Obelisk (lêsteken)

† ‡

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

In obelisk of obelus (in krús), ek wol bekend ûnder de Ingelsk beneaming dagger ("dagge"), is in krúsfoarmich lêsteken (, Unicode U+2020) mei in pear útienrinnende funksjes. Yn it foarste plak is it in fuotnoatteken, brûkt as in asterisk op in side al brûkt is, of yn guon gefallen foar einnoaten.

Der is ek in dûbele obelisk (, Unicode U+2021), dy’t gewoanwei as fuotnoatteken daliks nei de obelisk brûkt wurdt. Yn tsjinstelling ta de asterisk binne beide symboalen net op in konfinsjeel toetseboerd te finen.

De namme obelisk is ôflaat fan it Grykske obeliskos, wat lytse obelus betsjut. Dat komt fan it Grykske wurd obelos, wat safolle betsjut as briedspit en puntige pilaar.[1]

In pear wenstige tapassings binne:

  • Ferwizing nei in fuotnoat
  • Efter de namme fan in persoan: oantsjutting dat de persoan stoarn is
  • Efter de namme fan in biologyske taksonomyske groep: oantsjutting dat dy groep útstoarn is
  • Yn de notaasje fan it skaken: oantsjutting dat de kening skaak stiet

René Goscinny, de betinker fan de byldrige Asterix, basearre him op de namme fan dit lêsteken doe’t er de ivige freon fan de held út dat byldferhaal betocht. Obelisk folget Asterisk yn it ferhaal, krekt lykas de obelisk de asterisk folget yn de symboalen foar fuotnoaten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Obelus, op oxforddictionaries.com.
  NODES