Dizze side giet oer de aadlike titel markys. Foar oare betsjuttings, sjoch: markys (betsjuttingsside).

Markys (fan it Frânske marquis) is in aadlike titel fan in legere rang as hartoch, mar fan in hegere rang as greve. De namme foar in froulike markys of foar de frou fan in markys is markizinne. In gebiet dat regearre wurdt troch in markys hjit in markizaat. Foar markizetitels yn it Dútske taalgebiet wurdt yn 'e regel de namme markgreve brûkt, dy't folslein ekwivalint is mei markys. In froulike markgreve is in markgrevinne, en in gebiet dat troch in markgreve regearre wurdt, hjit in markgreefskip.

'Markgreve', of alteast de Dútske oersetting Markgraf, is eins de âldere foarm fan it wurd. Yn 'e Midsiuwen wiene sokke eallju belêstge mei it bestjoer en de ferdigening fan in mark, in grut distrikt oan 'e grins fan it ryk dat út ferskate greefskippen bestie. Dat ferskynsel gie werom op it Frankyske Ryk út 'e tiid fan Karel de Grutte. De iere foarm fan it wurd 'markgreve' kaam sadwaande as lienwurd yn it Frânsk telâne, dat it ferbastere ta marquis, in foarm dy't letter wer weromliend waard nei ferskate Germaanske talen, wêrûnder it Nederlânsk en it Frysk. De iennichste markizen yn Nederlân wiene fan âlds de hearskers oer Feare en Flissingen, yn Seelân, oant de hearlikheid Bergen op Soom yn 'e sechstjinde iuw ek ta markizaat ferheft waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


  NODES
Note 1