New Zealand
Aotearoa
Flagge fan Nij-Seelân Wapen fan Nij-Seelân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nij-Seelân
Offisjele taal Ingelsk, Maory
Haadstêd Wellington
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Ynwenners (2018) 4.699.755 (18,1 km²)
Munt Nij-Seelânske dollar (Kz)
Tiidsône UTC +12
Nasjonale feestdei 6 febrewaris
Lânkoade NZE
Ynternet .nz
Tillefoan 64

Nij-Seelân is in lân yn it súdwesten fan de Stille Oseaan. It bestiet út twa grutte eilânnen en in oantal lytsere eilannen. Nij-Seelân is in parlemintêre demokrasy en in monargy mei Charles III fan it Feriene Keninkryk as kening. It lân is lid fan it Britske Mienebêst .

Nij-Seelân wurdt begrinzge troch:

 
Mount Cook, de heechste berch fan Nij-Seelân.

Nij-Seelân is it lân dat it meast isolearre leit op de wrâld. It tichteby buorlân is Austraalje op om-ende-by 2.000 km ôfstân. It grûngebiet fan Nij-Seelân bestiet yn haadsaak út twa eilannen yn de Grutte Oseaan, it Noarder Eilân en it Suder Eilân, dy't fan inoar skieden wurde troch de Strjitte fan Cook. Karakterisearjend foar beide eilannen is de berchrich dy't der oer hinne rint.

Op it Noarder Eilân lizze aktive fulkanen en der binne in protte geisers en waarme boarnen. It Suder Eilân wurdt behearske troch de Nij-Seelânske Alpen, dêr't Mount Cook mei in hichte fan 3.764 meter it heechste punt fan is. De berchrich strekt him by de westkust lâns goed 300 km fier út. Oer in part fan de rich lizze gletsjers. De alpen rinne oan oant de westkant styl ôf mar geane yn it easten oer yn in wide flakte. Yn it súdwesten leit in fjordengebiet. De oarspronklike fegetaasje is foar it grutste part yn de 19e iuw ferdwûn troch de oanlis fan greiden.

It lân beskikt oer in unike dierewrâld mei fral ynhiemske fûgelsoarten (kea, kakapo, kiwi). By it grûngebiet fan Nij-Seelân hearre ek it min tagonklike mei bosken bedekte Stewardeilân en in hânfol gebieten yn de Stille Súdsee. It lân easket ek in sektor fan Antarktika op.

Likernôch 26.500 jier lyn fûn ien fan de grutste fulkaanútbarstings út de skiednis plak op it Noarder Eilân. Troch de Oruanui-útbarsting, dy't grutte gefolgen hie oer de hiele wrâld), ûntstie de Taupomar. Troch in erupsje yn 181 dy't oant Sina en yn it Romeinske ryk de loft kleure is de mar ta syn hjoeddeistich grutte útwaaksen.

Der binne fynsten dien dy't wize op iere bewenning, mar dêroer bestiet lykwols gjin wissichheid. Wat al wis is, is dat tusken 500 en 1300 Polynesyske bewenners, de Maorys, harren op de eilannen fêstigen.

De earste Jeropeanen dy't Nij-Seelân oandienen wienen de Nederlanner Abel Tasman en syn bemanning. Yn desimber 1642 kamen sy oan yn it noarden fan it Suder Eilân en leinen kontakt mei pleatslike Maorys. De moeting ferrûn lykwols stûf en neidat inkele fan syn manlju deade waarden, gong Tasman fuort sûnder sels oan lân west te hawwen. Mear as in iuw letter, yn oktober 1769, arrivearre de Britske luitenant James Cook, dy't wol oan wâl kaam en der yn slagge om hannel te driuwen mei de Maorys.

Sûnt 1790 waarden de wetters om Nij-Seelân geregeldwei besocht troch Britske, Frânske en Amerikaanske walfiskfarders en wer wat desennia letter fêstigen de earste Jeropeanen har op de eilannen. As gefolch fan de Jeropeeske ynminging en de ferkeap fan wapens oan Maorys, brutsen der geregeldwei skermutselings út tusken de Maorys ûnderinoar en mei Jeropeanen. By it besykjen in ein te meitsjen oan de ûnienigens oer lân, waard op 6 febrewaris 1840 troch fertsjintwurdigers fan de Britske kroan en wat Maory-stamhaden fan it Noarder Eilân it Ferdrach fan Waitangy tekene, dat Nij-Seelân in Britske koloanje makke en ôfspraken oer de ferdieling fan lân regele. Nei de earste ûndertekening binne ferskate kopyen troch de lannen gongen en troch noch mear stamhaden tekene, oant op it lêst sa'n 500 stamhaden tekene hienen.

Der wienen lykwols ferskillen tusken de Ingelske tekst fan it ferdrach en de Maori-teksten. Ek wienen der ferskillen yn ynterpretaasje. Troch skeinings fan dy ynterpretaasjes fan it ferdrach, oer en wer, rûnen de spannings geregeld heech op. Fral yn it tiidrek 1845-1872 hawwe in soad konflikten west dy't mei-inoar oantsjut wurde as de Nij Seelânkriich. De 'Dog Tax War' yn 1890 hat it lêste grutte wapene konflikt west. Dêrmei wie de ûnienigens net oer, mar ornaris waarden konflikten nei dy tiid foar de rjochter brocht.

Yn de Earste en Twadde Wrâldkriich hawwe in protte Nij-Seelânske militêren as Britten út de koloanje meifochten yn it Britske leger, yn Jeropa en Afrika. De kâns op in Japanske oanfal op Nij-Seelân waard yn de Twadde Wrâldkriich hiel grut achte dat it leger yn Nij Seelân waard paraat holden. Dy oanfal is der lykwols net fan kaam.

Yn de jierren nei de Twadde Wrâldkriich hâlde Nij-Seelân in sterke bân mei it Feriene Keninkryk en wat in stabile ôfset merke joech, mar ek in grutte ôfhinklikens. Yn 1967 gie it lân oer fan it Nijsiuwske Pûn op de Nijsiuwske Dollar as ferfanging fan it Britske muntstelsel, en ek it ymperiale mjittestelsel waard ferfongen troch it metrike. Yn 1973 waard Grut Brittanje lid fan de Jeropeeske mienskip, wêrtroch de posysje fan de oare lannen fan it Britske Steatebûn minder waard.

Sûnt 1984 hawwe opienfolgjende kabinetten it foar it meastepart sosjalistyske en agraryske lân omboud ta in selsstannige yndustriële naasje mei in frijemerk-ekonomy, mar al mei behâld fan de sterke agraryske sektor.

It sosjalistyske regear-Lange kaam yn 1984 yn konflikt mei de Feriene Steaten, doe't dûkboaten mei kearnwapens oan board net langer wolkom wienen yn de territoriale wetters fan Nij-Seelân. De militêre gearwurking mei de FS kaam dêrmei ta in ein. Yn 1985 wie der in diplomatyk konflikt mei Frankryk, dat yn de haven fan Auckland it flaggeskip fan Greenpeace, de Rainbow Warrior ta sink brocht.

 
Selektearre alternatyf foar de hjoeddeiske flage.

De earste flage fan Nij Seelân, de Flage fan de Feriene Stammen, waard oannaam yn 1834. Yn 1840 waard Nij Seelân formeel in koloanje fan it Feriene Keninkryk, dat fan doe ôf waard de Blauwe Ensyn fan het Feriene Keninkryk it meast brûkt. Yn 1869 waard in eigen ensyn foar Nij Seelân ynsteld. Doe't Nij Seelân yn 1907 in doaminy yn de Britske Steatebûn waard, waard dy flage oanwiisd as de nasjonale flage.

Lykas yn oare eardere koloanjes an it Feriene Keninkryk kaam ek yn Nij Seelân in ynterpretaasje op ûnder guon dat de Unygeus yn de flage sei dat it lân hieltiid noch in koloanje wie, mei de konklúzje dat de flage feroare wurde moast. Dat hat yn 2015 laat ta it selektearjen fan in alternatyf. It gebeuren is net wier sa populêr yn it lân, it liket guon mear in kwestje fan polityk, mar yn maart fan 2016 moat der troch de befolking keazen wurde tusken de hjoeddeiske flage en it selektearre alternatyf.

 
Wolkom troch Maorys yn Rotorua.

Fan de Nij-Seelânske befolking wennet goed trije miljoen op it Noarder Eilân en ien miljoen op it Suder Eilân. De tichtbefolkste regio is Grut Auckland mei om-ende-by in miljoen ynwenners.

Om-ende-by 70% fan de befolking is fan Jeropeeske komôf, fral út de lannen Grut Brittanje en Ierlân, mar ek in protte út Súd-Afrika, Nederlân en Dútslân. De Maorys meitsje 14,7% fan de befolking út. It oare part fan 15% komt fral út Aziatyske lannen en Oseaanje. It tal Aziatyske ymmigranten groeit noch hieltyd.

It kristendom is de grutste religy, hoewol't it oantal kristenen de lêste jierren hiel bot tebek rint trochdat in protte leauwenden de tsjerke ferlitte. De Anglikaanske Tsjerke en de Roomsk-Katolike Tsjerke foarmje de grutste tsjerken yn Nij-Seelân.

  NODES
Done 1
see 32