De moannedo (ferneamd nei syn moannen) of kraachdo (Caloenas nicobarica) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e dowen.

moannedo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai moannedowen (Caloenas)
soarte
Caloenas nicobarica
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
 
Oan 'e grutte fan 'e snaffelwrat is it geslacht fan 'e moannedo fêst te stellen.

De moannedo is in grutte dowesoarte fan 30 oant 40 sm lang. De kop fan 'e moannedo is blaugriis. De fearren om 'e nekke binne smel en lang. De rest fan it fearrekleed is irisearjend grien, blau, brûns en wat read der trochhinne.

It DNA fan 'e moannedo hat in soad fan dat fan 'e útstoarne dodo. Fan alle fûgels dy't hjoed-de-dei noch besteane is de moannedo it meast oan 'e dodo besibbe.

Fersprieding

bewurkje seksje

De moannedo komt op lytse Aziatyske eilannen en kustkontreien mei bosk foar. It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit tusken de eilannen fan 'e Andamanen en Nikobaren yn Yndia oant de eilannen fan Yndoneezje en de Filipinen. Dêrnjonken komt de soarte ek noch foar op 'e Salomonseilannen en Palau.

Wyfkes binne wat lytser as mantsjes en hawwe op 'e donkere snaffel ek in lytsere wrat.

Fuortplanting

bewurkje seksje
 
De moannedo op syn nêst.

De moannedo briedt yn koloanjes fan somtiden wol tûzenen fûgels. Se bouwe harren nêst yn 'e beammen oant 12 meter heech. It lechsel bestiet út ien aai, dat troch beide âlders yn 30 dagen útbret wurdt. Nei 70 oant 80 dagen kin it jong himsels rêde.

Undersoarten

bewurkje seksje

moannedowen binne yn twa ûndersoarten te ûnderskieden:

De C. n. nicobarica komt it measte foar; wylst de C. n. pelewensis allinne op Palau foarkomt. De populaasje fan 'e lêste ûndersoarte is likernôch 1000 fûgels grut. It ferskil tusken de twa ûndersoarten binne de koartere kraachfearren fan 'e C. n. pelewensis. Fierder binne de fûgels identyk.

 
Moannedo yn 'e dieretún fan Houston.

Troch de jacht foar it fleis en it ferlies fan biotoop as gefolch fan houtkap foar plantaazjes en bouaktiviteiten rint it tal moannedowen al in skoft tebek. It toerisme nei de eilannen feroarsaket biotoopferlies en de driging dat rôfdieren mei komme, dy't hiele koloanjes yn ien kear ferneatigje kinne. Alhoewol't de fûgel noch in grutte fersprieding hat en op guon plakken sels in soad foarkomt, sjocht de takomst der foar de fûgel nuodlik út. Dêrom beskôget de IUCN de fûgel op 'e Reade list as hast bedrige.

De ynternasjonale hannel yn moannedowen is ferbean. De moannedois in populêre fûgel yn 'e grutte fûgelfolières fan dieretunen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kragentaube (ferzje 16 april 2024)


  NODES