sûnder needsaaklikerwize seksuële omgong mei-inoar te hawwen. De term is lykwols bekender as synonym foar triootsje: trije minsken dy't (meast flechtich) seksueel kontakt mei-inoar hawwe. Dêrtroch hat ménage à trois in suggestive lading krigen dy't op seksualiteit tsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Bibliography, op dizze side.

  NODES