Opera (taalkundich ûntstien út it meartal fan opus) is in foarm fan muzykteater, wêrby't meast in songen toanielstik, yn dichtmaten mei orkestbegelieding, útbylde wurdt. Opera is ûnderdiel fan de Westerske klassike muzykkultuer. Der binne ek net-Westerske foarmen fan muzykteater dy't faak Opera neamd wurde, mei in ûnderskiedend eigenskipswurd derfoar, bygelyks de Sineeske opera.

Ynterieur fan operahûs La Fenice yn Feneetsje yn 1837
Dizze side giet oer it songen muzykstik. Foar oare betsjuttings, sjoch: opera (betsjuttingsside).

De fjouwerhûndertjierrige skiednis fan de hjoeddeiske opera begjint yn Florence. Ein 16e iuw wie dêr in groep yntellektuelen fan doel it klassike drama lykas dat yn de Aldheid bestie, nij libben yn te blazen. Harren grutte foarbyld wie Aristoteles, dy't yn de fjirde iuw foar Kristus oer toaniel en muzyk skreaun hie, krekt oft dy twa saken deselde wiene. Neffens Aristoteles wie drama de imitaasje fan it libben, dat ferlibbene waard mei fersiering en meldij. Op basis dêrfan ûnderstelden de Florentinen dat it klassike drama folslein songen wêze moast. De earste komponist dy't soks yn de praktyk besocht, wie Jacopo Peri (1561-1633), dy't dêrfoar it Gryksk mytologyske drama Dafne brûkte. Syn wurk Euridice (1600) dat dêrút fuortkaam, waard dêrmei de earste opera.

Wichtige lettere operakomponisten wienen û.o. Monteverdi, Händel, Rameau, Gluck, Mozart, Rossini, Bellini, Donizetti, Berlioz, Verdi, Wagner, Bizet, Richard Strauss, Puccini, Janáček en Britten.

Opera, operette en musical

bewurkje seksje

Opera ûnderskiedet him fan musical en operette, dy't elk oan krekt deselde definysje foldogge as yn de yntroduksje oanjûn, troch in oantal nuânses dy't net altiten skerp ôfbeakene wurde kinne.

Opera's geane oars as operette en musical faak oer tragyske oant tige tragyske tema's, soms foar in modern publyk op gnyskjende ôf (Verdi, Donizetti). Der besteane lykwols ek komyske opera's (Mozart, Rossini). Yn in opera wurdt altiten alle tekst op muzyk setten. Die Zauberflöte en Die Entführung aus dem Serail fan Mozart binne dan goed besjoen eins gjin opera, mar in Singspiel. By opera wurde de lieten aria's neamd en yn musicals songs. Tusken de aria's yn wurdt der resitatyf brûkt. Yn de oare foarmen wurdt de tekst tusken de lietsjes op normale toan sprutsen (yn de oarspronklike ferzje fan Carmen bygelyks).

Yn de praktyk komt it derop del dat in bepaald werk by konsensus ta de opera's rekkene wurdt; sa net dan is it in operette as it om min ofte mear klassyk klinkende muzyk giet, en oars in musical.

  NODES
Done 1
see 1