Mei de term magnum opus (Latyn foar "grut wurk"; meartal: magna opera) wurdt de grutste en mooglikerwize bêste, meast ferneamde en/of populêrste skepping fan in skriuwer, komponist of keunstner oantsjut. Soms wurdt it ek wol brûkt om nei in grut wurk, ynstee fan it grutte wurk, fan in spesifike persoan te ferwizen. In magnum opus ûnderskiedt him fan in masterwurk troch it betingst dat it in wurk op grutte skaal wêze moat (wat by in masterwurk net needsaaklikerwize sa hoecht te wêzen), en it ûntbrekken fan it betingst dat it ornaris ta de meast súksesfolle wurken fan 'e makker hearre moat (wat by in masterwurk al sa is).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
os 1