Niš
Niš (Servysk yn Syrillysk skrift: Ниш; útspr.: [ni:ʃ], likernôch: "niisj", beharkje) is de op twa nei grutste stêd fan Servje, nei de haadstêd Belgrado en Novi Sad, yn 'e Woiwodina. Niš leit oan 'e igge fan 'e rivier de Nišava, 250 km súdlik fan Belgrado, yn it súdlik sintrale part fan Servje. It is ien fan 'e âldste stêden fan 'e Balkan, dy't yn 'e skiednis fan 'e krite fan grut strategysk belang west hat. De stêd waard histoarysk beskôge as in poarte tusken East en West en hat in beskate ferneamdheid as it berteplak fan keizer Konstantyn de Grutte. Hjoed de dei is Niš it haadplak fan it omlizzende distrikt Nišava. It is in yndustry-, universiteits- en hannelsstêd mei, neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011, in befolking fan krapoan 188.000 minsken.
Niš | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Servje | |
Regio | Súdlik en Eastlik Servje | |
Distrikt | Nišava | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 187,544 (2011) | |
Oerflak | 266,8 km² | |
Befolkingsticht. | 702,9 / km² | |
Stêdekloft | 260.237 (2011) | |
Hichte | 194 m | |
Oar | ||
Stifting | 279 f.Kr. | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 43°19′16″N 21°53′44″E | |
Offisjele webside | ||
www.ni.rs | ||
Kaart | ||
Lizzing yn Servje.
|
Etymology
bewurkje seksjeNiš is ferneamd nei de rivier de Nišava, dy't troch de stêd streamt, en dy't yn trêde iuw f.Kr. troch de Kelten de Navissos neamd waard. Yn it Aldgryksk waard dy namme ferbastere ta Ναισσος (Naissos), en dêrfan kamen dan neitiid wer de Latynske foarm Naissus en de Byzantynsk-Grykske namme Nysos. De Serven, dy't har omtrint de midden fan it earste milennium yn 'e krite nei wenjen setten, makken dêr Niš fan. Neffens in apokrife sêge soe Niš lykwols stifte wêze troch in prins Nisa, dy't it plak nei himsels ferneamde. De bynamme fan Niš is 'de Keizersstêd', fanwegen it feit dat Romeinske keizer Konstantyn de Grutte der berne waard.
Geografy
bewurkje seksjeNiš leit yn súdlik sintraal Servje, op beide iggen fan 'e rivier de Nišava, in sydrivier fan 'e Morava. De stêd leit sadwaande op in strategysk plak, dêr't de âlde hannelsrûte fan West- en Midden-Jeropa, dy't fan Belgrado troch de Delling fan 'e Morava ôfsakket nei it suden, yn twaen spjalt. Ien rûte hâldt súdoan troch de Delling fan 'e Morava en letter troch de Delling fan 'e Vardar om úteinlik út te kommen yn Thessaloniki, oan 'e kust fan 'e Egeyske See. De oare bûcht ôf nei it easten en liedt fia Sofia nei Istanbûl, it âlde Konstantinopel.
De âlde binnenstêd fan Niš leit op 194 m boppe seenivo. It heechste punt fan 'e stêd is de Sokolov Kamen ("Falkerots") op 'e Suva Planina ("Drûge Berch"), mei in hichte fan 1.523 m boppe seenivo, wylst it leechste punt op 173 m boppe seenivo leit, by Trupale, dêr't de Nišava útmûnet yn 'e Morava. De beboude kom fan Niš beslacht 266,8 km², hoewol't de stêd as bestjoerlik gebiet goed 596 km² omfiemet. Lange tiid bestie it stedske gebiet fan Niš út twa gemeenten: Niš sels en Niška Banja, dat beskôge wurde kin as in foarstêd. Yn 2002 waard Niš sels lykwols opspjalten yn fjouwer ûnderskate gemeenten: Medijana (de âlde binnenstêd), Palilula, Pantelej en Crveni Krst.
Skiednis
bewurkje seksjeAldheid
bewurkje seksjeArgeologysk ûndersyk hat útwiisd dat it gebiet dêr't no Niš leit, al om 5000 f.Kr. hinne troch minsken bewenne waard. Yn 'e Izertiid makke it ûnderdiel út fan it wengebiet fan 'e Trasyske stamme fan 'e Tribally, dy't der yn elts gefal al yn 424 f.Kr. libbe. Yn 279 f.Kr. waarden de Tribally ûnder de Gallyske ynvaazje fan 'e Balkan ferslein troch de Keltyske Skordisky, dy't har dêrnei sels yn it gebiet nei wenjen setten en op it plak fan Niš in delsetting stiften dy't se nei de deunby rinnende rivier Navissos neamden. De earste kear dat Navissos yn in skreaune boarne neamd waard, wie oan it begjin fan 'e twadde iuw, doe't it wichtigernôch wie om neamd te wurden yn 'e Geographia fan Ptoleméus fan Aleksanderje.
De Romeinen besetten Navissos, dat sy Naissus neamden, ûnder harren oarloch tsjin Dardaanje (likernôch it tsjintwurdige Kosovo) yn 75-73 f.Kr. Dêrnei brûkten se it as basis foar harren fierdere militêre operaasjes op 'e Balkan troch der in legioenskamp te fêstigjen. Fanwegen syn strategyske lizzing ûntjoech de stêd him ta in wichtich garnizoens- en merkplak yn 'e provinsje Boppe-Moesje (Moesia Superior). Yn it jier 272 waard de Romeinske keizer Konstantyn de Grutte berne yn Naissus. Dyselde rôp syn berteplak letter út ta haadstêd fan 'e nije provinsje Mediterraansk-Daasje (Dacia Mediterranea). Fan 316 oant 322 wenne Konstantyn sels ek yn Naissus. Yn 364 metten de keizers Falentinianus en Falins inoar yn 'e Villa Mediana by Naissus om it Romeinske Ryk op te spjalten yn in westlike helte en in eastliken-ien. De stêd sels kaam by de definitive opdieling fan it Romeinske Ryk, yn 392, ta it Byzantynske Ryk te hearren.
Midsiuwen oant de Moderne Tiid
bewurkje seksjeNaissus waard yn 441 belegere troch de Hunnen, dy't yn 448 weromkearden om 'e stêd te ferwuostgjen. Yn 480 waard de noch mar foar in diel werboude stêd op 'e nij mei de grûn lyk makke troch barbaren. Under de Byzantynske keizer Justinianus I waard Nysos, sa't de stêd tsjin dy tiid yn it Midsiuwsk-Gryksk neamd waard, wer opboud, mar neitiid waard er op 'e nij ferwuostge, diskear troch de Avaren. Yn 540 foel Nysos yn 'e hannen fan 'e Slaven, nei't dy it Byzantynske Ryk ynkrongen wiene. Hja setten harren yn 'e krite nei wenjen, en neitiid soe Niš altyd in Slavyske stêd bliuwe. Yn 805 waarden Niš en omkriten ferovere troch de Bulgaarske tsaar Krûm, wêrnei't de stêd oant en mei 1018 diel útmakke fan it Earste Bulgaarske Ryk, ear't it wer by it Byzantynske Ryk kaam te hearren.
Under de Folkskrústocht fûn op 3 july 1096 by Niš in botsing plak tusken de Westerske folgelingen fan Petrus de Klúzner en Byzantynske troepen. Keizer Manuël I fersterke de stêd, mar ûnder it regear syn opfolger Androanikus I foel Niš dochs yn 'e hannen fan 'e Hongaarske kening Bela III. Hoewol't de Byzantinen de stêd úteinlik wisten te weroverjen, ferlearen se him yn 1183 foargoed, diskear oan it Servyske Ryk. Yn 1188 makke de Servyske kening Steffen Nemanja Niš ta de haadstêd fan syn ryk, en yn july 1189 ûntfong er dêr keizer Freark Barbarossa fan it Hillige Roomske Ryk, dy't mei 100.000 krúsfarders ûnderweis wie nei it Hillige Lân. Yn 1203 waard Niš ferovere troch Kalojan, de hearsker fan it Twadde Bulgaarske Ryk, mar neitiid wûn de Servyske kening Steffen Nemanjić de stêd werom.
Yn 1385 kaam Niš by de fal fan it Servyske Ryk, en nei in belis fan fiifentweintich dagen troch sultan Moerad I, by it Osmaanske Ryk te hearren. It waard yn 1443 noch foar koarte tiid troch de Serven weromwûn, mar fan 1448 ôf stie it 241 jier lang ûnder Osmaanske hearskippij. Yn dat tiidrek wie Niš in sintrum foar it Turkske militêre sawol as boargerlike bestjoer fan 'e krite, oant 1846 as it haadplak fan 'e eyalet Roemeelje, dêrnei oant 1864 as haadplak fan 'e eyalet Niš en úteinlik oant 1878 as haadplak fan 'e vilayet fan 'e Donau. Under de Grutte Turkske Oarloch foel de stêd yn 1689 yn 'e hannen fan in Eastenryksk leger, mar it jiers dêrop waard it troch de Osmanen werovere. Yn 1737 foel de stêd fannijs yn Eastenrykske hannen, mar doe kearden de Osmanen noch datselde jiers alwer werom.
Njoggentjinde iuw
bewurkje seksjeUnder de Earste Servyske Opstân, yn 1809, besochten Servyske revolúsjonêren ûnder lieding fan Stevan Sinđelić Niš te befrijen fan 'e Osmaanske hearskippij yn 'e Slach by Čegar. Nei de Servyske nederlaach dêre liet de kommandant fan it Osmaanske garnizoen fan Niš de ôfsleine hollen fan 'e omkommen Serven yn 'e gevel fan in toer yn 'e stêd ynmitselen by wize fan warskôging oan 'e befolking. Dy toer kaam neitiid bekend te stean as de Ćele Kula of 'Plassetoer' ('Skedeltoer'). Yn 1821 setten de Osmanen yn Niš de Servysk-otterdokse biskop, Milentija, en twahûndert oare Servyske foaroanlju finzen, op beskuldiging fan stipe oan 'e (ek Eastersk-otterdokse) Griken yn it ramt fan 'e Grykske Unôfhinklikheidsoarloch. Op 13 juny fan dat jier waarden biskop Milentija en de oare Serven yn it iepenbier ophongen. Yn 1841 hie de Opstân fan Niš plak, dy't troch de Osmanen yn bloed smoard waard.
Yn 'e njoggentjinde iuw wie Niš in wichtige stêd, dy't lykwols benammen bewenne waard troch etnyske Bulgaren. De Osmaanske oerhearskers behannelen de ynwenners fan 'e stêd as Bulgaren, en hoewol't der grif in oansjenlik tal etnyske Serven yn 'e stêd wennen (dy't neffens guon skriuwers hast de helte fan 'e befolking foarmen) rûn de grins tusken it gebiet dat bewenne waard troch Bulgaren en Serven noardlik fan Niš by de igge fan 'e rivier de Morava lâns. Ek Servysje kartografen lykas Dimitrije Davidović en Milan Savić joegen dat sa wer op harren lânkaarten fan 1828, resp. 1878. De befolking fan Niš omfieme doedestiden behalven Bulgaren en Serven ek in soad etnyske Turken (wêrûnder guon Turken fan Albaneesk komôf), en fierders islamityske Albanezen en islamityske Roma. Yn 'e krite om 'e stêd hinne libben ek in soad Flachen. Yn 1870 waard Niš tsjerklik opnommen yn it Bulgaarsk Eksargaat, hoewol't it dêrfoar ûnderdiel útmakke hie fan it Servysk Patriargaat fan Peć.
Underdiel fan Servje
bewurkje seksjeUnder de Servysk-Turkske Oarloggen fan 1876-1878 waard Niš einlings befrijd fan 'e Osmaanske oerhearsking. De striid om 'e stêd begûn op 29 desimber 1877, en op 11 jannewaris 1878 teach it Servyske leger Niš binnen. De stêd kaam doe by it Keninkryk Servje te hearren. Nei de ferovering baarnden de Serven it Albaneeske kertier plat, en de measte moslims waarden ferdreaun. Fan 8.500 yn 1876 gie it islamityske diel fan 'e befolking fan Niš omleech nei 1.168 yn 1879. De grutte mearderheid fan dy efterbliuwers bestie út etnyske Roma. Ek it kristlike part fan 'e befolking feroare, want troch it fuorttsjen fan in oansjenlik diel fan 'e Bulgaren en in ynfluks fan in protte etnyske Serven út oare dielen fan Servje bestie tsjin 1884 80% fan 'e befolking fan Niš út Serven.
Yn 'e folgjende jierren ûntwikkele Niš him op ferskate mêden. Yn 1879 waard de earste bibleteek fan 'e stêd stifte, mei as earste bibletekaris Stevan Sremac. It earste hotel, mei as namme Evropa ("Jeropa") iepene syn doarren datselde jiers. De earste bank waard yn 1881 yn 'e stêd fêstige, en op it mêd fan it ûnderwiis begûn it earste gymnasium yn 1878, de earste kweekskoalle yn 1882 en de earste famkesskoalle foar fuortset ûnderwiis yn 1895. Tsjin dy tiid wiene der yn 'e Niš trije legere skoallen foar jonges en ien foar famkes. It stedhûs waard tusken 1882 en 1887 boud. Yn 1883 fêstige Kosta Čendaš de earste útjouwerij en drukkerij yn 'e stêd, en de earste lokale krante, de Niški Vesnik, ferskynde fan 1884 ôf.
Datselde jiers gie ek de earste brouwerij yn 'e stêd iepen, waard in spoarline nei Niš oanlein en krige de stêd in treinstasjon, dêr't op 8 augustus 1884 de earste trein arrivearre, út Belgrado wei. Yn 1885 waard it nije spoar as trasee yn 'e rûte fan 'e Oriïntekspres opnommen, en sadwaande wie Niš it lêste stasjon oan dat spoar oant yn 1888 de treinferbining fan Niš nei de Bulgaarske haadstêd Sofia ree kaam.
Yn 1887 rjochte Mihailo Dimić yn Niš it Teäter Sinđelić op, dat tsjintwurdich de namme fan it Nasjonaal Teäter yn Niš draacht. Yndustrieel Mita Ristić iepene yn 1897 yn 'e stêd it tekstylfabryk Nitex Niš, en keunstskilderesse Nadežda Petrović fêstige der yn 1905 de keunstnerskoloanje Sićevo. De earste film waard yn Niš yn 1897 fertoand, en de earste permaninte bioskoop iepene syn doarren der yn 1906. Yn 1908 kaam de keardaam foar de opwekking fan wetterkrêftenerzjy yn 'e Nišava ree, dy't doedestiden de grutste fan Servje wie, oanlein yn 'e Sićevo-kleau. Yn 1912 waard in fleanfjild oanlein te Trupale, dêr't de earste fleanmasine lâne op 29 desimber 1912. Yn 1913 gie it stedsmuseum fan Niš iepen, dêr't argeologyske en etnografyske kolleksjes sawol as keunst útstald waarden.
Yn 'e Earste Balkanoarloch fan 1912-1913, doe't Servje, Montenegro, Grikelân en Bulgarije definityf in ein makken oan 'e Osmaanske oerhearsking fan 'e Balkan, wie yn Niš it haadkertier fan it Servyske leger fêstige. Under de Earste Wrâldoarloch, wêryn't Servje yn oarloch rekke mei Eastenryk-Hongarije, en letter ek mei Dútslân en Bulgarije, fungearre Niš fan 1914 ôf as tydlike haadstêd, om't Belgrado pal oan 'e Hongaarske grins lei. Dat duorre oant novimber 1915, doe't it Servyske ferset brutsen en hiel Servje beset waard. Niš en omkriten waarden doe troch de Dútsers en Eastenrikers tawiisd oan it Keninkryk Bulgarije. Nei de útbraak fan 'e Alliëarden oan it Balkanfront, yn septimber 1918, waard Niš op 12 oktober fan dat jier befrijd troch Servyske troepen ûnder lieding fan generaal Petar Bojović.
Underdiel fan Joegoslaavje
bewurkje seksjeEin 1918 giene it Keninkryk Servje, it Keninkryk Montenegro en de Súdslavyske dielen fan it eardere Eastenryk-Hongarije op yn it nije Keninkryk fan Serven, Kroäten en Slovenen (letter koartwei Joegoslaavje neamd). De earste jierren nei de oarloch wie Niš drok mei de weropbou. Fan 1921 ôf wie de stêd it haadplak fan in Joegoslavyske regio (oblast), dy't bestjoerd waard troch in funksjonaris mei de titel grut-župan. Nei de bestjoerlike herfoarming fan 1929 wie Niš oant 1941 de haadstêd fan 'e Morava-banovina fan it Keninkryk Joegoslaavje, dy't bestjoerd waard in ban. Yn dy snuorje krige de stêd yn 1930 iepenbier ferfier yn 'e foarm fan trams. De Joegoslavyske nasjonale loftfeartmaatskippij Aeroput brûkte it fleanfjild fan Niš fan datselde jier ôf as fêste tuskenstop op 'e rûte Belgrado-Niš-Skopje-Thessaloniki.
Under de Twadde Wrâldoarloch waard Joegoslaavje yn april 1941 beset troch de Dútsers. Niš kaam doe te hearren ta it saneamde Territoarium fan 'e Militêre Kommandant yn Servje, dat streekrjocht ûnder Dútske besetting kaam (yn tsjinstelling ta de measte oare dielen fan Joegoslaavje). De nazys fêstigen by Niš it earste konsintraasjekamp fan Joegoslaavje, Crveni Krst, dêr't ûnder it hiele ferrin fan 'e oarloch sa'n 30.000 minsken finzen sieten. Likernôch 10.000 fan harren waarden deasketten op 'e deunby leine heuvel Bubanj. Op 12 febrewaris 1942 wie der in massale útbraak út it konsintraasjekamp troch 147 finzenen.
Yn 1944, doe't de Dútsers oan alle fronten yn 'e pine set waarden, krige Niš slim te lijen ûnder bombardeminten troch de Alliëarden. De stêd waard ferdigene troch de 7e Frijwillige SS-Berchdifyzje Prinz Eugen, dy't op 14 oktober ferslein waard en tebekwike moast yn it foardiel fan in koälysje besteande út Joegoslavyske partizanen en it Bulgaarske leger (Bulgarije hie lange tiid in bûnsgenoat fan nazy-Dútslân west, mar wie yn septimber 1944 ûnder druk fan it opmarsjearjende Reade Leger oerrûn nei de Alliëarden). De loft boppe Niš wie op 7 novimber 1944 it toaniel fan in unyk gefal fan 'freonlik fjoer' doe't militêre fleantugen fan 'e Feriene Steaten en de Sovjet-Uny by fersin mei-inoar yn gefjocht rekken.
Ein 1945 kaam Niš ta de Sosjalistyske Federale Republyk Joegoslaavje te hearren. Op 23 juny 1948 wie der wettersneed yn 'e stêd doe't it wetternivo yn 'e rivier de Nišava yn koarte tiid 51/2 m stige. Op 15 juny 1965 waard yn 'e stêd de Universiteit fan Niš oprjochte. Yn 1992 waard de Sosjalistyske Federale Republyk Joegoslaavje opheft en kaam Niš te hearren ta de nije Federale Republyk Joegoslaavje. Under de Kosovo-oarloch fan 1999 wie Niš by fjirtich gelegenheden it doelwyt fan bombardeminten troch de NATO. By ien fan dy bombardeminten, op 7 maaie, lieten de NATO-fleantugen klusterbommen falle dy't oan 16 boargers it libben kosten. Yn totaal kamen der yn Niš 56 minsken om by de bombardeminten. Yn 2003, doe't de Federale Republyk Joegoslaavje ophold te bestean, kaam Niš te hearren ta it Steatebûn fan Servje en Montenegro. Dat hold sels yn 2006 op te bestean, en sûnt makket Niš diel út fan 'e Republyk Servje. Yn 2012 wie Niš ien fan 'e fjouwer stêden dêr't it EK hânbal foar manlju spile waard.
Ekonomy
bewurkje seksjeTsjintwurdich is Niš it bestjoerlike, yndustriële, kommersjele, finansjele en kulturele sintrum fan súdlik Servje. It is noch altyd wichtich as knooppunt yn 'e Jeropeeske netwurken fan autosneldiken en spoarlinen dy't West-Jeropa mei it Heine Easten ferbine. De stêd is maklik berikber troch in lofthaven mei ynternasjonale ferbinings, Niš Konstantyn de Grutte Lofthaven, dy't ferneamd is nei de yn it Romeinske Niš (Naissus) berne keizer Konstantyn de Grutte.
Niš is ien fan 'e wichtichste yndustrystêden fan Servje, dêr't bedriuwen fêstige binne as Elektronska Industrija Niš, dat elektroanika produsearret, en Mašinska Industrija Niš, dat masines en meganyske komponinten makket. Oare grutte ûndernimmings yn 'e stêd binne Građevinar, in boubedriuw, Nitex Niš, in tekstylfabryk en Žitopek, in yndustriële bakkerij. De eardere tabaksfabryk fan Niš waard yn augustus 2003 foar in bedrach fan €518 miljoen oernommen troch Philip Morris.
Kultuer en besjensweardichheden
bewurkje seksjeSûnt 1981 wurdt elts jier mids augustus yn Niš in ynternasjonaal muzykfestival op it mêd fan jazz holden, dat de namme Nišville draacht (wurdboarterij op Nashville (Tennessee), it sintrum fan 'e countrymuzyk). Oare besjensweardichheden yn 'e stêd binne:
- De Betinkingskapel, boud yn 1999 ta betinking fan 'e boargers fan 'e stêd dy't it libben ferlearen by de NATO-bombardeminten fan Joegoslaavje ûnder de Kosovo-oarloch fan 1999.
- De âlde binnenstêd fan Niš.
- Čegar, it âlde slachfjild dêr't op 19 maaie 1809 de Slach by Čegar útfochten waard tusken Osmaanske troepen en Servyske opstannelingen.
- De Ćele Kula of 'Plassetoer' ('Skedeltoer'), dêr't de Osmanen yn 1809 de ôfsleine hollen fan Servyske opstannelingen yn ynmitselen.
- It eardere konsintraasjekamp Crveni Krst, dêr't de nazys mei help fan Servyske trewanten yn 'e Twadde Wrâldoarloch 30.000 minsken finzen holden. Fuort dêrbûten, op 'e heuvel Bubanj, stiet in monumint foar de 10.000 minsken dy't dêr troch de nazys fermoarde waarden, besteande út nei de himel wizende fûsten.
- It argeologysk fynplak by Medijana, dêr't û.m. in filla út 'e Let-Romeinske Tiid bleatlein is.
- It Nasjonaal Teäter yn Niš, dat yn 1889 oprjochte waard as it Teäter Sinđelić (ferneamd nei de Servyske revolúsjonêr Stevan Sinđelić).
- Niška Banja, in foarstêd dy't simmerdeis in bekend kueroard is.
- De fêsting Niška Tvrdjava, boud troch de Osmanen tusken 1719 en 1723.
- It Sultans Trail, in lange-ôfstânskuierpaad fan Wenen nei Istanbûl, dat troch Niš rint.
- It Tinkteken foar Konstantyn de Grutte, yn 2013 boud as earbetoan oan 'e Romeinske keizer Konstantyn de Grutte, dy't yn 272 yn Niš berne waard.
Stêdebân
bewurkje seksjeNiš is in susterstêd fan 'e folgjende plakken:
Niš hat in oare formalisearre stêdebân mei de folgjende plakken:
Demografy
bewurkje seksjeHistoarysk hie de stêd Niš yn 1878 likernôch 12.800 ynwenners. Yn 1890 wie dat oanwoeksen oan krapoan 20.000 en yn 1900 oant krapoan 25.000. Nei in weromfal yn 'e 1900-er jierren wie der yn 1910 wer in befolking fan krapoan 25.000 minsken. Dêrnei gie it ynwennertal fan 'e stêd stadichoan omheech, fan krapoan 29.000 yn 1921 oant goed 35.000 yn 1931, krapoan 45.000 yn 1941, 81.000 yn 1961, 128.000 yn 1971, 161.000 yn 1981 en 173.000 yn 1991. Yn 2002 bliek dat de befolking Niš mar amper groeid wie, oant 174.000 minsken.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de stêd Niš dat jiers in befolking fan 187.544 minsken, wat de befolkingstichtens op krapoan 703 minsken de km² bringt. Dat makket fan Niš de op twa nei grutste stêd fan Servje, nei de haadstêd Belgrado en Novi Sad, de haadstêd fan 'e Woiwodina. It hiele bestjoerlike gebiet fan Niš, dus it oangrinzgjende plattelânsgebiet en de foarstêden ynbegrepen, hie yn 2011 260.237 ynwenners. Dy wiene ferdield oer 87.975 húshâldings, mei trochinoar 2,96 leden.
By boppesteande moat oantekene wurde dat by de folkstelling fan 2011 flechtlingen net meiteld waarden. Dêrby giet it om leden fan 'e Servyske minderheid yn Kosovo, dy't útwykt binne nei Servje en by famylje en freonen ferbliuwe, mar net as ynwenners fan Niš ynskreaun steane. Der wurdt rûsd dat de befolking fan it bestjoerlike gebiet fan Niš ynklusyf flechtlingen útkomme soe op goed 393.000 minsken, wat Niš ta de twadde stêd fan Servje meitsje soe.
De etnyske opbou fan 'e befolking fan 'e stêd Niš wie yn 2011 sa: 94,9% Serven; 3,0% Roma; 0,4% Bulgaren; 0,3% Montenegrinen; 0,2% Kroäten; en 1,2% oaren. Foar it gruttere bestjoerlike gebiet fan Niš wie de etnyske gearstalling fan 'e befolking sa: 93,5% Serven; 2,7% Roma; 0,4% Bulgaren; 0,3% Montenegrinen; 0,2% Kroäten; en 3,0% oaren. Fierders sprekt 96,0% fan 'e befolking fan it gruttere bestjoerlike gebiet fan Niš it Servysk as memmetaal.
Op it mêd fan 'e godstsjinst bestie yn 2011 de oergrutte mearderheid fan 'e ynwenners fan it gruttere bestjoerlike gebiet fan Niš út Servysk-otterdokse kristenen (92,5%). Religieuze minderheden binne moslims (1,0%), roomsen (0,3%), protestanten (0,1%), en ateïsten (0,04%).
Berne yn Niš
bewurkje seksje- Konstantyn de Grutte (272-337), keizer fan it Romeinske Ryk
- Konstantius III (3??-421), keizer fan it Romeinske Ryk
- Nikola Uzunović (1873-1954), premier fan Joegoslaavje
- Dragiša Cvetković (1893-1969), premier fan Joegoslaavje
- Dušan Radović (1922-1984), sjoernalist en skriuwer
- Nadja Regin (1931), aktrise
- Branko Miljković (1934-1961), dichter
- Šaban Bajramović (1936-2008), Roma-sjonger
- Kornelije Kovač (1942), muzikant en lietsjeskriuwer
- Predrag Miletić (1952), akteur
- Nenad Milosavljević (1954), muzikant
- Zoran Živković (1954), hânballer en hânbaltrener
- Predrag Antonijević (1959), regisseur
- Biljana Krstić (1959), sjongster en lietsjeskriuwster
- Zoran Živković (1960), premier fan Servje
- Zoran Ćirić (1962), skriuwer
- Aleksandar Šoštar (1964), wetterpoloër
- Dragan Stojković (1965), fuotballer
- Lidija Mihajlović (1968), sportsjitster
- Ana Stanić (1975), sjongster
- Ivan Miljković (1979), follyballer
- Bojana Popović (1979), etnysk Montegrynske hânbalster
- Nikola Karabatić (1984), hânballer
- Nemanja Radulović (1985), fioelist
- Ivan Kostić (1989), fuotballer
- Stefan Jović (1990), basketballer
- Sava Ranđelović (1993), wetterpoloër
- Andrija Živković (1996), fuotballer
Stoarn yn Niš
bewurkje seksje- Stevan Sinđelić (1771-1809), lieder fan 'e Servyske opstannelingen yn 'e Slach by Čegar
- Šaban Bajramović (1936-2008), Roma-sjonger
Klimaat
bewurkje seksjeNiš hat in seeklimaat mei hjitte simmers en ridlik mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 30,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 5,0 °C. Niš kriget jiers trochinoar likernôch 580 mm delslach. Der leit trochinoar 37 dagen yn 't jier snie, it reint trochinoar op 134 dagen yn 't jier, en de sinne skynt trochinoar 1.998 oeren jiers.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|