Ofskieding (polityk)

Ofskieding of sesesje (fan it Latynske secessio, "weromlûking") is it him weromlûken fan in groep út in grutter ferbân, yn 't bysûnder in steatsferbân, al kin de term ek brûkt wurde foar oare organisaasjes, lykas tsjerklike denominaasjes of politike partijen. It stribjen nei ôfskieding hjit separatisme. In organisaasje dy't nei ôfskieding stribbet, wurdt faak in ôfskiedingsbeweging of ûnôfhinklikheidsbeweging neamd.

In demonstraasje foar de ôfskieding fan East-Timor fan Yndoneezje yn 1999.

Ornaris wurdt de term sesesje brûkt foar de ôfskieding fan in subnasjonale entiteit, lykas in provinsje of it wengebiet fan in etnyske groep dy't in eigen steat fêstigje wol. Ut it proses fan sesesje ûntsteane sadwaande faak nije lannen, hoewol't it ek wêze kin dat it ôfskate gebiet net selsstannich wurde of bliuwe wol, mar ynstee stribbet nei oansluting by in buorlân. Fral oan 'e ein fan grutte konflikten komt it gauris foar dat gruttere steaten útinoar falle en troch sesesje nije steaten ûntsteane. Sa foel nei de Earste Wrâldoarloch Eastenryk-Hongarije útinoar yn Eastenryk, Hongarije, Joegoslaavje, Tsjechoslowakije, Transsylvaanje (dat by Roemeenje kaam te hearren) en Galysje (dat ûnderdiel fan Poalen waard), en foel yn 1991, oan 'e ein fan 'e Kâlde Oarloch, de Sovjet-Uny útinoar yn fyftjin ûnderskate nije steaten.

Sesesje liedt gauris ta oarloch as de steat dêr't it ôfskate gebiet earder ta hearde, him net dellizze wol by it ferlies oan grûngebiet. Dan kin it wêze dat de oarspronklike steat triomfearret en it ôfskate gebiet wer weromkomt by it lân dêr't it earder te hearde. Soks barde bygelyks nei de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) mei de Konfederearre Steaten fan Amearika, dy't wer diel útmakken fan 'e Feriene Steaten, en nei de Biafraanske Oarloch (1967-1970) mei Biafra, dat wer by Nigearia kaam. It kin lykwols ek wêze dat sa'n konflikt einiget yn 'e nederlaach fan 'e oarspronklike steat, wêrnei't it ôfskate gebiet foargoed ûnôfhinklik wurdt. Soks barde mei Kroaasje nei't Joegoslaavje ferslein wie yn 'e Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch en mei Súd-Sûdan nei de oerwinning op Sûdan yn 'e Sûdaneeske Boargeroarloch.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
INTERN 1