In masinegewear as mitrailleur is in gewear, dat trochgiet mei sjitten at it ien kear ôffjurre wurdt. Ornaris is dat mooglik trochdat in part fan de eksploazjekrêft (gas) fan de munysje brûkt wurdt foar it laden fan nije munysje, wêrtroch't it wapen wer fjoerree is. De lytste soarte fan masinegewear is it masinepistoal. It masinegewear waard yn 1862 yn 'e Feriene Steaten útfûn.

Browning .50, swier masinegewear
Ien fan de meast ferneamde masinegewearen, de Amerikaanske M60

Fluchfjoerkanonnen, tapast op fleanmasines en ynfanterypânserreau, lykje op masinegewearen, mar fersjitte lytse granaten; sy kinne mear as sechtich kear de sekonde fjoer jaan.
Faak binne dy fluchfjoerkanonnen basearre op it type masinegewear de Gatling gun, mei rotearjende lopen. In moderne fariant fan de Gatling Gun is bygelyks it boardkanon fan de F-16 Fighting Falcon en de A-10 Thunderbolt II. Oare foarbylden binne it 25mm kanon fan de M2 Bradley en de 30mm, 35mm en 40mm sa't dy brûkt wurde op de ferskate farianten fan de Sweedske ynfanterygefjochtswein CV90.

  NODES