Mikroneezje (lân)
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk | ||||
Haadstêd | Palikir | ||||
Steatsfoarm | Federale republyk | ||||
Gebiet % wetter |
3100 km² km² -% | ||||
Ynwenners (2013) | 521.339 | ||||
Munt | Amerikaanske Dollar (USD) | ||||
Tiidsône | UTC +10 | ||||
Nasjonale feestdei | 10 maaie | ||||
Lânkoade | FSM | ||||
Ynternet | .fm | ||||
Tillefoan | 691 |
Mikroneezje, of eins de Federearre Steaten fan Mikroneezje binne in lân yn Oseaanje. It lân leit yn de Grutte Oseaan en is in ûnderdiel fan de Mikroneezje. Mikroneezje beslacht it sintrale en eastlike diel fan de eilannekloft de Karolinen, yn it westlike diel fan dizze kloft leit it eilan Palau.
It wurd Mikroneezje komt fan de âld-Grykske wurden μικρος (mikros, lyts) en νησος (nisos, eilân). De oantsjutting waard yn 1831 foarsteld troch Jules Dumont d'Urville. Earder waard de term "Polyneezje" yn 't generaal brûkt om de eilannen fan de Grutte Oseaan te beskriuwen.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeMikroneezje wurdt begrinzge troch:
- Gûam en de Noardlike Marianen yn it noarden;
- de Marshalleilannen yn it noardeasten,
- Kiribaty en Naurû yn it súdeasten,
- Papoea Nij-Guinea yn it suden,
- Palau, de Filipinen en Yndoneezje yn it westen.