De Oder-Neissegrins (Dútsk: Oder-Neiße-Grenze, Poalsk: granica na Odrze i Nysie Łużyckiej) is sûnt 1945 de Dútsk-Poalske grins. De grins giet benammen lâns de rivierren de Neisse en de Oder. De grins giet bewesten de stêden Stettin (Szczecin)en Swinemünde (Świnoujśie) en einiget yn de Eastsee. Al it Dútske lân beëasten dizze line (23,8% fan it Dútske gebiet yn 1937) is neffens de Konferinsje fan Potsdam oan Poalen tawiisd, útsein de noardlike helte fan de provinsje East-Prusen, dat as de Kaliningrad oblast by de Sowjet Uny kaam. It grutste part fan de ferlerne Dútske gebieten hearden by Prusen en in lyts stikje by Saksen. De Dútske befolking yn dizze gebieten waarden twongen ferdreaun, flechten of waarden fermoarde. De Oder-Neissegrins foarme de grins tusken de DDR en Poalen tusken 1950 en 1990 en waard troch de DDR erkind yn 1950. De Bûnsrepublyk erkinde dizze grins op betingst as in foarriedige troch it regear fan Willy Brandt yn it ramt fan syn Ostpolitik yn 1970. It weriene Dútslân erkinde de grins as offisjele Dútsk-Poalske grins yn 1990.

De Oder-Neissegrins
Mûning fan de Neisse yn de Oder
  NODES
Done 1
see 1