Olympyske Simmerspullen 1976
De Olympyske Simmerspullen 1976 ek wol de XXIe Olympiade Olympiade neamd waarden yn 1976 yn Montreal, Kanada hâlden.
XXIe Olympiade | ||||
holden yn | Montreal, Kanada | |||
jier | 1976 | |||
dielnimmende atleten | 6.028 | |||
eveneminten | 198 yn 21 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 17 july | |||
slutingsseremoanje | 1 augustus | |||
edysjes | ||||
foarige | 1972 München | |||
folgjende | 1980 Moskou | |||
|
Medaljespegel
bewurkje seksjePlak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Sowjetuny | URS | 49 | 41 | 35 | 125 |
2 | East-Dútslân | GDR | 40 | 25 | 25 | 90 |
3 | Feriene Steaten | USA | 34 | 35 | 25 | 94 |
4 | West-Dútslân | FRG | 10 | 12 | 17 | 39 |
5 | Japan | JPN | 9 | 6 | 10 | 25 |
6 | Poalen | POL | 7 | 6 | 13 | 26 |
7 | Bulgarije | BUL | 6 | 9 | 7 | 22 |
8 | Kuba | CUB | 6 | 4 | 3 | 13 |
9 | Roemeenje | ROM | 4 | 9 | 14 | 27 |
10 | Hongarije | HUN | 4 | 5 | 13 | 22 |
Boycot
bewurkje seksjeYn 1976 waarden de Spullen troch 28 lannen ofisjeel boycot fanwege de Afrikaanske kwestje. Dat in protest wie fanwege de dielname fan Nij-Seelân omdat it Nij-Seelânske rugbyteam harren neat oanlutsen hiene fan de ynternasjonale sport boycot fan Súd-Afrika. As protest lutsen de measte Afrikaanske lannen har werom.
Boycotsjende Lannen
bewurkje seksje
Egypte, Kameroen, Marokko en Tuneezje lutsen har nei de earste dagen fan de Spullen ek noch werom yn ferbân mei de Afrikaanske kwestje.
Finansjeel drama
bewurkje seksjeMontreal luts trijehûndertfiiftich miljoen dollar út foar de Spullen. De Franske arsjitekt Roger Taillibert ûntwurp it stadion, dat doe unyk yn syn soarte wie: het dak iepen tidens de simmermoannen en koe oerdutsen wurde tidens de wintermoannen. It dak waard befêstige oan in oerhelljende toer dêr't ek sportsealen yn oanwêzich wiene. De plannen foar de bou fan it swimbad en de hurdfytsbaan wiene fan itselde bouwkundige lef. Dochs is de útfiering fan dizze plannen dreger as earder tocht. De hurde Kanadeeske winters fertraagen it proses; der wiene stakingen fan de boufakkers, de kosten wiene safier ûnderskat en der wie noch de bykommende druk fan de feiliigensmaatregels dêr't foldien oan wurde moast. Dat alles soarge foar in grutte efterstân dy't op in stuit der foar soarge dat sels de organisaasje fan de Spullen yn it gedrang kaam. Uteinliks moast de provinsje Québec him finansjeel boarch stelle moast om in fiasko te fermijen. Doe't Elizabeth II de Spullen iepene, wiene inkele bouwurken, wêrûnder it stadion, sels noch net iens klear. Uteinliks waard de toer fan it stadion pas nei de Spullen ôfmakke en hat it stadion nea echt in goed wurkjend útskowber dak hân. Montreal en Québec bleaune efter mei in grutte skuld fan inkele miljoenen.
Sporten
bewurkje seksje
Dielnimmende lannen
bewurkje seksje92 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Montreal. De lannen dy't skean skreaun binne, lútsen har inkele dagen nei it begjin fan de Spullen werom
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje
Olympyske Simmerspullen 1976 | |||
---|---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Basketbal | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Judo | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Wetterpolo | Wrakseljen |