Nunspeet is in doarp yn de Nederlânske provinsje Gelderlân en leit op de râne fan de bosken fan de Feluwe en de greiden oan de rânemarren. It is it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. It plak Nunspeet telt 19.688 ynwenners (01.01.2016). In diel fan de befolking sprekt Nunspeetsk, in lokale fariant fan it Nedersaksysk.

Nunspeet, sicht op de NH-tsjerke
Lizzing fan de gemeente Nunspeet

Oarspronklik is Nunspeet in iesdoarp, ûntstien op de grins fan bosk en wetter. It âldste diel fan de doarpstsjerke datearret út it begjin fan de 16e iuw, mar der moat al yn it jier 1313 in tsjerke op dat plak stien ha. De struktuer fan it hjoeddeiske doarp is lykwols ûntstien fanôf it midden fan de 19e iuw. De ynwenners fan Nunspeet wiene eartiids earm en fûnen harren bestean as lytse boeren, deihierarbeiders en iikskylders, dy't benammen yn spitketen wennen.

De oanwêzigens fan wetter, bosk, heide en sânferstowings om Nunspeet hinne meitsje it plak tsjintwurdich populêr by toeristen. Nunspeet registrearret alle jierren mear as in miljoen oernachtings. Om it plak hinne lizze ferskate kampings en der binne tal fan kuier- en fytsrûtes útset. Nunspeet wie yn de twadde helte fan de 19e en earste helte fan de 20e iuw in plak dat in grutte oanlûkingskrêft op keunstners útoefene. Yn it Noord-Veluws Museum binne tal fan wurken fan dy keunstners te sjen.[1]

Nunspeet is in tsjerklik plak en leit yn de saneamde Bibelgurdle. De grutste tsjerklike gemeente yn Nunspeet is de herfoarme gemeente, dy't meardere tsjerken yn it plak hat. De tsjerke fan de Grifformearde Gemeente fan Nunspeet heart mei likernôch 1.900 sitplakken ta de grutste tsjerkegebouwen fan Nederlân.

By de riedsferkiezings fan 2018 wie de Steatkundich Grifformearde Partij de grutste partij fan it doarp. In mearderheid fan de befolking fan Nunspeet stimde by dy ferkiezings op in partij fan kristlike sinjatuer.[2]

Monuminten (kar-út)

bewurkje seksje
  • Toer fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke (begjin 16e iuw), Dorpsstraat
  • Mûne "De Duif" (1886), Molenweg 91
  • Pleats (1873), Molenweg 102
  • Pleats (18e iuw), Harderwijkerweg 71
  • Pleats (1861), Oosteinderweg 83
  • Pleats (1868), Wezenland 34
  • Pleats (twadde helte 19e iuw, Plakkewegje 13

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  NODES