It paapke (Saxicola rubetra) is in lytse sjongfûgel, dy't eartiids yndield wie by de lysterfûgels, Turdidae. Neffens nije opfettings heart de fûgel ta de ûnderfamylje fan de Saxicolinae (paapkefûgels) en de famylje fan de miggesnappers (fan de Alde Wrâld), Muscicapidae. It paapke is nau besibbe oan de readboarstfitop (Saxicola torquata) dêr't er ek in soad op liket.
De wittenskiplike namme fan it paapke betsjut 'readeftige bewenner fan rotsen'. It is in kompakt boud fûgeltsje mei brune streekjes, in ljochte boarst en in koarte sturt. It mantsje is wat sprekkender tekene en hat in readich boarst. Mantsje en wyfke hawwe beide in dúdlike eachstreek. Paapkes komme yn it briedseizoen yn suver hiel Europa foar. It is in typyske Europeeske soarte, mei't 95 % fan alle paapkes yn de wrâld dêr foar komme. Hy oerwinterret yn Afrika.

paapke
mantsje
wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai paapkes (Saxicola)
soarte
Saxicola rubetra
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
Aaien fan it paapke.

Status yn Nederlân

bewurkje seksje

It paapke wie foar 1940 noch in frijwat algemiene fûgel. Sûnt 1945 is de fûgel stadichoan yn de bedelte rekke, foaral yn it kultuerlânskip, dêr't er no út ferdwûn is. Om 1960 hinne wienen der faaks noch trije- oant fjouwertûzen briedpearen.[1] Neffens SOVON sakke it tal briedpearen yn de perioade 1990-2019 en bretten der yn 2019 noch sa'n 200-300 pear yn Nederlân.[2]
Yn Fryslân (meast yn de Wâlden) bretten der yn 2013-2015 sa'n 10-25. De soarte is yn 2004 as bedrige op de Nederlânske reade list byskreaun en stiet ek op de list fan 2016. Ynternasjonaal liket it sa mâl net, want it paapke wurdt yn 2016 noch as 'feilich' beskôge op de ynternasjonale IUCN reade list.

Lysters en Muscicapidae

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bijlsma, R.G., F. Hustings & C.J. Camphuysen, 2001. Avifauna van Nederland 2. ISBN 90-74345-21-2
  2. SOVON Verspreiding en aantalsontwikkeling van het paapje in Nederland.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saxicola rubetra fan Wikimedia Commons.
  NODES