De Ontariomar (Ingelsk: Lake Ontario; Frânsk: Lac Ontario), is de eastlikste fan 'e fiif Grutte Marren fan eastlik Noard-Amearika, mei in oerflak fan 19.000 km². It djiptegemiddelde is 86 m, mei in djipste punt op 244 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 85 km, en op it langste punt 311 km. Metten neffens wetteroerflak is de Ontariomar de lytste fan 'e fiif Grutte Marren, mar as men nei wetterfolume sjocht, stribbet de mar dochs de folle ûndjippere Earymar foarby.

Ontariomar
De Ontariomar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
De Ontariomar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
geografy
type wetter mar
lokaasje easten fan Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
Kanada
koördinaten 43°7′N 77°9′W
ûnderdiel fan Grutte Marren
sifers
maks. lingte 311 km
maks. breedte 85 km
oerflak 19.000 km²
djiptegemiddelde 86 m
djipste punt 244 m
wetterfolume 1.640 km³
De Ontariomar by Toronto.

De Ontariomar wurdt oan 'e súd- en eastkant begrinzge troch de Amerikaanske steat New York, en oan 'e noard- en súdwestkant troch de Kanadeeske provinsje Ontario. It is de iennichste fan 'e Grutte Marren dy't gjin kustline hat mei de Amerikaanske steat Michigan. It is ek de lêste mar yn 'e keatling, en lit it wetter streamôf gean troch de rivier de Sint-Lawrence, dy't útmûnet yn 'e Atlantyske Oseaan.

De Kanadeeske provinsje Ontario is nei de mar ferneamd, en net oarsom, sa't wol tocht wurdt. Ontario is in wurd út 'e taal fan 'e Huroanen, in Yndiaansk folk dat yn dizze krite tige machtich wie doe't de earste Frânske ûntdekkingsreizgers dit diel fan Noard-Amearika besochten. De namme betsjut "Mar fan Glinsterjende Wetters".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES