Olympyske Winterspullen 1976
De Olympyske Winterspullen 1976, ek wol de XIIe Olympiade neamd, waarden yn 1976 yn Innsbruck, Eastenryk hâlden. Dat wie fan 4 oant en mei 15 febrewaris. De Spullen wiene eins oarspronklik oan Denver, yn 'e Feriene Steaten, ferjûn, mar dy stêd loek him yn 1972 werom. Innsbruck, dêr't in protte akkomodaasjes fan 'e Olympyske Winterspullen 1964 werbrûkt wurde koene, sprong doe yn it gat.
XIIe Olympiade | ||||
holden yn | Innsbruck, Eastenryk | |||
jier | 1976 | |||
dielnimmende lannen | 37 | |||
dielnimmende atleten | 1.123 | |||
eveneminten | 37 yn 6 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 4 febrewaris | |||
slutingsseremoanje | 15 febrewaris | |||
edysjes | ||||
foarige | 1972 Sapporo | |||
folgjende | 1980 Lake Placid | |||
|
Akkommodaasjes
bewurkje seksjeAkkommodaasje | Sport (en) | Kapasiteit |
---|---|---|
Axamer Lizum | Alpineskyen | Net neamd. |
Bergiselschanze | Skânsspringen | Net neamd. |
Eisschnellaufbahn | Reedriden | 7,000 |
Kominierte Kunsteisbahn für Bob-Rodel Igls | Bobslydzjen, Rodeljen | Net neamd. |
Messehalle | Iishockey | Net neamd. |
Olympiahalle | Keunstriden, Iishockey | Net neamd. |
Patscherkofel | Alpineskyen | Net neamd. |
Seefeld | Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skânsspringen) | Net neamd. |
Sporten
bewurkje seksjeOp de Spullen fan 1976 stiene seis sporten op it programma en 37 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.
Medaljes
bewurkje seksjeMedaljespegel
bewurkje seksjePlak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Sowjetuny | URS | 13 | 6 | 8 | 27 |
2 | East-Dútslân | GDR | 7 | 5 | 7 | 19 |
3 | Feriene Steaten | USA | 3 | 3 | 4 | 10 |
4 | Noarwegen | NOR | 3 | 3 | 1 | 7 |
5 | West-Dútslân | FRG | 2 | 5 | 3 | 10 |
6 | Finlân | FIN | 2 | 4 | 1 | 7 |
7 | Eastenryk | AUT | 2 | 2 | 2 | 6 |
8 | Switserlân | SUI | 1 | 3 | 1 | 5 |
9 | Nederlân | NED | 1 | 2 | 3 | 6 |
10 | Itaalje | ITA | 1 | 2 | 1 | 4 |
Dielnimmende lannen
bewurkje seksjeSânentritich lannen diene mei oan de Spullen. Andorra en San Marino makken harren debút. Sily, Yslân en Turkije makken harren rentree. Yn ferliking mei fjouwer jier lyn ûntbrutsen de Filipinen, Mongoalje en Noard-Korea.
Taiwan die foar it lêst ûnder dy namme en mei de read-blauwe flagge mei oan de Spullen. Under druk fan de ynternasjonale mienskip moast it tenei meidwaan as Sineesk Taipei en in spesjale Olympyske flagge fiere.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1976 Winter Olympics fan Wikimedia Commons. |