De Oder (Tsjechysk en Poalsk: Odra) is mei har 860 kilometer de trettjinde rivier fan Jeropa. It streamgebiet omklammet parten fan Tsjechje, Poalen en Dútslân en mjit 119.000 km2.

De Oder by Kienitz

De rivier ûntspringt yn de Karpaten eastlik fan de Tsjechyske stêd Olomouc yn Moraavje en streamt fia de Moravyske Poarte en de stêd Ostrava nei Poalen ta dêr't it de sintrale wetterrin fan Sileezje (Opole, Wrocław) is.

De rin fan de Oder foarmet fan de mûning fan de Neisse (Poalsk: Nysa) ôf, oer in ôfstân fan 162 km sûnt 1945 de Dútsk-Poalske grins, it noardlike part fan de saneamde Oder-Neisse grins. De lêste 59 kilometer streamt de Oder folslein oer Poalsk grûngebiet. Stettin (Szczecin) foarby, berikt de Oder fia it Dąbie-mar it Oderhaf en ferfolgens de Eastsee.

De wichtichste haven oan de Oder is by Stettin, dat oan de linkerigge by it Oderhaf leit. De grutste binnenhaven is dy fan Wrocław. Oare wichtige stêden oan de Oder binne Ostrava (Tsjechje), Opole (Poalen) en Frankfurt an der Oder (Dútslân). Grutte sydrivieren binne de Neisse en de Warta.

It streamgebiet fan de Oder leverret mar in tredde fan de mannichte wetter ferlike mei de Ryn, wylst de Ryn mei har 1320 kilometer mar de helte langer is. Dit komt fanwege de lytse mannichte delslach yn sintraal Poalen. De sydrivieren dy't út de berchtmen as de Beskiden komme leveret it measte reinwetter.

  NODES
os 5