Marburg an der Lahn is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Hessen en ien fan Dútslâns âlde universiteitsstêden. De stêd leit oan 'e Lahn en foarmet it bestjoerlik sintrum fan 'e lânkring Marburg-Biedenkopf. Marburg hie op 31 desimber 2018 76.851 ynwenners.

Marburg
Sicht op it slot en de lutherske parochytsjerke
Sicht op it slot en de lutherske parochytsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Landkreis Marburg-Biedenkopf
Sifers
Ynwennertal 78.203 (31-12-2023)
Oerflak 123,91 km²
Befolkingsticht. 631 ynw./km²
Hichte 186 m boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 48' N 8° 46' E
Offisjele webside
www.marburg.de
Kaart
Marburg (Hessen)
Marburg

De stifting fan 'e Philipps-Universität yn 1527 hat fan grutte ynfloed west op 'e ûntwikkeling fan 'e stêd. It is de âldste protestantske universiteit fan 'e wrâld.

Yn it protestantske Marburg waarden yn 1529 de "Marburger Godstsjinstpetearen" holden tusken lutherske en kalvinistyske fertsjintwurdigers. Oan 'e petearen namen û.o. de bekende herfoarmers Maarten Luther, Philipp Melanchthon, Huldrych Zwingli en Martin Bucer diel.

Marburg stiet bekend om de midsiuwske tsjerken. De Elisabethkirche is ien fan 'e earste suver goatyske tsjerken noardlik fan 'e Alpen bûten Frankryk. Dêrnjonken hat de stêd in goed bewarre histoarysk sintrum en in grut midsiuwsk kastiel. Marburg wie tusken 1600 en 1850 in slieperige stêd, sadat der foar in soad gebouwen gjin jild wie om se te ferfangen troch nijbou.

Yn 'e 19e iuw waard de stêd troch romantisy ûntdutsen en in soad fertsjintwurdigers fan 'e romantyk besochten de stêd om dêr te wenjen, te ûnderwizen of te studearjen. Ien fan 'e meast bekenden wiene de bruorren Grimm, dy't hjir in soad mearkes sammelen. De toer fan Rapûnzel stiet yn Marburg en oan 'e oare kant fan 'e Lahn yn in gebiet mei de namme Schwalm droegen famkes eartiids reade kapkes.

In soad gebouwen yn 'e stêd binne yn de jierren 1970 restaurearre en foar dat krewearjen waard Marburg ûnderskieden mei in soad ynternasjonale prizen.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marburg fan Wikimedia Commons.
  NODES
web 1