Palermo (Sisyljaansk: Palermu) is de haadstêd fan 'e provinsje Palermo op it eilân Sisylje, dat krekt besuden it Italjaanske fêstelân leit. De stêd leit yn it noardwesten fan it eilân, oan de Tyrreenske See dat wer in part is fan de Middellânske See. Mei 626.291 ynwenners (2024) is Palermo de fyfte stêd fan Itaalje.

Palermo
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
Regio Sisylje
Sifers
Ynwennertal 626.291 (31.07.2024)
Oerflak 160,59 km²
Hichte 14 m boppe seenivo
Oar
Koördinaten 38° 06' N 13° 21' E
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Palermo
Kaart
Palermo (Sisylje)
Palermo
Dizze side giet oer de stêd op Sisylje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Palermo (betsjuttingsside).

Palermo is in universiteitsstêd.

De stêd is ryk oan monuminten en in oantal dêrfan steane sûnt 2015 ûnder de namme Arabysk-Normandysk Palermo en de katedralen van Cefalù en Monreale op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Op sa'n 30 kilometer ôfstân fan de stêd leit in fleanfjild: "Falcone e Borsellino". Mei de trein kinne oare parten fan it eilân maklik berikt wurde. Fierders beskikt de stêd oer in wichtige haven.

Koarte skiednis fan Palermo

bewurkje seksje

Yn de 7e of 8e iuw f.Kr. waard op it plak fan de stêd in koloanje stifte troch Fenisiërs. Letter kamen dêr de Griken te wenjen, dy't de stêd Panormos neamden, wat 'folsleine haven' yn it Gryksk betsjut. Wer letter krige de stêd de Latynske namme Panormus.

De Romeinen oermasteren Palermo by de earste Punyske oarloch. Nei de Romeinske tiid hearde Palermo in skoftsje by it Fandaalske ryk. Doe't dat Germaanske ryk ferneatige waard troch it Eastromeinske Ryk, kaam it ûnder it bewâld fan de Byzantinen.

Nei 831 krige Palermo te meitsjen mei de Arabyske oerhearsing, en waard it ien fan wichtichste stêden fan de destiidske wrâld. In pear jier letter, sûnt 1072, hearsken de Noarmannen oer de stêd. In protte fasetten fan dizze rike skiednis is yn de stêd noch hieltyd werom te finen.

Nijsgjirrichheden yn en om Palermo

bewurkje seksje
  • Archeologysk museum, "Museo Archeo logico Regionale"
  • Ignazio Mormino: museum fan keunst en archeology
  • Paleontologysk museum
  • Regionale galery fan Sisylje
  • Risorgimento: museum
  • Oratorio del Rosario di Santa Cita, oratorium
  • Teatro Biondo
  • Teatro Massimo
  • San Domenico, Basiliek, ien fan de nijsgjirrichste baroktsjerken fan Palermo
  • Piazza Marina, haadplein yn âld-Palermo yn de wyk Kalsa mei in protte palazzo's mei:
    • Santa Maria della Catena
    • Piazza Marina, plein
    • Museo Internazionale delle Marionette, marionettenpoppenmuseum
    • La Gancia, tsjerke
    • Palazzo Abatellis, mei in protte keunst
  • Catacombe
  • Monte Pellegriono, 429 hege berch yn natuerpark
  NODES
Done 1
see 3