Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid

It Nederlânske ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid, ôfkoarte ta SZW (Sociale Zaken en Werkgelegenheid), is it ministearje dat de wurkgelegenheid en moderne arbeidsrelaasjes stimulearje moat en soargje moat foar in aktivearjende sosjale wissichheid.

Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid
SZW
Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Parnassusplein 5
De Haach
skiednis
oprjochting 25 septimber 1918
funksjehâlders
minister Eddy van Hijum
steatssekretaris Jurgen Nobel
sekretaris-generaal Marieke van Wallenburg
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-sociale-zaken-en-werkgelegenheid

Politike lieding

bewurkje seksje

Yn it kabinet-Rutte III wie de minister fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Wouter Koolmees fan D66. Steatssikretarissen wiene Tamara van Ark fan 'e VVD en dêrnei Bas van 't Wout en Dennis Wiersma (beide fan 'e VVD).

Yn it kabinet-Rutte IV is de minister Karien van Gennip (CDA). Minister sûnder portefúlje is Carola Schouten (CU).

By it oantreden fan it kabinet-Schoof sûnt 2 july 2024 is Eddy van Hijum (NSC), dy't tagelyk ek de tredde fise-premier is, de minister en is dêr ien steatssekretaris, Jurgen Nobel (VVD), oangeande it beliedsmêd Partisipaasje en Yntegraasje.

It ministearje hat de fplgjende taken:

  • Wurkgelegenheid en arbeidsmerk: it fuorsterkjen fan de wurkgelegenheid en in goed rinnende arbeidsmerk; mei spesjal omtinken foar minder kânsrike groepen lykas langere wurkleazen, lju mei in beheind arbeidsfermogen en etnyske minderheden;
  • Sosjale wissichheid: it befoarderjen dat dyjingen dy't rjocht op útkearings hawwe sa fluch mooglik selsstannich yn harren bestean foarsjen kinne; foar lju dy't sels net om troch harren wurk yn har eigen ûnderhâld foarsjen kinne en foar lju dy't yn har pensjoensjierren bedarje, de wissichheid foar ynkommen te jaan;
  • Ynkommen: it fuorsterkjen fan in lykwichtige ynkommesferdieling; it ministearje is ferantwurdlik foar it fêststellen fan it minimumlean en it sosjaal minimum by útkearngs;
  • Arbeidsomstannichheden: soargje foar feiligens en sûnens op it wurk; it arbeidsomstannichhedebelied is dêr ek op previnsje fan syktefersom en arbeidsûngeskiktens rjochte, en op fluggere weryntegraasje;
  • Arbeidsferhâldings: wurkje oan goede arbeidsferhâldings tusken wurkjouwers en wurknimmers, dêr giet it sawol om it fasitearjen en oansetten ta moderne wurkrelaasjes, as om de rjochtsbeskerming fan wurknimmers.

Organisaasje

bewurkje seksje

It ministearje bestiet út stêfdireksjes, beliedsdireksjes en útfierende ûnderdielen. De organisaasjestruktuer is sûnt 2020:

  • Direktoraat-generaal Sosjale Wissigens en Yntegraasje, mei de direksjes: Wurknimmersregelings, Maatskippij en Yntegraaasje, Partisipaasje en Desintrale Foarsjennings; Stelsel en Folksfersekeringen.
  • Direktoraat-generaal Wurk, mei de direksjes: Arbeidsmerk en Sosjaal-Ekonomyske Oangelegenheden; Arbeidsferhâldings; Sûn en Feilich Wurkje; Ynternasjonale Saken; Berne-opfang; Utfieringstaken Arbeidsbetingstenwetjouwing.
  • De Nederlânske Arbeidsynspeksje (fan 2012 oant 2022 Ynspeksje SZW) dy't begjin 2012 úteinsette nei in fúzje fan de Arbeidsynspeksje, de Sosjale Ynljochtinge- en Opspoaringstsjinst (SIOD) en de Ynspeksje Wurk en Ynkommen. De Nederlânske Arbeidsynspeksje hat de folgjende ûnderdielen: Analyse, Programmearring en Strategy; Ynformaasjefoarsjenning; Berjochten en Fersiken; Opspoaring; Tafersjoch.
  • De stêfdireksjes falle streekrjocht ûnder de ferantwurdlikens fan de sekretaris-generaal: de direksjes Kommunikaasje; Finansjeel Ekonomyske Saken; Wetjouwing, Bestjoerlike en Juridyske Oangelegenheden. De direksjes Bedriuwsfiering Bestjoersûnderstypjen, CIO-office & yntegrale feiligens, Tsjinstferliening, Gearwurkingsferbannen en Utfiering, Organisaasje, Bedriuwsfiering en Personeel en de Rykshimmelorganisaasje falle ûnder de frantwurdlikens fan de plakferfangende sekretaris-generaal.

De foarrinner fan it ministearje, it ministearje fan Arbeid waard yn 1918 ynsteld doe't it kabinet-Ruijs de Beerenbrouck I oantrede. It beslút dêrta stiet yn it Steatsblêd fan 25 septimber 1918. It ministearje moast tasjen op ûnder oaren it befeiligjen op wurkplakken lykas yn fabriken en gefaarlik wurk foar jongelju en froulju tsjin te gean.

De earste minister fan Arbeid wie de roomsk-katolike en sosjaal besiele Piet Aalberse dy't yn 1919 de Arbeidswet yn wurking sette. Dêr waarden de 8 oeren wurkdei en 45 oeren wurkwike yn regele. Dêropta kamen strangere regels foar (swier) wurk troch froulju en berne-arbeid. Ek naam Aalberse de oanset ta it oprjochtsjen fan de Hege Ried fan Arbeid, de foarrinner fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER).

Yn 1933 waard it ministearje omneamd ta ministearje fan Sosjale Saken, yn 1951 ta Sosjale Saken en Folkssûnens, yn 1971 wer ta Sosjele Saken en yn 1981 ta Sosjale Saken en Wurkgelegenheid.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Nederlânske ministearjes  

Algemiene Saken (AZ) · Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Klimaat en Griene Groei (KGG) Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW)

  ·   ·  
  NODES