Menhir is de namme dy't (benammen yn it Frânske taalgebiet) jûn wurdt oan in grutte stien. Sa'n stien is net altyd ôfgryslike grut; in soad binne mar in meter heech. De menhirs binne troch prehistoaryske folken brûkt om formaasjes fan megaliten te meitsjen. Dizze formaasjes kinne linen wêze of rûnten. De namme "menhir" komt út it Bretonsk: "maen" betsjut stien en "hir" betsjut heech. Wêrom't de menhirs delsetten binne, is net mei wissichheid te sizzen. Menhirs waarden net allinnich yn stiensirkels delsetten, mar ek los yn it lânskip. Losse menhirs soene as hillichdom brûkt wêze, dêr't in religy beöefene waard.

Twa menhirs yn Bretagne, 11 en 9 meter lang
Megaliterigen by Carnac, Frankryk

Karnak (yn Bretanje) is tige bekend om syn megaliten. Der steane dêr in pear tûzen op lykstrekige rigen dy't beëinige wurde troch in heale sirkel, ek wol Cromlech neamd.

Súd-Korsika

bewurkje seksje

Menhirs komme ek foar op Korsika. Se binne in jier of wat ferlyn op ferskate plakken yn it suden fan it eilân opgroeven, ûnder oare yn Formatosa.

Asteriks en Obeliks

bewurkje seksje

De menhir is algemien bekend wurden troch de stripferhalen fan Asteriks en Obeliks. Obeliks is sa sterk dat hy faak in menhir op syn rêch draacht.

  NODES
Done 1