Patriotten wienen de gearwurkjende demokraten en anti-steedhâlderlike reginten yn 1785. De demokraten wienen de opfolgers fan de teloarstelde Doelisten (Sjoch Oligargyske troebelen). Trochdat de prins him fan de herfoarmingen ôfkeard hie, stienen se no foar him oer, wêrtroch't hja de steun fan it legere folk misten; eigentlik wienen de boargerlike demokraten allinnich in roerige minderheid tusken de hearen, benammen de premiers en it "gemeen".

steedhâlder Willem V
Coert Lambertus fan Beyma, gravuere

Teoretysk boarten se bytiden mei de gedachten as folksoevereiniteit, mar se easken allinnich it ôfskaffen fan misbrûken en ynfloed fan it folk, neat nijs dus. Harren aristokratyske bûnsgenoaten woenen de premiers fuorthawwe, mar allinnich om sels yn alle rêst te regearen. Yn de Amerikaanske Frijheidsoarloch rôp de ynskiklikens fan Willem V en de Fryske Steaten foar Ingelân oer de ûntefredenheid fan de hanneldriuwende reginten. Doe't de oarloch in ramp waard en ek keizer Joseph begûn te driigjen, rûn de spanning op. Sûnt 1781 koenen de Patriotten rekkenje op Eastergoa en Westergoa; se waarden lieden troch in geheim kommitee (ûnder oaren Court Lambertus fan Beyma en Johannes Casparus Bergsma; sûnt 1782 gienen hja nei lanlike gearkomsten ta yn Amsterdam.

 
It eksersysjegenoatskip fan Snits, troch H. van de Velde, ca. 1786

Harren earste súkses wie de erkenning fan de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten op 26 febrewaris 1782; teffens pleite Fan Beyma ek, mar omdôch, foar boargerbewapening. De Steaten besochten al op syn foarstel de kwoata te ferleegjen fan 11,66% nei 8,66% (12 maart 1784). Dêrnei iepenen de patriotten de oanfal op de premiers, earst yn Dokkum. Fan Beyma brocht dêr in ferbûn fan seis stêden ta stân (Boalsert, Snits, Sleat, Drylts en Hylpen (27 juny 1783)). Ljouwert slute him ek al gau oan. Dizzen ûntlutsen har oan de prins, dat is te sizzen oan de premiers, it jaan fan op de stêden fallende ambulatware amten. It fersyk om legere kwoata hie by de generaliteit gjin súkses; de Steaten drigen op 25 july 1783 sels om troepen te stjoeren.

No akseptearren de steaten boargerbewapening. Yn Ljouwert en Dokkum waarden fuortendaliks frijkorpsen foarme neist de âlde skutterijen. De ferstânhâlding ûnder de Fryske patriotten waard der net beter op. Nei de frede mei Ingelân, doe't de steaten in ûndersykskommisje nei de kwoata ynstelden (4 maaie 1784) foel it geheim kommitee útien, al bleau de ynsidintele gearwurking. De demokraten treden no selsstannich op. 3 desimber 1784 fregen Ljouwerter boargers frije magistraatkeuze. 12 jannewaris 1785 fergaderen ôffurdigen fan de frijkorpsen yn it Swart Krús. Men trof elkoar yn boargersoasjeteiten. De Fryske Patriot begûn te ferskinen. Fan 6 oktober - 5 novimber 1785 wie de prins yn Fryslân. Hy wenne trou de gearkomsten fan de deputearren by en ta syn gelok stienen de koppen fan de patriotten foar elkoar oer yn de striid om it grytmansamt fan Frjentsjeradiel, dy't J.C. Bergsma wûn. Tenei late hy de prinsgesinden. Oan de boargers fan Ljouwert beloofde hy in nij reglemint op it stedsbestjoer, wêrby't de prins de ferkiezing fan de magistraat hâlde soe (20 oktober 1785). Hjirtsjin protestearre Hermannus Borgrink, by de eedôflizzing wegeren ferskillenden (24 maart 1786).

De striid waard no fûlder. Fan Beyma stelde om 'e nocht foar de neileving fan it reglemint reformatwaar fan 1748 te ûndersykjen. De Steaten ferbeanen alle rekwesten, frijkorpsen mochten gjin lotterij hâlde om oan jild te kommen, har net ûnderling ferbine en gjin politike partij steune. Oer dit Bloedplakkaat kaam de útbarsting pas letter yn Frjentsjer. In soad professors en studinten wienen dêr lid fan it frijkorps of boargersoasjeteit. Fan de lêste wie rektor magnifikus, Johan Valckenaer presidint. Doe't de Steaten oan professors en studinten ferbeanen hjiroan mei te dwaan (12 maaie 1787) drige de hegeskoalle leechrinne te sillen. De Steaten ferbeanen ynfier fan wapens, benammen om it Frjentsjerter 'definsjewezen' - yn konflikt mei Harns - dwers te sitten (25 maaie 1787). Ek oer oare foarfallen yn oare gewesten stienen de partijen faak skerp tsjinoer elkoar.

Doe't de Steaten mienden dat Hollân de gefolgen fan Goejanverwellesluis allinnich drage moast, wiisde de minderheid op de Uny fan Utert (26 july 1787) en gie yn Amsterdam yn berie. De Steaten hjitten gerjochtlik ûndersyk fan dizze hâlding (11 augustus 1787). Hjirnei fêstigen Fan Beyma en syn folgelingen har yn Frjentsjer en rieden mei manskippen en wapens in steatsgreep ta. Dêrtsjin stelde de Steaten in Kommisje fan definsje yn op 30 augustus 1787 dy't de frijkorpsen ophefte (4 septimber 1787). De 12 folmachten yn Frjentsjer ferklearren har ta de ienige wiere en beskôgen dy yn Ljouwert as fan harren amt ferfallen. De tsjinregearing koe ûnder oare steune op de frijkorpsen fan Frjentsjerteradiel, Barradiel en It Bilt, Ferwert, Stiens, Grou, It Hearrenfean, Arum en de besettingen fan Boalsert en Makkum. De Patriotten besetten fierder Warkum, Starum, Snits en De Lemmer (11 septimber 1787) en hellen safolle mooglik belestingjild op. Se krigen help út Hollân; De Steaten krigen troepen fan de prins. De batterij fan de Patriotten yn Stiens waard troch Steatetroepen oermastere op 20 septimber 1787.

 
Ien fan de trije ôfbylden fan de symboalyske eksekúsje fan Cornelis van den Burg op 16 maaie 1789 yn Ljouwert

De ûntknoping kaam troch de ynfal fan de Prusen op 20 septimber 1787. De Patriotten flechten út Frjentsjer (23 septimber) troch de Súdwesthoek nei Amsterdam. It kaam hjir en dêr ta plondering en fernieling. Om de twist by te lizzen hâlde men yn Balk in "fredesdrinkgelach" dêr't de pastoar en de learaar it wurd fierden. Nei werstel fan de oarder kundigen de Steaten in amnesty ôf, mar wol mei in soad útsûnderingen. Der folgen banfûnnissen en boetes; Frjentsjer moast syn poartedoarren misse. De kopstikken fan de Patriotten wykten út nei Frankryk, dêr't se al gau ûnderrjochte waarden yn revolúsje meitsjen. De boargemaster fan Bolwart, Cornelis van den Burg, war op 16 maaie 1789 yn Ljouwert symboalysk eksekútjierre, ien fan de swierste straffen, utsprutsen yn de Republyk yn de patriottentiid.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • W.W. van der Meulen, C.L. van Beyma (1894)
  • J.S. Theissen, Uit de Voorgeschiedenis van het Liberalisme in Nederland (Grins, 1928)
  • Wumkes, Kroniek
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Patriotten.
  NODES
mac 1
os 1