Nekromânsje, inkeld ek wol deadetsjoenderij of deademagy neamd, is in foarm fan tsjoenderij dy't basearre is op kommunikaasje mei de deaden. Dêrby kin it gean om it oproppen fan in geast of skym fan in deade, mar it kin ek it mei stoflik omskot en al oproppen fan in ferstoarne wêze. Yn it earste gefal is it doel ornaris om 'e geast te befreegjen oer saken dy't de tsjoender witte wol. Yn it twadde gefal is it doel om 'e deade wer ta libben te bringen (of alteast ta in steat fan ûndea) of om 'e deade as wapen tsjin in fijân yn te setten. It wurd 'nekromânsje' komt fan it Grykske νεκρομαντεία, nekromanteia, in gearstalling fan νεκρός, nekros ("lyk"), en μαντεία, manteia ("foarsizzing"). In tsjoender dy't oan nekromânsje docht, is in nekromantikus.

Yn latinisearre foarm waard nekromânsje yn it ferline wol ferbastere ta nigromantia, dat fanwegen de betsjutting fan nigro ("swart") konnotaasjes oprôp mei swarte magy, ek al om't brûkers fan nekromânsje yn myten en folksferhalen oer it algemien net folle goeds yn 't sin hawwe. It ierst bekende gebrûk fan it wurd nekromanteia kin weromfûn wurde yn it wurk fan 'e trêde-iuwske kristlike tsjerkfaar Origenes fan Aleksanderje. It begryp giet lykwols folle fierder werom, mei't it ûnder de Aldgrykske term νέκυια, nekyia, al neamd wurdt yn 'e Odyssee fan Homearus. Benammen sûnt de Renêssânse wurdt nekromânsje frij algemien yn ferbân brocht mei swarte magy en it oproppen fan demoanen. Dêrby ferlear it begryp in diel fan syn oarspronklike betsjutting: in foarm fan sjamanisme wêrby't kontakt socht waard mei de geasten fan ferstoarne foarâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
HOME 1
os 1