Miguel Ferrer (folút: Miguel José Ferrer; Santa Monica (Kalifornje), 7 febrewaris 1955Los Angeles, 19 jannewaris 2017) wie in Amerikaansk akteur fan mingd blank en Latino-komôf. Hy stie benammen bekend om syn spyljen fan smjunterollen, lykas Bob Morton, de ûntwerper fan it titelpersonaazje yn 'e film RoboCop, dêr't er yn 1987 mei trochbriek. Oare bekende rollen hie Ferrer yn 'e films Mulan en Rio 2, en yn 'e tillefyzjesearjes Twin Peaks, Crossing Jordan en NCIS: Los Angeles.

Miguel Ferrer
akteur
Miguel Ferrer yn 2015.
Miguel Ferrer yn 2015.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Miguel José Ferrer
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 febrewaris 1955
berteplak Santa Monica (Kalifornje)
stoarn 19 jannewaris 2017
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
Portorikaansk
jierren aktyf 19812017
prizen SAG Award 2000
offisjele webside
Miguel Ferrer op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Ferrer waard yn 1955 berne yn Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan akteur en Oscarwinner José Ferrer, dy't fan Portorikaansk komôf wie, en dy syn frou, de sjongster Rosemary Clooney, dy't Dútske, Ierske en Ingelske foarâlden hie. Hy wie de âldste fan fiif bern, mei twa jongere susters, Maria en Monsita, en twa jongere bruorren, Gabriel (dy't letter trouwe soe mei sjongster Debby Boone) en Rafael, dy't krekt as hysels akteur waard. Ferrer wie in folle neef fan akteur George Clooney en in omkesizzer fan 'e sjoernalist Nick Clooney. Hy groeide op yn Hollywood, dêr't er yn syn tinerjierren as drummer yn it bandsje Seduction of the Innocent spile, mei Bill Mumy, Steve Leialoha en Max Allan Collins.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

Ferrer begûn yn 'e iere 1980-er jierren oan in wurkpaad as akteur doe't syn maat Bill Mumy him as drummer caste yn 'e tillefyzjesearje Sunshine. Yn 1981 spile er de jongere foarm fan it personaazje fan syn heit yn 'e detektivesearje Magnum, P.I. en yn 1983 krige er in lyts roltsje taparte as in ober yn 'e film The Man Who Wasn't There. Ek hied er in lyts roltsje yn 'e science fiction-film Star Trek III: The Search for Spock (1984), as de roerman fan 'e U.S.S. Excelsior. Oare lytse roltsjes út syn begjintiid as akteur hie Ferrer yn 'e plysjesearjes Cagney & Lacey en Hill Street Blues.

De trochbraak kaam foar Ferrer yn 1987, doe't er yn 'e satiryske aksjefilm RoboCop de kokaïnesnuvende sakeman Bob Morton spile, it kweade genius efter de ûntwikkeling fan it ta cyborg makke titelpersonaazje. Neitiid wied er faker te sjen yn smjunterollen: as in sinistere motorrider yn Valentino Returns (1988), in oeriverige yngenieur yn DeepStar Six (1989), en in fernimstige figilante yn Revenge (1990). Fierders spile er ek yn 'e filmkomeedzje Hot Shots! Part Deux (1993), mei Charlie Sheen, en yn 'e minysearje The Stand (1994), nei in boek fan Stephen King. Yn 'e horrorfilm The Night Flier (1997), oer in al te nijsgjirrige sjoernalist dy't in fampier efter de hakken sit, hie Ferrer de haadrol.

Begjin 1990-er jierren wie Ferrer te sjen yn trije populêre tillefyzjesearjes tagelyk: as ofsier fan Justysje Todd Spurrier yn Shannon's Deal (1989-1991), as de Keedjun-plysjeman Beau Jack Bowman yn Broken Badges (1990-1991) en as de synyske gerjochtlik ûndersiker foar de FBI Albert Rosenfield yn 'e cultsearje Twin Peaks. Dy lêste rol spile fertolke Ferrer ek yn 'e film Twin Peaks: Fire Walk with Me (1992).

Yn 'e pilotôflevering foar de mislearre searje Justice League of America, út 1997, spile Ferrer in supersmjunt dy't himsels 'de Waarman' (the Weatherman) neamde. Letter datselde jiers liende er syn stim oan in ferlykber personaazje, de 'Waartsjoender' (Weather Wizard), yn 'e ôflevering Speed Demons fan 'e tekenfilmsearje Superman: The Animated Series. Yn 1999 spriek er de dialooch yn foar de superheld Aquaman yn 'e ôflevering A Fish Story fan deselde searje. Letter dat jiers waard er nominearre foar in Grammy Award foar it foarlêzen fan it bêste audioboek foar bern, ntl. The Lion King II, fan 'e Disney Studios. Syn bekendste wurk as stimakteur hie Ferrer lykwols yn 'e Disney-film Mulan, út 1997, wêryn't er de rol fan 'e Hunske lieder Shan Yu fertolke.

Yn 'e tillefyzjesearje Crossing Jordan, dy't rûn fan 2001 oant 2007, spile Ferrer de rol fan dokter Garret Macy, in patolooch-anatoom. Yn 2003 makke er syn debút as toanielakteur yn New York yn 'e off-Broadwayproduksje fan it toanielstik The Exonerated. It jiers dêrop wied er as stimakteur belutsen by de produksje fan it fideospultsje Halo 2. Fierders died er voice-overwurk foar de tekenfilmsearjes Robot Chicken yn 2006 en American Dad! yn 2007.

Yn 2011 spile Ferrer yn it plysjedrama The Protector de rol fan 'e Los Anzjelynske plysjeresjersjeur Felix Valdez. Fierders hied er datselde jiers in weromkearende rol yn it lêste seizoen fan 'e soapsearje Desperate Housewives. Yn 2012 hied er in weromkearende rol as adjunkt direkteur Owen Granger fan 'e NCIS (de eigen resjerzje fan 'e Amerikaanske Marine) yn 'e plysjesearje NCIS: Los Angeles. Dy rol waard yn 2013 omset ta in fêstenien, sadat Ferrer in fêst lid fan 'e cast waard. Dat soed er bliuwe oant syn ferstjerren. Ek wurke er mei oan 'e superheldefilm Iron Man 3, út 2013, en wied er noch te sjen yn 'e revival fan 'e searje Twin Peaks yn 2017.

Miguel Ferrer kaam op 19 jannewaris 2017 yn syn wente yn Los Angeles te ferstjerren oan kielkanker. Hy waard 61 jier.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1981 Magnum, P.I. faandrich Bobby Wickes gastrol; ôfl. Lest We Forget
1982 Trapper John, M.D. Darby Thud gastrol; ôfl. A Piece of the Action
1983 CHiPs Bean gastrol; ôfl. Firepower
1983 Trapper John, M.D. dokter Austin gastrol; ôfl. Hear Today, Gone Tomorrow
1984 Cagney & Lacey Nunzio gastrol; ôfl. Choices
1984 Hill Street Blues Carlos gastrol; ôfl. Ewe and Me, Babe
1985 T.J. Hooker Sonny Unger gastrol; ôfl. Love Story
1985 Trapper John, M.D. traumateamdokter gastrol; ôfl. All the King's Horses…
1987 Houston Knights Virgilio gastrol; ôfl. Scarecrow
1987 CBS Summer Playhouse Mic gastrol; ôfl. Kung Fu: The Next Generation
1987 Hotel Brian gastrol; ôfl. All the King's Horses
1987 Ohara Kramer gastrol; ôfl. Artful Dodgers
1987 Downpayment on Murder Martin tillefyzjefilm
1988 Hooperman Scott Kapus gastrol; ôfl. Chariots of Fire
1988 C.A.T. Squad: Python Wolf Paul Kiley tillefyzjefilm
1988 Badlands 2005 Rex pilotôflevering
1987 & 1989 Miami Vice ofsier fan justysje Ramon Pedroza weromkearende rol; 2 ôfl.
1989 Guts and Glory: The Rise and Fall of Oliver North Scott Toney tillefyzjefilm
1989 Shannon's Deal Todd Spurrier tillefyzjefilm
1990 Drug Wars: The Camarena Story Tony Riva weromkearende rol; 3 ôfl.
1990 Tales from the Crypt Mitch Bruckner gastrol; ôfl. The Thing from the Grave
1990–1991 Twin Peaks FBI-agint Albert Rosenfield weromkearende rol; 8 ôfl.
1990–1991 Shannon's Deal ofsier fan justysje Todd Spurrier weromkearende rol; 9 ôfl.
1990–1991 Broken Badges Beau Jack Bowman weromkearende rol; 7 ôfl.
1991 Murder in High Places Wilhoite tillefyzjefilm
1992 On the Air Bud Budwaller fêste rol; 7 ôfl.
1992 In the Shadow of a Killer ofsier fan justysje Steven Walzer tillefyzjefilm
1992 Cruel Doubt Lewis Young weromkearende rol; 2 ôfl.
1993 Scam Barry Landers tillefyzjefilm
1993 Tales from the Crypt hiermoardner gastrol; ôfl. As Ye Sow
1994 Biography n.f.t. as ferteller; ôfl. Bruce Lee: The Immortal Dragon
1994 Royce Gribbon tillefyzjefilm
1994 The Stand Lloyd Henreid minysearje
1994 Incident at Deception Ridge Ray Hayes tillefyzjefilm
1994 ER Parker gastrol; ôfl. 24 Hours
1994 Tales from the Crypt Gary gastrol; ôfl. In the Groove
1994 Jack Reed: A Search for Justice Win Carter tillefyzjefilm
1994 A Promise Kept: The Oksana Baiul Story Stanislav tillefyzjefilm
1995 The Return of Hunter: Everyone Walks in L.A. Jack Valko tillefyzjefilm
1995 In the Line of Duty: Hunt for Justice Thomas Manning tillefyzjefilm
1995 Fallen Angels Abbazzia weromkearende rol; 6 ôfl.; ek ferteller fan 'e prolooch
1996 Project ALF Dexter Moyers tillefyzjefilm
1997 Justice League of America Dr. Eno / Weather Man pilotôflevering
1997 Superman: The Animated Series Weather Wizard as stimakteur; gastrol; ôfl. Speed Demons
1997 The Shining Mark James Torrance as stimakteur; gastrol; ôfl. s1.e2
1997 Superman: The Animated Series De'Cine as stimakteur; gastrol; ôfl. Warrior Queen
1998 Brave New World direkteur fan Utbrieding en Conditioning tillefyzjefilm
1998 Men in Black: The Series dr. Lupo as stimakteur; gastrol; ôfl. The Take No Prisoners Syndrome
1998 Hercules Antéus as stimakteur; gastrol; ôfl. Hercules and the Hostage Crisis
1998–1999 LateLine Vic Karp fêste rol; 17 ôfl.
1999 Superman: The Animated Series Aquaman as stimakteur; gastrol; ôfl. A Fish Story
1999 Will & Grace Nathan Berry gastrol; ôfl. Saving Grace
2000 3rd Rock from the Sun Jack gastrol; ôfl. Youth Is Wasted on the Dick
2001 Matisse & Picasso: A Gentle Rivalry Pablo Picasso as stimakteur; tillefyzjespecial
2001–2007 Crossing Jordan dokter Garret Macy fêste rol; 117 ôfl.
2002 Shadow Realm dokter Daniel Critchley tillefyzjefilm
2002 Night Visions dokter Dan Critchley gastrol; ôfl. Patterns
2002 Sightings: Heartland Ghost Allen tillefyzjefilm
2003 L.A. County 187 brigadier Walter Drazin tillefyzjefilm
2003–2004 Jackie Chan Adventures Tarakudo / Shadowkhan King as stimakteur; weromkearende rol; 8 ôfl.
2006 Robot Chicken Danny Ocean / Basher Tarr as stimakteur; gastrol; ôfl. 1987
2007 American Dad! CIA-agint Hopkins as stimakteur; gastrol; ôfl. American Dream Factory
2007 El Tigre: The Adventures of Manny Rivera El Tigre as stimakteur; gastrol; ôfl. The Grave Escape
2007 Bionic Woman Jonas Bledsoe weromkearende rol; 9 ôfl.
2007 The Batman Sinestro as stimakteur; gastrol; ôfl. Ring Toss
2008 Medium Joey / Teddy Carmichael gastrol; ôfl. Being Joey Carmichael
2008 Law & Order: Criminal Intent Gus Kovak gastrol; ôfl. Ten Count
2009 The Spectacular Spider-Man Silvio Manfredi / Silvermane as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2009 CSI: Crime Scene Investigation abbekaat Whitten gastrol; ôfl. Miscarriage of Justice
2009 Kings generaal Mallick gastrol; ôfl. Prosperity
2009 Lie to Me FBI-agint Bill Steele gastrol; ôfl. Tractor Man
2010 Psych Fred Collins Boyd gastrol; ôfl. Think Tank
2010 Edgar Floats Bob pilotôflevering
2011 Ben 10: Ultimate Alien magister Hulka as stimakteur; gastrol; ôfl. Basic Training
2011 ThunderCats duëlist as stimakteur; gastrol; ôfl. The Duelist and the Drifter
2011 The Protector ynspekteur Felix Valdez fêste rol; 13 ôfl.
2011 Desperate Housewives André Zeller weromkearende rol; 5 ôfl.
2012 Applebaum resjersjeur Pepper Ferrer pilotôflevering
2010–2011 Young Justice L-1 as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2011–2013 Young Justice Vandal Savage as stimakteur; weromkearende rol; 9 ôfl.
2011–2014 Adventure Time de Dea as stimakteur; 4 ôfl.
2012–2017 NCIS: Los Angeles adjunkt-direkteur Owen Granger fan 'e NCIS   fêste rol; 115 ôfl.
2017 Twin Peaks FBI-agint Albert Rosenfield 11 ôfl.; postúm útstjoerd
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje
2017–2018 Stretch Armstrong and the Flex Fighters Stretch Monster as stimakteur; fêste rol; 10 ôfl.; postúm útstjoerd
films
1982 Truckin' Buddy McCoy Pete
1982 And They Are Off ûnbekend
1983 Heartbreaker Angel
1983 The Man Who Wasn't There ober
1984 Star Trek III: The Search for Spock roerman fan 'e USS Excelsior
1984 Flashpoint Roget
1984 Lovelines Dragon
1987 RoboCop Bob Morton
1989 Deepstar Six Snyder
1989 Valentino Returns motorrider
1990 Revenge Amador
1990 The Guardian Ralph Hess
1992 Twin Peaks: Fire Walk with Me FBI-agint Albert Rosenfield
1992 The Harvest Charlie Pope
1993 Cigarettes & Coffee Bill koarte film
1993 Point of No Return direkteur Kaufman
1993 Hot Shots! Part Deux luitenant-kolonel Harbinger
1993 Another Stakeout Tony Castellano
1993 It's All True: Based on an Unfinished Film by Orson Welles n.f.t. voice-over; dokumintêre
1994 Blank Check Carl Quigley
1997 The Disappearance of Garcia Lorca Centeno
1997 The Night Flier Richard Dees
1997 Mr. Magoo Ortega Peru
1998 Mulan Shan Yu as stimakteur
1998 Where's Marlowe? Joe Boone
2000 Traffic Eduardo Ruiz
2002 Sunshine State Lester
2004 The Manchurian Candidate kolonel Garret
2004 Silver City Cliff Castleton
2005 The Man CIA-agint Peters
2008 Justice League: The New Frontier J'onn J'onzz / Martian Manhunter as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2009 Wrong Turn at Tahoe Vincent
2010 Hard Ride to Hell Jefe
2011 This Is Not a Movie ûnbekend as stimakteur
2011 Beverly Hills Chihuahua 2 Delgado as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2011 Four Assassins Eli
2012 Noah Kabos as stimakteur
2012 The Courier Capo
2012 Beverly Hills Chihuahua 3: Viva la Fiesta! Delgado as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2013 Iron Man 3 fise-presidint Rodriguez
2014 Rio 2 Grutte Baas as stimakteur
2017 Teen Titans: The Judas Contract Slade Wilson / Deathstroke as stimakteur; postúm direkt-op-fideo útbrocht
fideospultsjes
1998 Disney's Animated Storybook: Mulan Shan Yu
2004 Halo 2 lieder fan 'e Ketters
2013 Adventure Time: Explore the Dungeon Because I Don't Know! de Dea
fideoclips
1986 Pizza Face man nûmer fan Barnes & Barnes
1995 I Will Remember man nûmer fan Toto

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Intern 1
iOS 1
mac 2
OOP 1
os 31
Training 1
twitter 1
web 2