Odense (IPA: ˈoð̞ˀn̩sə]) is in gemeente en stêd yn de Deenske regio Súd-Denemark (Syddanmark).

Odense
Domtsjerke fan Sint-Knût
Domtsjerke fan Sint-Knût
Emblemen
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Súd-Denemark
Gemeente Odense
Sifers
Ynwennertal plak: 182.387 (2023)
gemeente: 207.762 (2023)
Oerflak plak: 79,30 km²
gemeente: 305,6 km²
Befolkingsticht. plak: 2.280,74 ynw./km²
gemeente: 674,01 ynw./km²
Stêdekloft 504.066 (2022)
Oar
Tiidsône UTC+1
Koördinaten
Offisjele webside
Gemeentlike webside (ek (in) )
Kaart
Odense (Súd-Denemark)
Odense

Odense is de op twa nei grutste stêd fan Denemarken en leit sintraal yn Denemark op it eilân Fún.

Hans Christian Andersen is yn Odense berne. De stêd hat in protte museums; der is in bistetún, de Odense Zoo. De domtsjerke fan Sint-Knud is in gebou út de 13e iuw.

 
Paleis fan Odense, sette litten troch Fredrik IV

Odense is ien fan de âldste stêden fan Denemarken; yn 1988 waard har 1000-jierrich bestean fierd. De namme Odense komt fan it âld-noarske Óðinsvé, wat Odinstimpel betsjut. Yn de midsiuwen wie de dom fan Sint-Knud in plak mei in soad oanrin fan pylgers.

Yn de 16e iuw wie de stêd it plak fan gearkomst fan ferskate parleminten en oant 1805 wie it ek de sit fan provinsjale steaten fan Fún.

Ien fan de meast bekende gebouwen yn Odense wie de Odinstårn ('Odinstoer'). De toer waard boud yn 1935 en wie it op ien nei (de Eiffeltoer wie heger) heechste gebou fan Europa. In de Twadde Wrâldkriich is de Odinstårn lykwol opblaasd en net wer op 'en nij boud.

Odense bleau by de regionale weryndieling fan 2007 in selsstannige gemeente.

Plakken yn de gemeente

bewurkje seksje

Berne yn Odense

bewurkje seksje

Bekende ynwenners

bewurkje seksje
 
Andersen syn hûs yn Odense

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1976 1981 1990 1996 2000 2004 2023
Ynwenners 138.348 136.646 138.986 144.518 145.062 145.554 182.387

Stêdebannen

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Odense fan Wikimedia Commons.
  NODES
OOP 1
os 1
web 2